Hubertus fan Luik
Hubertus fan Luik (± 656 – 30 maaie 727) waard yn 708 biskop fan Luik en is in kristlike hillige. Hy stiet bekend as de "Apostel fan de Ardennen" en is beskermhillige fan de jagers. Oant yn de 20e iuw waard de hillige oanroppen om hûnsdûmens te genêzen troch de Hubertuskaai te brûken.
Hubertus fan Luik | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 656 | |
berteplak | Akwitaanje (Toulouse ?) | |
stjerdatum | 30 maaie 727 | |
stjerplak | Voeren, Belgje | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Anglikaanske Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke | |
hjeldei | 3 novimber | |
attributen | Hart mei krús tusken de hoarnen, krúsbôge, in jachthoarn, in hûntsje, in kaai (om hûnsdûmens mei te genêzen), somtiden wurdt er as jager of as biskop útbylde | |
patroan fan | Jagers, wiskundigen, optisiens en metaalbewurkers |
Hubertus waard yn de midsiuwen yn grutte dielen fan Europa fereare. De ikonografy fan syn leginde wurdt fakentiden betiizgde mei dy fan Sint-Eustachius.
Hy ferstoar op 30 maaie yn it jier 727 yn of by in plak mei de Latynske namme Fura. Eartiids mienden se dat dat Tervuren by Brussel yn Belgje wie, mar tsjintwurdich tinke gelearden dat it Voeren west hawwe moat, tusken Maastricht en Luik. Hubertus wurdt betocht op 3 novimber.
Jonkheid
bewurkje seksjeHubertus waard yn likernôch it jier 656 yn Akwitaanje (mooglik yn Toulouse) berne as de âldste soan fan hartoch Bertrand. As jonge waard er nei it hôf fan Theurderik III yn Parys yn doedestiidske Neustrje stjoerd. Lykas in soad oare manlju fan syn stân mocht Hubertus him dêr graach fermeitsje troch te jeijen, mar de tirranike lieding fan hôfmeijer Ebroin feroarsake in eksoadus fan ealju nei it hôf fan Austraasje yn Metz. Al gau folge Hubertus de oaren en waard dêr troch Pepyn fan Herstal waard wolkom hjitten, dy't him fuort de lieding joech oer it hûshâlden.
Likernôch yn dy tiid (683) boaske Hubertus Floribanne, de dochter fan Dagobert, greve fan Leuven. Harren soan Floribert soe letter biskop fan Luik wurde.
It fizioen fan Hubertus
bewurkje seksjeNei't syn frou by de berte fan harren soan ferstoar loek Hubertus him werom fan it hôf yn de wâlden fan de Ardennen, dêr er him úttjirge mei it jeien op wyld. In grutte ommekear kaam doe't op in Goed Freed de tsjerken fol sieten mei minsken, wylst Hubertus him wer ris ôfjoech om te jeien yn de bosken.
Wylst er dêr efter in grut hert oan siet, draaide it bist him ynienen om en seach Hubertus in krúsbyld tusken de hoarnen fan it hart. Tagelyk hearde Hubertus in stim sizzen: "Hubertus, as jo jin net ta de Heare keare en gjin hillich libben liede wolle, dan sille jo gau de hel sjen". De skrokken Hubertus gyng fan 't hynder, bûgde him foar oer en frege: "Heare, wat wolle jo dan dat ik doch?" As andert krige er dat er Lambertus opsykje moast en dat dy him wol oanwizings jaan soe.
It ferhaal fan it hart ferskynt foar it earst yn ien fan de lettere legindaryske samling fan hilligenlibbens (Bibliotheca hagiographica latina, nûmers 3994-4002) en waard oernommen fan de leginde fan Sint-Eustachius. Yn it fizioen fan Hubertus soe it hert him sein ha dat er de bisten as Gods skepsels sjen moast, dy't in eigen wearde en rjochten hawwe en him ynstruksjes jûn ha wat wol en wat net yn de jacht tastien wurde koe om sa ta in humanere jacht-etyk te kommen.
Hubertus sette nei it fizioen fuort ôf nei Maastricht, want dêr wie Lambertus biskop. Lambertus helle him freonlik yn en begeliede Hubertus yn religieuze saken. Hubertus die ôfstân fan alles en joech syn berterjochten yn Akwitaanje troch oan syn jongere broer Odo, dy't ek op syn soan Floribanne passe moast. Nei't er al syn besit ferdield hie en foar preester studearre hie, waard er ynwijd en ien fan Lambertus' neiste meiwurkers yn it bisdom. Op oantrunen fan Lambertus makke Hubertus yn 708 in pylgertocht nei Rome. Mar wylst Hubertus yn Rome wie, waard Lambertus fermoarde troch oanhingers fan Pepyn. Hilligebeskriuwings wolle ha dat de paus yn in fizioen fan de moard op de hichte steld waard en dat yn dat fizioen Hubertus as opfolger oanrikkomandearre waard.
Hubertus waard de opfolger fan Lambertus en ferdielde syn ynkomsten as biskop ûnder de earmen. Hy wie krigel en sekuer yn de fêstel- en gebedstiden en ferneamd fanwegen syn preken op de kânsel. Yn 720 liet Hubertus it omskot fan Lambertus opgrave en yn in grutte prosesje yn oanwêzigens fan biskoppen út oanbuorjende bisdommen oerbringe nei Luik, dêr't Lambertus de martlersdea ferstoar. Oer it nije grêf yn Luik, dat doe noch mar in lyts doarpke wie, waard in basilyk boud en in jier letter waard it in katedraal doe't it bisdom fan Maastricht nei Luik ferhûze.
Hubertus wurke as apostel ûnder de heidenen yn de bosken fan de Ardennen en ûnder de Toksandrjers, in gebiet dat tusken Tongeren en de rin fan de Waal en de Ryn lei.
Dea
bewurkje seksjeHubertus slepte yn in plak mei de namme Fura op 30 maaie 727 of 728 rêstich yn, likernôch 45 kilometer fan Luik. Ynearsten waard Hubertus byset yn de Petrustsjerke fan Luik. Dêr waard er yn 825 opgroeven en oerbrocht nei de Benediktynske Abdij fan Andage ("Andagium", it hjoeddeiske Saint-Hubert yn Belgje) yn the Ardennen. De abdij waard in drokbesocht plak foar pylgers oant de reliken yn de tiid fan de reformaasje ferdwûnen.
De feestdei fan Hubertus is 3 novimber, nei alle gedachten de dei fan it oerbringen fan syn reliken nei Andage.
Ferearing
bewurkje seksjeSint-Hubertus waard yn de midsiuwen yn grutte dielen fan Europa fereare. Ferskillende ridderoarders waarden nei him ferneamd. Op Hubertusdei waard eartiids bôle, sâlt en wetter wijd en it iten of drinken derfan soe helpe tsjin hûnsdûmens en slangebiten.
Hy is beskermhillige fan de jagers. Boppedat is er de patroan fan hûnen as helper tsjin hûnsdûmens, bûntbewurkers, slachters, metaalbewurkers, buksenmakkers. optisiens, wiskundigen en minsken dy't wiskundige apparaten meitsje.
Mei Quirinus, Kornelius and Antonius is Hubertus ien fan de Fjouwer hillige Maarskalken, dy't as beskermhilligen by net te ferklearjen syktes yn benammen it Rynlân oanroppen waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|