Koblenz
Koblenz is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd is nei Mainz en Ludwigshafen de tredgrutste stêd fan de dielsteat Rynlân-Palts. Koblenz is sûnt it jier 1962 in Dútske Großstadt.
Koblenz | ||
![]() | ||
De mûning fan de Mûzel yn Ryn by Deutsches Eck | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 113.388 (gemeente) (2021) [1] | |
Oerflak | 105,25 km² | |
Befolkingsticht. | 1.077 ynw./km² | |
Hichte | 73 m. | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
Oar | ||
Postkoade | 53913 | |
Koördinaten | 50° 21' N 7° 35' E | |
Offisjele webside | ||
Side Koblenz | ||
Kaart | ||
Geografy Bewurkje
Koblenz leit oan it plak dêr't de Mûzel yn de Ryn mûnet. Likernôch 60 kilometer fierder de stream ôf leit Bonn en 90 kilometer de stream op de stêden Wiesbaden en Mainz. Oan de súdlike kant grinzget de stêd oan de útrinners fan de Hunsrück en yn it wêst it heuveleftige lânkskip fan it Maifeld. De stedsdielen oan de rjochter kant fan de Ryn lizze yn de útrinners fan it Westerwald.
Skiednis Bewurkje
Romeinen Bewurkje
Koblenz fierde yn 1992 it 2000-jierrich bestean en heart ta de âldste stêden fan Dútslân. De oarspronklik latynske namme Confluentes ferwiist nei de lokaasje fan de stêd dêr't de Mûzel yn de Ryn mûnet op it plak dat Deutsches Eck neamd wurdt. Al yn de Stientiid waard it gebiet fan de stêd bewenne. De Romeinen bouden in fersterke delsetting en yn de tsjintwurdige binnenstêd fan Koblenz ûnstie it Kastiel Confluentes, dat de Romeinske wei lâns de Ryn (Mainz–Keulen–Xanten) beskermje moast. Mei de bou fan it romeinske kastiel Niederberg waarden de Limes en de earste brêgen oer de Ryn en Mûzel befêstige.
Midsiuwsk Koblenz Bewurkje
Nei't de Romeinen harren weromlutsen yn de 5e iuw oermasteren de Franken de stêd. Der ûnstie in keningshôf en yn de yn 836 wijde Kastortsjerke fûnen ûnderhannelings plak tusken de trije pakesizzers fan Karel de Grutte, dy't mei it Ferdrach fan Verdun fan 843 lieden ta de opdieling fan it Frankyske Ryk.
Yn de tiid dêrnei bloeide Koblenz ûnder aartsbiskoppen en karfoarsten. Der waarden in soad kulturele monuminten boud lykas tsjerken en kastielen. Ut de op de Ehrenbreitstein om 1020 hinne boude boarch ûnstie stadichoan de fêsting Ehrenbreitstein. Yn de 12e iuw bouden de aartsbiskoppen fan Trier de Florinus- en Us-Leaffrouwetsjerke. Yn de 13e iuw waard súdlik fan de stêd it kastiel Stolzenfels boud. Om de kontrôle op de nei ûnôfhinklikens stribjende stêd te hâlden bouden de Trierske aartsbiskoppen de Alde Boarch (Alte Burg). In iuw letter waard mei de bou fan de Balduinbrêge foar it earst sûnt de Romeinen wêr in fêste brêge oer de Mûzel oanlein.
Karfoarst Philipp Christoph fan Sötern ferhûze yn de Tritichjierrige Kriich syn sit fan Trier nei it nije Slot Philippsburg oan de foet fan de fêsting Ehrenbreitstein.
18e - 19e iuw Bewurkje
Yn 1786 ferhûze karfoarst Clemens Wenzeslaus fan Saksen nei it karfoarstlike Slot yn Koblenz. Dêr hearske er oer it karfoarstendom oant de besetting fan de stêd troch de Frânske Revolúsjetroepen. Fan 1789 oant 1794 (en dêrnei op de Fêsting Ehrenbreitstein oant 1799) hiene anty-revolúsjonêren út de rûnte fan de bruorren fan Loadewyk XVI harren nei Koblenz werom lutsen. De anty-revolúsjonêren bestjoerden mei tank oan harren omke Wenzeslaus Koblenz as "Lyts-Parys" relatyf selstannich, oant it dêrnei de stêd troch Severin Marceau oermastere waard.
De Russen makken in ein oan de Frânske besetting en it Weenske Kongres wiisde yn 1814-1815 al it besit fan it karfoarstendom Trier oan Prusen ta. Under Prusysk bewâld waard Koblenz útboud ta ien fan de sterkste fêstings fan Europa. Ek it Slot Stolzenfels waard yn de 19e iuw werboud en der waard in brêge oer de Ryn oanlein. Yn 1858 krige de stêd mei de nije spoarbrêge oer de Mûzel oansluting op it spoar. Yn de rin fan de 19e iuw soe de fêsting Koblenz troch feroarjende kriichtechniken oan belang ôfnimme en sûnt 1890 waard der begûn oan it sljochtsjen fan de fêstingwurken om de stêd hinne. Foar it earst koe der no bûten de âlde troch de fêstingswurken beheinde stedsgrinzen boud wurde.
