Milennium

(Trochferwiisd fan Milennia)

In milennium is in tiidrek fan tûzen jierren. Yn 't bysûnder is it ien út in rige fan milennia sûnt it begjin fan in jiertelling. Sa begûn op 1 jannewaris 2001 it tredde milennium fan de Kristlike jiertelling.

By de oergong fan it 1999 op 2000, it lêste jier fan it twadde milennium, wie der in probleem mei kompjûters, dat om de milenniumoergong it milenniumbrek neamd waard.

Yn dy jierren wienen der ek diskusjes of 1999 of 2000 it lêste jier fan it milennium wie. It jier 1999 is it lêste jier dat mei it sifer 1 begjint, en foar guon wie it dermei de ein fan it milennium. Fansels is elts jier de ein fan in milennium, en dit milennium soe dan de jierren 1000-1999 wêze, de tûzener jierren. In milennium earder hie dan de jierren 0-999 west.

De Kristlike jiertelling begjint lykwols mei it 1ste jier nei de berte fan Kristus, it jier 1. Dêrom wurdt it earste milennium fan dy jiertelling foarme troch de jierren 1-1000, en it twadde troch 1001-2000. Dêrmei wie 31 desimber 2000 de ein fan it twadde milennium fan de Kristlike jiertelling.

In milennium is tûzen jierren, hûndert desennia of tsien iuwen.

It wurd milenium komt fan it Latynske mille, wat 1000 betsjut.

Keppeling om utens

bewurkje seksje