Willem II fan Dútslân

(Trochferwiisd fan Wilhelm II fan Dútslân)

Friedrich Wilhelm (Willem)[1] Viktor Albert von Preussen (Potsdam, 27 jannewaris 1859 - Doorn (Nederlân), 4 juny 1941), út it Hûs Hohenzollern, wie fan 1888 - 1918 de lêste kening fan Prusen en de tredde en lêste keizer fan it Dútske Keizerryk. Willem wie de âldste soan fan Frederik III. Nei de dea fan syn heit (keizer Willem I) yn 1888 waard Willem II kening fan Pruisen en keizer fan Dútslân.

Willem II mei Auguste Victoria

Yn 1890 ûntsloech Willem II Bismarck, omdat hy syn eigen kânselier wêze woe. Willem II farde in eigen koers, dy't bekend waard ûnder de namme "Neue Kurs", wêryn't lykwols gjin echte line yn te ûntdekken foel. De brek mei Otto von Bismarck late ta in ûnoarderlik belied. Hy samle jaknikkers om him hinne, wêrtroch't hy by styeay wie om fout nei fout te meitsjen.
Willem II sei it werfersekeringsferdrach mei Ruslân op, wêrtroch't de relaasje fan Frankryk mei Ruslân ferstevige waard. Hy bersocht de sosjale omstannichheden fan de legere klassen te ferbetterjen, mar wie dêryn net súksesf. Ek joech er de boeren yn Súd-Afrika it idee har ûndersteune te sillen, mar luts dizze steun werom doe't de Boereoarloch útbruts. Ek wie hy troch ûnhandige aksjes mei skuldich oan it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch.

Balling yn Nederlân

bewurkje seksje

De Dútske Keizer Willem II moast oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch, yn 1918, Dútslân ferlitte. Him wie troch ien fan syn generaals de hearigens opsein. By greve Bentinck op it kastiel Amerongen yn Nederlân krige Willem II ynearsten in ûnderkommen. Yn 1920 kocht de eks-keizer yn Nederlân Hûs Doorn oan. Willem II liet yn it hûs frijwat feroarje om it nei syn winsken yn te rjochtsjen. Ek de yngong fan it terrein waard feroare. Oan de eastkant fan it foarplein fan it hûs waard in nij poartegebou setten.

Kastiel Doorn

bewurkje seksje
 
Willem II mei frou en styfdochter yn Doorn (1931)

Doe't eks-keizer Willem II him definityf yn Doorn fêstige hie, liet hy, om it kastiel fierder yn te rjochtsjen, ferskaat guod út Dúslân oerkomme. It wie in fracht fan twaenfyftich spoarweinen, dy't folpakt wiene mei meubels, unifoarmen, jewielen enfh.. Ek syn samlingen wienen dêrby, wêrûnder syn ferneamde kolleksje tabaks- en snúfdoazen. In diel fan de besittings fan de keizer waard yn de Twadde Wrâldoarloch nei Berlyn oerbrocht en is dêrnei yn Ruslân bedare, mar wat der noch is, kin hjoeddeisk noch yn Doorn besjoen wurde.

Op 27 febrewaris 1881 troude hy mei prinsesse Augusta Fiktoaria fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburch-Augustenburch (1858-1921), in dochter fan Frederik fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg. Se krigen sân bern. Hja ferstor al yn 1920, it jier dat Willem II him yn huzinge Doorn ta wenjen sette. Willem II wertroude mei Prinsesse Hermina fan Reusz, dy't him seis jier oerlibbe. De eks-keizer stoar yn 1941 yn Huzinge Doorn. Nei de dea fan Willem II gie prinsesse Hermine nei Dútslân werom dêr't se yn 1947 ferstoar.

Ofbyld Namme Berne Ferstoarn Bysûnderheden
align=center Kroanprins Wilhelm 6 maaie 1882 20 july 1951 Boaske yn 1905 mei Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin.
  Prins Eitel Frederik 7 july 1883 8 desimber 1942 Boaske Sophie Charlotte fan Aldenboarch.
  Prins Adalbert 14 july 1884 22 septimber 1948 Boaske Adelheid Arna fan Saksen-Meiningen.
  Prins August Wilhelm 29 jannewaris 1887 25 maart 1949 Boaske Alexandra fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg.
  Prins Oscar 27 july 1888 27 jannewaris 1958 Boaske grevinne Ina Marie fan Bassewitz-Levetzow.
  Prins Joachim 17 desimber 1890 18 july 1920 Boaske Marie Auguste fan Anhalt. Plege yn 1920 selsmoard.
  Prinses Victoria Louise 13 septimber 1892 11 desimber 1980 Boaske Ernst August fan Brunswyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Yn âldere Nederlânsktalige – benammen Belgyske – publikaasjes waard de Dútske keizer soms Willem II neamd. Sjoch bygelyks dizze passaazje út it oarlochsdeiboek In Oorlogstijd (1915-1916) fan de Flaamske auteur Stijn Streuvels. Mar ek destiids wie de Dútske namme Wilhelm al wenstiger yn it Nederlânsk, faaks om betizing mei de Nederlânske kening Willem II foar te wêzen.