Miedum (Ljouwert)
Miedum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Miedum leit noardeastlik fan Lekkum, westlik fan Gytsjerk en besuden Wyns. Miedum hat gjin doarpskearn, de Miedumer toer stjit oan de Canterlanswei mei dêr omhinne troch de himrik fersprate bebouwing.
Miedum | ||
Miedumer toer | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 3,35 km² lân: 3,27 wetter 0,07 km² | |
Befolkingsticht. | 10 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14'N 5° 50'E | |
Doarpsgebiet fan Miedum yn de gemeente Ljouwert | ||
Offisjele webside | ||
Side doarpshûs Lekkum | ||
Kaart | ||
Miedum hat ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeMiedum betsjut 'wenje op 'e mieden' (gerslân). Foar de reformaasje foarme Miedum in selsstannige parochy, dêrnei fusearre it doarp ta ien tsjerklike gemeente mei Lekkum. Grut hat it doarp nea west, yn 1798 telde Miedum 63 ynwenners, hjoed-de-dei om en de by 35. It doarp hat nea in skoalle hân. Miedum hat mar in hiele lytse kearn en bestiet fierder fral út pleatsen.
Sûnt 1943 leit Miedum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel (noardertrimdiel).
Tsjerketoer
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Toer fan Miedum.
Yn de katolike tiid wie de tsjerke oan de apostel Jehannes wijd. Mei de reformaasje waard Miedum mei Lekkum yn de klassis Ljouwert ien tsjerklike gemeente. De tsjerke waard mooglik lykwols oan it begjin fan de 17e iuw noch in kear fernijd.
Yn 1834 waard de tsjerke ôfbrutsen doe't de ûnderhâldskosten te heech waarden foar de lytse mienskip. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e iuw. Ut de midsiuwen is net folle mear te sjen want yn de 19e iuw waard de toer mei oan trije kanten graubrune en oan de eastkant mei giele stientsjes ommitsele. Underyn binne kleastermoppen en roaswinkels brûkt, dy’t út de lette midsiuwen en mooglik fan de ôfbrutsen tsjerke stamme.
Nei de ôfbraak fan de tsjerke begûn de toer te fersakjen, sadat de Miedumer toer hjoed-de-dei de meast skeve toer fan Nederlân is.
Mienskip
bewurkje seksjeMiedum foarmet mei Lekkum en Snakkerbuorren al iuwen ien mienskip. De trije doarpen wurde ek wol 'De Trije Doarpen' neamd. Der is in protte gearwurking tusken de doarpen, benammen op it mêd fan kultuer. Sa bestiet ûnder oare in mienskiplik doarpsblêd, 'De Kobbeflecht'. De trije doarpen hawwe ek ien doarpsferiening, Doarpsbelang dy't him ynset foar de belangen fan de doarpsbewenners.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1796 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 86 | 74 | 61 | 45 | 34 | 28 | 30 | 33 |
Strjitten
bewurkje seksjeCanterlânswei, Wynser Binnepaad.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |