In opfeart is de beneaming foar in feart dy't min ofte mear heaks op in oare feart stiet. De namme komt benammen foar yn Grinslân en Fryslân. In opfeart wurdt ek wol Skipsleat, Skipfeart of Brânsleat neamd. Dy nammen komme ek bûten de beide noardlike provinsjes foar.

De opfeart nei Mitselwier stiet heaks op de Súd Ie, Jouswier op de eftergrûn (2000)
De Seisbierrumer Opfeart

Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.

De namme 'brânsleat' ferwiist nei de oare reden om sa'n wetter oan te lizzen: de beskikking hawwe oer genôch bluswetter yn gefal fan brân.

In bulte fan dizze sydtûken hawwe harren funksje ferlern en binne no tichtsmiten.

In pear opfearten bewurkje seksje