Maastricht

gemeente yn de Nederlânse provinsje Limburg

Maastricht (Limburchsk: Mestreech) is de haadstêd en grutste gemeente fan de Nederlânske provinsje Limburch, mei likernôch 121.000 ynwenners op slach fan 2022. Dernjonken is it in stêd mei in rike histoarje en in wichtige betsjutting as toeristeplak. Maastricht leit oan de Maas.

Lokaasje fan de gemeente Maastricht yn Limburch
Kaart fan Maastricht
 
De "Vriethof" yn Maastricht

De skiednis fan Maastricht giet werom oant de Romeinske tiid, doe't it as Mosae Trajectum, dat is "in krúswei by de Maas", stifte waard. Yn dy tiid waard ek al in brêge slein oer de Maas, dy't yn 'e Midsiuwen ôftakele is. Archeologyske fynsten wize út dat it plak by it kommen fan de Romeinen al in pear hûndert jier bewenne wie.

Yn 'e Midsiuwen waard de stêd troch de hannel oer de Maas in rike havenstêd, mar foaral waard er populêr as pylgerstêd foar de hillige Sint-Servaas, dy't hjir ferstoarn is en foar wa't in Romaanske tsjerke oprjochte waard, de grutste fan Nederlân yn syn styl. Wat de stêd wol hindere wie de Twahearigens, dy't sûnt 1204 bestie: sawol de hartoch fan Brabân as de prinsbiskop fan Luik hienen hjir wat te sizzen en belêsting te heffen. Dat duorre oant de Frânske ferovering yn 1794.

Mei it ôflitten fan it kalvinisme troch de noardlike Nederlannen bleau Maastricht, krekt as de wide omkriten, katolyk. By de Frede fan Münster yn 1648 kaam Maastricht yn in enklave tusken it Spaansk en Keulsk gebiet te lizzen. As katolyk gebiet hie dy enklave gjin stim yn de Steaten-Generaal. In 1794 is Maastricht troch Frankryk beset.

Doe't yn 1815 it Keninkryk fan 'e Nederlannen oprjochte waard, waard Maastricht de Haadstêd fan in nije provinsje, dy't earst ek Maastricht hjitte soe mar letter Limburch neamd waard. Dy besloech it moderne Nederlânske en Belgyske Limburch. Yn 1830, doe't de súdlike Nederlannen har ofskieden, keas hiel Limburch de kant fan Belgje. Yn Maastricht wie in garnisoen Nederlânske soldaten, wêrtroch't de stêd foar Nederlând behâlden waard en men yn 1839 besleat de provinsje Limburch yn twa stikken op te dielen.

No't Maastricht sa yn in hoekje lei koe it him net wer ekonomysk ûntwikkelje. Wol kamen der in pear fabriken, mar noch altiten libbe twa tredde oant trije kwart fan de befolking sûnder wurk en fier ûnder de earmoedegrins. Earst nei 1900 ûntwikkele de stêd him better en waard it ek in echte Nederlânske stêd, foaral mei it Noarden ferbûn.

Tal ynwenners

bewurkje seksje
  • 2022 - 121.151 [1]

Stêdebannen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Limburch
 
Flagge fan de provinsje Limburch
Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart
  ·   ·