In lânskip is yn 'e geografy in útstrutsen stik lân mei dat him mei karakteristike (lânskipseigen) eleminten as in selsstannich gehiel ûnderskiedt fan oare, oanswettende gebieten. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan in lânskip is hoe't de natoer yntegrearre is yn eleminten dy't troch de minske makke binne of oarsom. As de natoer oerhearsket, sprekt men fan in natoerlânskip; as de troch de minske tafoege eleminten oerhearskje, sprekt men fan in kultuerlânskip. Yn 'e skilderkeunst is it fêstlizzen fan lânskippen ien fan 'e meast tradisjonele ûnderwerpen; keunstskilders dy't soks by de ein hawwe, wurde lânskipsskilders neamd.

In lânskip yn noardlik Mozambyk.

Lânskippen besteane út fjouwer kategoryen eleminten. Yn it foarste plak omfiemje se geologysk-geografyske eleminten fan lânfoarmen, lykas bergen, heuvels, in heechflakte, dellings, leechlân, sompen en oerflaktewetters (rivieren, beken, marren, puollen en de see). Dêropta omfetsje se ek (natuerlike) plantegroei lykas beammen (soms yn 'e foarm fan wâlden), strewelleguod, gerzen, krûden en blommen. Fierders binne der troch de minske tafoege eleminten, lykas wegen, huzen, pleatsen en oare gebouwen, mûnen, skippen, stekken, oanplante begroeiïng lykas hagen, útgroeven oerflaktewetters lykas kanalen, fearten en sleatten, en minsklike lânyndieling lykas greiden en ikkers mei har ôffredings. Ta einbeslút binne der dan ek noch flechtige eleminten dy't mei it waar te krijen hawwe, lykas wolkens, rein, wjerljocht, snie of sinneskyn.

Troch de kombinaasje fan 'e geologysk-geografysk oarsprong mei natuerlike foarmen fan begroeiïng en de troch de minske yn kultuer brochte eleminten jouwe lânskippen, dy't faak oer in perioade fan milennia kreëarre binne, in ferraning fan plak en libben wer. Gauris is de foarm dy't in lânskip oannimt fan fitaal belang foar de pleatslike en nasjonale identiteit fan 'e lju dy't der wenje. It oansjen fan in lânskip ûnderstipet it fêstlizzen fan it selsbyld dat de bewenners fan sa'n krite fan harsels hawwe, en fan it karakteristike gefoel dat in plak opropt by besikers út oare regio's wei. De Ierde ken in grut ferskaat oan lânskippen, dy't útinoar rinne fan poalstreken, toendra's en nullewâlden fia berchtmen, heuvelten, iepen flakten, mingde wâlden, leafwâlden, leechlân en moerassen nei tropysk reinwâld en woastinen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.