Fjirtjin Needhelpers

De Fjirtjin Needhelpers foarmje in groep hilligen yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't oanroppen wurde kinne foar ferskillende krupsjes. De hilligen yn de groep wurde ek yndividueel yn ferskillende kristlike streamings fereare.

Fjirtjin Hillige Needhelpers (Sint-Nikolaastsjerke, Meran, Súd-Tiroal)

De earste ferearing fan de hilligen as groep datearret út it begjin fan de 14e iuw yn it Dútske Rynlân, nei alle gedachten doe't de pest yn it gebiet omwierre. Fral yn Dútslân binne der tsjerken te finen dy't oan de fjirtjin needhelpers wijd binne. De bekendste dêrfan it de basilyk Vierzehnheiligen by Bad Staffelstein. Oare oan de hilligengroep wijde tsjerken binne te finen yn Eastenryk, Switserlân, Poalen, Tsjechje en Itaalje.

Sintraal steane trije froulike martlers, oer wa't yn Dútslân in folgjende rymke bestiet:

  • Sankt Margareth mit dem Wurm
  • Sankt Barbara mit dem Turm
  • Sankt Katharina mit dem Radl
  • Das sind die heiligen drei Madl

Der komme yn de list ôfwikings foar by de alve manlike needhelpers, dy't regionaal troch oare hilligen ferfongen wurde. Dy oare hilligen binne:

De measte needhelpers binne yn de jierren 1960 fan de roomske hilligenkalinder skrast om't hurde bewizen fan harren bestean ûntbrekke.

De wenstige list fan de Fjirtjin Hillige Needhelpers bestiet út de folgjende hilligen:

Ofbyld Namme Oanroppen tsjin/foar: Oare ynformaasje Betinkingsdei
Kájov - Marienkapelle 10 Leonhardsaltar St.Achatius.jpg Achatius by eangstme yn de deadsstriid Oanfierder fan tsientûzen martlers, dy't ûnder keizer Hadrianus (117–138) op de berch Ararat fanwegen harren leauwen krúsige waarden. 22 juny
Bingen am Rhein, Sint-Martensbasilyk, byld Barbara fan Nikomeedje.jpg Barbara tsjin koarts, by tonger en tsjin fjoer; beskermhillige fan minsken op harren stjerbêd, mynwurkers, geologen, klokkejitters, arsjitekten, metaalbewurkers, mitsliers, timmerlju, dakdekkers, deagravers, elektrisiteitsmanlju, jongfammen en finzenen Neffens de oerlevering yn in toer opsletten, mishannele en ûnthalze. 4 desimber
Ca' Rezzonico - Salla Tiepolo - San Biagio by Giambattiasta Tiepolo.jpg Blasius by pine yn 'e kiel, swollerij, pest, foar in goede bycht; beskermer fan it fee en patroan fan in soad ambachtslju Biskop fan Sebaste (Armeenje, tsjintwurdich Sivas yn Turkije); ferstoar om 316 hinne troch ûnthalzing. 3 febrewaris
Paris - Cathédrale Notre-Dame - Portail de la Vierge - PA00086250 - 003.jpg Dionysius tsjin pine 'e holle en hûnsdûmens, syfilis, longsyktes en sieleneed Kaam yn de 3e iuw as misjonaris nei Galje en waard dêr troch de romeinske steedhâlder feroardiele ta ûnthalzing. 9 oktober
Deathgiles.jpg Egidius by de bycht en memmen dy't it boarst jouwe Ek bekend as Sint-Gillis. De iennige needhelper dy't net tamtearre waard, stifter fan it benediktynske kleaster Sint-Egidius yn de Provence. 1 septimber
Überlingen Münster - Annenaltar 2 Erasmus.jpg Erasmus by pine yn 'e búk, lêst fan de terms, krampen, maachsyktes, wurdt oanroppen by bertes en syktes fan hûsdieren Ek bekend ûnder Sint-Elmo. Syn beulen skuorden him de terms út it liif, mar hy wist te ûntkommen. 2 juny
Beafeartstsjerke Marije-Fisitaasje (Hehn, Mönchengladbach), byld Sint-Eustachius.jpg Eustachius by drege libbenskwestjes en by it ferwurkjen fan rou; oarspronklik de patroanhillige fan jagers Wurke yn it leger ûnder keizer Trajanus (53–117), waard fanwegen syn leauwe om 120/130 hinne ûnder keizer Hadrianus eksekutearre. 20 septimber
Hoch-Elten, Sint-Vituskerk - beeld kerkpatroon.jpg Fitus by kramp, epilepsy, hûnsdûmens, de Sykte fan Huntington (ek Sint-Fitusdûns neamd), bêdpisjen en by slangebiten; patroanhillige fan aptekers, wynmakkers, dûnsers, akteurs, bierbrouwers, kastleins De arts fan keizer Maksimiaan, om 305 nei Kristus ûnder de kristenferfolging fan Diokletianus fermoarde. 15 juny
Franz Pforr - St George and the Dragon - WGA17399.jpg Joaris foar goed waar, helper by kriichsgefaar, koarts, pest, ferlieding; beskermd hûsdieren Romeinsk ofsier dy't as kristlike martler yn de 4e iuw ûnthalze waard; neffens in leginde wurdt er as drakendeader beskôge. 23 april
Bingen am Rhein, Sint-Martensbasilyk, byld Katarina fan Aleksanderje.jpg Katarina by swierrichheden mei it spraakfermogen, patroanhillige fan famkes, jongfammen, troude froulju, gelearden en in soad ambachten. Ferstoarn troch ûnthalzing, nei't earder it rêd briek dêr't hja op lein waard. 25 novimber
Münster2018 (83).JPG Kristoffel oanroppen tsjin in ûnferwachtse dea, redding by elts gefaar; tsjin û.o. de fallende sykte, tonger, hongersneed en heilstoarmen, pest, pine yn 'e tosken, Patroanhillige fan bôgesjitters, sjauffeurs, seelju, lju dy't yn griente en fruit hannelje, boekbiners, reizgers. Kristusdrager, is fan de hilligenkalinder skrast, mar wurdt lokaal noch wol fereare. 24 july
St Margaret and the Dragon (Raphael).jpg Margareta by alle wûnen; patroanhillige by befallings Yn 305 ûnder keizer Diokletianus ûnthalze; wurdt yn de ikonografy faak mei in draak as symboal fan de duvel ôfbylde. 20 july
Iaroslavl Cathédrale de la Dormition (6).JPG Pantaléon tsjin pine yn 'e holle, útputting en ferienlikjen, tsjin sprinkhoannen en feesyktes; patroanhillige fan dokters en kreamheinsters De arts fan keizer Maksimiaan; om 305 nei Kristus ûnder de kristenferfolging fan Diokletianus fermoarde. 27 july
Hehn, Grottenanlage St. Cyriakus.jpg Syriakus by de deadsstriid tsjin ferlieding Diaken, om 305 nei Kristus ûnder de kristenferfolging fan Diokletianus fermoarde. 8 augustus

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.