Yn 1897 waard oan de mûning fan de Mûzel ta neitins oan keizer Wilhelm I, dy't mei syn frou Augusta foar it bestiigjen fan de troan foar in skoft yn Koblenz wenne hie, yn oanwêzigens fan keizer Wilhelm II it Kaiser-Wilhelm-Denkmal ûntbleate.
20e-21e iuw Bewurkje
Yn de 20e iuw groeide de stêd mei de oanlis fan nije wiken. Op it plak fan in eardere stedspoarte waard yn 1903 de monumintale Hillich Herttsjerke ynwijd. In jier earder waard súdlik fan de binnenstêd it nije stasjon oplevere. Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd earst troch Amerikaanske en dêrnei troch Frânske troepen beset.
Yn 1932 waard de Pfaffendorfer brêge ferfongen troch in nije brêge. Twa jier letter folge de iepening fan in nije brêge oer de Mûzel, om't de âlde Balduinbrêge it tanimmende ferkear net mear oan koe.
De bombardeminten op de stêd yn de Twadde Wrâldkriich yn 1944 troch de Royal Air Force leine Koblenz foar 87% yn pún. Op 18 en 19 maart 1945 oermasteren Amerikaanske troepen Koblenz. Koblenz kaam yn de Frânske besettingssône te lizzen. De stêd waard nei de kriich stadichoan wer opboud, mar in soad fan de histoaryske gebouwen wiene foar ivich ferlern gien.
Op de Rittersturz-Konferinsje fan 1948 waard de basis lein foar de gearfoeging fan de trije westlike besettingssônes en de stifting fan de Bûnsrepublyk Dútslân. Yn it ramt fan de herbewapening fan West-Dútslân wie Koblenz sûnt it midden fan de jierren 1950 wer in garnizoensstêd. Yn it jier 1962 krige de stêd mear as 100.000 ynwenners en dêrmei waard Koblenz in Großstadt. De lêste manskippen fan it Frânske garnizoen ferlieten Koblenz yn 1969.
In grut projekt foar de bou fan de súdlike brêge oer de Ryn waard yn 1975 ôfsletten. By de bou fan de brêge fûnen twa tragyske ûngemakken plak. Yn 1971 stoartte in diel fan de brêge yn werby't 13 wurknimmers ferstoaren en likefolle slim ferwûne rekke. Op 21 septimber 1972 stoartte in oerspanning fan de brêge oer de Laubach yn, wêrby't seis wurknimmers it libben lieten.
Op 4 desimber 2011 moasten likernôch 45.000 Koblenzers út harren wentes evakuëarre wurde nei't by leechwetter yn de Ryn twa bommen út de Twadde Wrâldkriich ûntdutsen waarden. In 1,8 ton swiere Ingelske megabom waard demontearre en in lytsere Amerikaanske bom waard op it plak sels ta ûntploffing brocht. Njonken hûzen moasten ek twa sikehûzen, sân fersoargingshûzen en in finzenis ûntromme wurde. It wie de grutste logistike organisaasje yn it lân sûnt de Twadde Wrâldkriich.[2]
UNESCO Bewurkje
Dielen fan de stêd hearre ta it UNESCO-wrâlderfgoed. Sûnt 2002 is de stêd mei syn kultuermonuminten de noardlike poarte fan it kultuerlânskip Boppe-Middenryndelte. De lokaasje fan it eardere Kastiel Niederberg op de rjochter kant fan de Ryn stiet sûnt 2005 op de UNESCO-list as ûnderdiel fan 'e Boppegermaansk-Raetyske Limes.
It besjen wurdich Bewurkje
[[Obyld:Kastorkirche, Südost.jpg|thumb|260px|Sint-Kastorbasilyk]]
- Deutches Eck
- Binnenstêd
- Sint-Kastorbasilyk
- De fêsting Ehrenbreitstein
- It karfoarstlik paleis
- Jezuïetenplatz
- Us-Leaffrouwetsjerke
- Slot Stolzenfels
- Florinustsjerke
Musea Bewurkje
- Mittelrheinmuseum (regionale keunst)
- Ludwig Museum yn it Deutschherrenhaus (museum foar moderne keunst)
- DB Museum Koblenz-Lützel (treinmuseum)
- VFF Wehrtechnische Studiensammlung Koblenz (militêr museum)
- Mosellum (natoerhistoarysk museum mei de klam op it miljeu yn de Mûzel)
- Mutter Beethoven Haus (museum oer Ludwig Beethoven yn it bertehûs fan de mem fan de komponist)
- Landesmuseum
- Rhein-Museum (museum oer it libben op en oan de Ryn)
Berne yn Koblenz Bewurkje
- Henriette Sontag (1806-1854), operasjongster
- Friedrich Wilhelm Voigt (1833-1894), komponist, muzykpedagooch en dirigint
- Anton Diffring (1918-1989), akteur
- Michel Auclair (1922-1988), Frânsk akteur
- Valéry Giscard d'Estaing (1926), presidint fan Frankryk (1974-1981)
Ofbylden Bewurkje
-
Stolzenfels
-
Karfoarstlik Slot
-
Deutschherrenhaus
-
Alde Boarch
-
Balduinbrêge
-
Sint-Joazeftsjerke
-
Ehrenbreitstein
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |