Mei de Deutsche Eck (Dútske Hoeke) wurdt in keunstmjittige ophege lântonge yn de Dútske stêd Koblenz ornearre. It is it plak dêr't de Mûzel yn 'e Ryn mûnet. Oarspronklik wie it de namme foar in tichtebylizzende delsetting fan 'e Dútske Oarder, mar tsjintwurdich is it benammen bekend fanwegen it dêr't boude monumintale ruterstânbyld fan de earste Dútske keizer Wilhelm I.

Loftfoto fan de lântonge Deutsche Eck
Keizer Wilhelmmonumint

De Prusyske Rynprovinsje joech yn it ramt fan de 100e bertedei fan de keizer opdracht ta de bou fan it Kaiser-Wilhelm-Denkmal. It moast de stifting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 betinke en stie yn de tradysje fan in soad patriottyske monuminten út de keizertiid. De lokaasje waard troch keizer Wilhelm II keazen, de pakesizzer fan keizer Wilhelm I. Op 31 augustus 1897 waard it stânbyld yn syn oanwêzigens plechtich ûntbleate.

Flak foar it ein fan de Twadde Wrâldkriich waard it byld troch artillerybesjittings ferneatige. De sokkel waard fan 1953 oant 1990 troch Theodor Heuß feroare om de Dútske ienheid te betinken en mei wapens fan alle dielsteaten fersierd, ynklúsyf dy fan de gebieten dy't Dútslân ôfstean moatten hie nei de kriich. Nei de werieniging fan de twa Dútslannen ûnstie der diskusje oer de rekonstruksje fan it byld. Yn 1993 krige de sokkel in troch Raimund Kittl makke replika fan it eartiidske byld fan keizer Willem I.

De Deutsche Eck is in drok besocht plak foar toeristen. Op de Deutsche Eck is in kabelferbining oer de Ryn nei de fêsting Ehrenbreitstein.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: