Feinsum
Feinsum (Nederlânsk: Finkum) is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It leit op de âlde kwelderwâl tusken Jelsum en Hijum. Neffens fynsten moatte dêr al yn it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. It doarp bestie út ferskate terpen. Der is eins nea in oanienboude buorren ûntstien. Bewesten Feinsum stiet de Slachdykstermole, in út 1864 datearjende poldermole, dy't yn 2007/2008 hielendal restaurearre is.

De namme Feinsum is net sa maklik te ferklearjen. Ek de ferhollânske foarmen binne net dúdlik. Ien ferklearring is dat it fan in persoansnamme komt. Finke, Fins en Feintsehiem soenen dan de basis wêze. Oaren tinke oan de fûgelnamme Fink. Wer oaren miene dat de betsjutting te krijen hat mei in min soarte fan turflân.
SkiednisBewurkje
Der wurdt tocht dat de earste Feinsumers fiskers west hawwe. Om’t de Middelsee op ‘en doer net sa maklik mear te berikken wie, soe men doe op lânbou oergien wêze.
Wis is dit net, mar it doarp soe ûntstien wêze om in úthôf fan Mariëngaarde hinne. Wol is wis dat it kleaster Mariëngaarde in grut part fan de grûn yn hannen hie.
Yn 1515 hat Feinsum in protte lêst hân fan de Swarte Heap. Yn 1515 sieten seis Gelderske soldaten, dy’t yn tsjinst fan de stêd Ljouwert stienen, yn ‘e toer yn Feinsum. De ‘Swarte Heap' stiek de toer yn ‘e brân. De Geldersken koenen soks net op har sitte litte. Yn Feinsum wie neat mear te heljen en se hawwe doe yn Koarnjum Martenastate yn 'e brân stutsen.
Nei't yn 1580 de macht fan Mariëngaarde ferdwûn wie, namen fjouwer aadlike slachten in Feinsum de macht fan it kleaster oer. De wichtichste famylje wie dy fan de Holdinga’s. Se wennen westlik fan de tsjerke. Yn 1511 waard Wiffka Holdingen neamd as bewenner fan Holdingastate. Yn 1640 wie Gratina fan Holdinga de eigeneresse fan Holdingastate. It slachte liket mei har útstoarn te wêzen.
Oare famyljes dy’t in Feinsum neamd wurde binne de Eminga’s en de Aebinga’s. Fan harren aadlike staten is neat fan werom te finen as de oerlevere nammen.
Ek yn Feinsum binne der terpen ôfgroeven. Hjirfoar waard in opfeart nei de Feinsumer Feart groeven.
TsjerkeBewurkje
De tsjerke fan Feinsum is de Sint-Fitustsjerke, dy't wijd is oan Sint Vitus. Dit tsjerkegebou is no op 'e noed fan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken.
It gebou ‘De Welkom’Bewurkje
Yn 1913 stiften de frije-evangelysken út Alde Leie yn Feinsum in evangelisaasjegebou dat de namme ‘De Welkom’ krige. It waard foaral brûkt foar it hâlden fan sneinsskoalle. Yn ‘e wike waard it brûkt troch sawol de frije-evangelysken as de herfoarmen. Yn 1950 is it gebou sletten.
It roggejildBewurkje
Hoe’t it fûns fan it roggejild foar in útkearing oan de earmen fan Hallum, Hijum, Feinsum, Aldeleie en Aldebiltsyl der kommen is net dúdlik. Der kin hjir tocht wurde oan in oarspronklik fûns fan Mariëngaarde. Doe’t de provinsje it besit fan it kleaster oernommen hie, wie der tusken de earmfâdijen elk jier in bedrach fan trochinoar 500 gûne te ferdielen. Yn ‘e rin fan de tiid wie it roggejild oprûn ta 800 gûne. Yn de Frânske tiid waard it roggejild net útbetelle, mar 1816 naam it Ryk de ferplichting oer. It ryk hat him hjir net altyd oan holden, mar nei 1837 waard it roggejild elts jier wer útkeard. Om 1858 hinne is der in nije regeling tusken de earmfâden fan Ljouwerteradiel en it Ryk kommen. It Ryk kocht de ferplichting ôf.
De halte Feinsum fan it Noarder LokaalspoarBewurkje
Feinsum hie ek in halte fan de tredde klasse fan it Noarder Lokaalspoar. Nei’t de treinen net mear rieden, is it stasjonsgebou op fersyk fan de ANWB, fanwege de ferkearsfeiligens, ôfbrutsen. It spoar is noch lang brûkt foar it ferfier fan ierappels. In stikje fan it âlde spoar is no it fytspaad tusken Feinsum en Stiens.
MienskipBewurkje
De feriening foar Doarpsbelang fergadert yn de konsistoarjekeamer fan it tsjerke. It ferienigingslibben spilet him foar it grutste part yn ‘e mande mei Hijum ôf. In fytspaad ferbynt it doarp mei it oardel kilometer fierderop lizzende Hijum wêr't ek in doarpshûs is. De feestvereniging "Mei elkoar ien" organisearret foar Hijum en Feinsum alle jierren it doarpsfeest, it Iene jier yn Hijum it oare jier yn Feinsum. In pear kear yn 't jier ferskynt foar beide doarpen it krantsje "De Rattelwacht".
YnwennertalBewurkje
Feinsum hat no sa’n 160 ynwenners. Dat hat twa kear sa heech west. Troch’t Aldeleie in selsstannich doarp wurden is, moast Feinsum in fear litte. Boppedat hat de ûntfolking fan it plattelân hjiryn ek meispile.
StrjittenBewurkje
Breedyk, Hege Hearewei, Holdingawei, Iestdyk, Poeldyk, Poelhuzen.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaard • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |