Valéry Giscard d'Estaing

Valéry Giscard d'Estaing (útspr.: [valeˈʀi ʒisˈkaːʀ dɛsˈtɛ̃], likernôch "va-lee-chy zjys-kaach des-"; folút: Valéry Marie René Georges Giscard d'Estaing; Koblenz, 2 febrewaris 1926Authon, 2 desimber 2020) wie in Frânsk konservatyf politikus dy't fan 1974 oant 1981 tsjinne as presidint fan Frankryk en ex officio ko-prins fan Andorra. Hy wie in aristokraat dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by it ferset west hie en letter yn it Frânske Leger tsjinne hie. Foar syn presidintskip wied er twaris minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes. It regear fan Giscard d'Estaing as presidint waard karakterisearre troch in modernisearring fan it lân en liberalisearring fan wetjouwing oangeande sosjale kwestjes as skieding en abortus. Nei syn presidintskip wied er û.m. belutsen by it opstellen fan 'e yn 2005 fuortstimde Jeropeeske Grûnwet. Giscard d'Estaing kaam yn 2020 te ferstjerren oan COVID-19.

Valéry Giscard d'Estaing
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Valéry Giscard d'Estaing (1975).jpg
echte namme Valéry Marie René Georges Giscard d'Estaing
nasjonaliteit Flag of France.svg Frânsk
bertedatum 2 febrewaris 1926
berteplak Koblenz (beset Rynlân)
stjerdatum 2 desimber 2020
stjerplak Authon (Frankryk)
etnisiteit Flag of France.svg Frânsk
Flag of Occitania (with star).svg Oksitaansk
partij CNIP (1956-1962)
FNRI (1966-1977)
PR (1977-1995)
UDF (1978-2002)
PPDF (1995-1997)
DL (1997-1998)
UMP (2002-2004)
ûnderskiedings Légion d'Honneur 1974
foarsitter fan 'e Regionale Ried fan Auvernje
amtsperioade 19862004
foargonger Maurice Pourchon
opfolger Pierre-Joël Bonté
lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Frankryk
amtsperioade 19891993
presidint fan Frankryk
en ko-prins fan Andorra
amtsperioade 19741981
foargonger Georges Pompidou
opfolger François Mitterand
Frânsk minister fan
Ekonomyske Saken en Finânsjes
amtsperioade 19691974
foargonger François-Xavier Ortoli
opfolger Jean-Pierre Fourcade
boargemaster fan Chamalières
amtsperioade 19671974
foargonger Pierre Chatrousse
opfolger Claude Wolff
Frânsk minister fan
Ekonomyske Saken en Finânsjes
amtsperioade 19621966
foargonger Wilfrid Baumgartner
opfolger Michel Debré
Frânsk steatssekretaris fan Finânsjes
amtsperioade 19591962
lid fan 'e Nasjonale Assimblee
foar Puy-de-Dôme
amtsperioade 19561974
19842004

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Giscard d'Estaing waard yn 1926 berne as telch út in aristokratyske Frânske famylje yn it Dútske Koblenz ûnder de Frânske besetting fan it Rynlân. Hy wie de soan fan Jean Edmond Lucien Giscard d'Estaing, in hege Frânske amtner yn it bestjoer fan it besette gebiet, en dy syn frou Marthe Clémence Jacqueline Marie Bardoux, dy't 'May' neamd waard. Sy wie de dochter fan senator en wittenskipper Jacques Bardoux en de oerpakesizzer fan minister fan Underwiis Agénor Bardoux. Har famylje fkaam út Auvernje en wie fan etnysk Oksitaansk komôf. Giscard d'Estaing hie in âldere suster, Sylvie, in jongere broer, Olivier, en twa jongere susters, Isabelle en Marie-Laure.

 
Valéry Giscard d'Estaing yn 'e 1940-er jierren.

As opslûpen jonge joech Giscard d'Estaing him ûnder de Twadde Wrâldoarloch by it Frânske ferset. Hy naam yn 1944 diel oan 'e Befrijing fan Parys en waard as liifwacht tafoege oan politikus Alexandre Parodi. Neitiid naam er tsjinst by de Frije Frânsen fan generaal Charles de Gaulle en wied er fan ein 1944 oant de simmer fan 1945 belutsen by oarlochshannelings tsjin nazy-Dútslân. Letter waard him it Croix de Guerre takend foar syn tsjinst.

Nei de oarloch studearre Giscard d'Estaing oan it Lycée Blaise-Pascal yn Clermont-Ferrand, en yn Parys oan 'e École Gerson, it Lycée Janson-de-Sally en it Lycée Louis-le-Grand. Yn 1948 brocht Giscard d'Estaing in jier yn Montreal troch, yn 'e Frânsktalige Kanadeeske provinsje Kebek, dêr't er as ûnderwizer wurke oan it Collège Stanislas. Werom yn Frankryk learde er fan 1949 ôf fierder oan 'e École Polytechnique en de École National d'Administration, dêr't er yn 1951 ôfstudearre.

KarriêreBewurkje

Iere jierrenBewurkje

Nei syn stúdzje ôfrûne te hawwen, fûn Giscard d'Estaing in prestizjeuze baan by de Frânske belestingtsjinst, de Inspection des Finances. Yn 1955 waard er opnommen yn 'e stêf fan premier Edgar Faure. Yn 1956 waard er as ôffurdige foar it departemint Puy-de-Dôme, dêr't de famylje fan syn mem wei kaam, keazen yn 'e Nasjonale Assimblee. Giscard d'Estaing joech him by it konservative Nasjonaal Sintrum foar Unôfhinkliken en Boeren (CNIP). Nei it útroppen fan 'e Fyfde Republyk waard er yn 1959 troch minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes Antoine Pinay oansteld as steatssekretaris fan Finânsjes.

Yn 1962 briek it CNIP mei de gaullisten en stapte út it regear. Giscard d'Estaing wie it dêr net mei iens; hy sei syn lidmaatskip fan it CNIP op en rjochte ynstee in eigen politike partij op, de Unôfhinklike Republikeinen (RI). Dêrnei folge er Pinay op minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes. Under dat earste ministerskip brocht Giscard d'Estaing de term "eksorbitant privileezje" yn omrin om 'e hegemony fan 'e Amerikaanske dollar op it mêd fan ynternasjonale betellings ûnder it Bretton Woods-stelsel te omskriuwen. Nei't er yn 1966 út it kabinet ûntslein wie, foarme er de RI om ta de Nasjonale Federaasje fan Unôfhinklike Republikeinen (FNRI). Fan 1967 oant en mei 1974 wied er njonken syn wurkpaad yn 'e lanlike polityk ek boargemaster fan Chamalières.

 
Minister Valéry Giscard d'Estaing yn 1962 yn it Wite Hûs mei presidint John F. Kennedy fan 'e Feriene Steaten.

Oars as de measte FNRI-parlemintariërs fierde Giscard d'Estaing by it grûnwetlik referindum fan 1969 (oangeande in feroaring yn 'e rol fan 'e regio's fan Frankryk en de Frânske Senaat) kampanje foar ôfwizing fan 'e foarstellen. Presidint De Gaulle hie oankundige om ôf te treden as it "nee"-kamp wûn, en doe't dat ek wier syn beslach krige, joegen de gaullisten Giscard d'Estaing de skuld fan it ôftreden fan harren lieder. By de presidintsferkiezings, letter dat jier, stipe Giscard d'Estaing de winnende kandidaat, Georges Pompidou, wêrnei't er weromkeare koe op syn âlde post fan minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes. It wie sadwaande Giscard d'Estaing dy't Frankryk finansjeel troch de Oaljekrisis fan 1973 hinne skuorde.

 
Presidint Valéry Giscard d'Estaing moetet yn 1975 Walter Scheel, de presidint fan West-Dútslân.

PresidintskipBewurkje

By de presidintsferkiezings fan 1974 fersloech Giscard d'Estaing as de kandidaat fan rjochts de sosjalist François Mitterand mei in ferskil fan 425.000 stimmen. As presidint fan Frankryk besocht Giscard d'Estaing yn 't earstoan in tagonkliker imago te kweken as syn suver monarchyske foargongers. Dêrta brûkte er de metro om him nei lokaasjes yn Parys te bejaan, nûge er eltse moanne in groep sljochtwei Frânske boargers út om mei him te dinearjen en helle er op in stuit in groep jiskelju it Élysée yn om mei him te brea-iten. Doe't lykwols bliken die dat de measte Frânsen alhiel net sjarmearre wiene fan sokke neffens harren ûnpresidinsjele fratsen, feroare er syn hâlden en dragen en waard er sa ôfhâldich dat syn politike rivalen him tenei ferwieten te fier fan it folk ôf te stean.

Giscard d'Estaing yntrodusearre tal fan herfoarmings en fernijings dy't liede moasten ta de modernisearring fan it lân. Sa fitere er de ûntwikkeling fan 'e hegesnelheidsline TGV oan, stipe er de ynfiering fan it Minitel (in nasjonale foarrinner fan it ynternet) en befoardere er de oerstap fan 'e Frânske enerzjyfoarsjenning fan fossile brânstoffen op nukleêre enerzjy dy't opwekke wurde moat yn atoomsintrales. Op dy wize hope er Frankryk ûnôfhinklik te meitsjen fan 'e oanfier fan ierdoalje en dêrmei fan 'e OPEC, de organisaasje fan oalje-eksportearjende lannen, dy't behearske waard troch de Arabyske wrâld. Dêrnjonken fierde Giscard d'Estaing in liberalisearring fan 'e Frânske wetjouwing troch op it mêd fan kontroversjele sosjale kwestjes lykas skieding en abortus. Ek ferlege er de leeftyd fan mearderjierrigens fan 21 nei 18 jier. De deastraf, dy't Frankryk as iennichste lid fan 'e Jeropeeske Mienskip noch hie, skafte er lykwols net ôf en ûnder syn presidintskip waarden trije lju terjochtsteld.

 
In foto nommen by it Wite Hûs yn 1976. F.l.n.rj. de Frânske minister fan Bûtenlânske Saken Jean Sauvagnargues, presidint Valéry Giscard d'Estaing, presidint Gerald Ford fan 'e Feriene Steaten en de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Henry Kissinger.

Op ynternasjonaal mêd nûge Giscard d'Estaing yn 1975 de regearingslieders fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, West-Dútslân, Itaalje en Japan út yn Rambouillet, dêr't se de Groep fan Seis (G6) grutte ekonomyske wrâldmachten foarmen (no de de G7 troch de lettere tatrêding fan Kanada). By de kroaning fan 'e Spaanske kening Juan Carlos, ek yn 1975, foarkaam Giscard d'Estaing dat de Sileenske diktator Augusto Pinochet dêrby oanwêzich wêze koe troch te driigjen om fuort te bliuwen as dyselde ek útnûge waard. Folle letter waard troch de sjoernaliste Marie-Monique Robin lykwols oantoand dat it regear fan Giscard d'Estaing temûk gearwurke mei Pinochet en ek mei de Argentynske diktator Jorge Videla.

Yn Afrika stipe Giscard d'Estaing eardere koloanjes fan Frankryk dy't net tefolle opsprieken tsjin 'e âlde koloniale oerhearsker, lykas Senegal, Ivoarkust, Gabon en Kameroen, ek al wiene dat foar it meastepart diktatueren. Yn 1977 sette er by Operaasje Lamantin om 'e nocht Frânske strieljagers yn om Mauretaanje te helpen de frijheidsstriders fan Polisario yn 'e Westlike Sahara te ferslaan. Yn 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk stipe Giscard d'Estaing yn 't earstoan it rezjym fan Jean-Bédel Bokassa, mar neigeraden dat dyselde almar fierder paadbjuster rekke, distansjearre Giscard d'Estaing himsels fan him. Yn 1979 sette er by Operaasje Caban sels Frânske troepen yn om Bokassa, dy't himsels ûnderwilens ta keizer kroane hie, ûnder fuotten te heljen. Hy holp de eardere presidint David Dacko wer oan 'e macht, wat in kontroversjele set wie om't Dacko in neef fan Bokassa wie, en teffens de reden dat Bokassa oan 'e macht komme kinnen hie. De ûnrêst yn it lân hold neitiid oan oant Dacko yn 1981 by in steatsgreep ôfset waard.

Underwilens wie thús yn Frankryk in rivaliteit ûntstien tusken Giscard d'Estaing en syn premier Jacques Chirac, dy't yn 1976 opstapte en ferfongen waard troch Raymond Barre. Hoewol't de parlemintsferkiezings fan 1978 ûnferwachts troch de rjochtse politike koälysje wûn waarden, boazen de spannings fierder oan tusken de presidint en Chirac, dy't ûnderwilens de partij Gearkomste foar de Republyk (RPR) oprjochte hie. Yn reäksje dêrop rjochte Giscard d'Estaing in sintrum-rjochtse politike konfederaasje op, de Uny foar Frânske Demokrasy (UDF), dêr't er Chirac syn partij mei isolearje koe.

 
Valéry Giscard d'Estaing (mei sjerp) ûntfangt yn 1975 Mohammed Reza Pachlevi, de sjah fan Perzje (l.).

By de presidintsferkiezings fan 1981 stelde Chirac him ek kandidaat, sadat der twa rjochtse kandidaten wiene dy't de rjochtse kiezers ferdielden. Chirac einige as trêde nei de sosjalist Mitterand en Giscard d'Estaing. Om't net ien fan 'e kandidaten 50% of mear fan 'e stimmen behelle hie, moast der in twadde omgong komme, wêryn't de beide kandidaten mei de measte stimmen, Mitterand en Giscard d'Estaing, it tsjininoar opnamen. Chirac wegere lykwols om syn efterban op te roppen en stim op Giscard d'Estaing, mei as gefolch dat Mitterand de ferkiezings wûn mei in marzje fan 3% op Giscard d'Estaing. Dit barren hie in oanhâldende fete tusken Chirac en Giscard d'Estaing ta gefolch, dy't oan harren dea ta bittere fijannen bleaune, ek al droegen se op polityk mêd fierhinne deselde ideeën út.

 
F.l.n.rj. bûnskânselier Helmut Schmidt fan West-Dútslân, presidint Jimmy Carter fan 'e Feriene Steaten, presidint Valéry Giscard d'Estaing fan Frankryk en premier James Callaghan fan it Feriene Keninkryk by in topmoeting yn 1979 op Gûadelûp.

Lettere jierrenBewurkje

Nei syn nederlaach loek Giscard d'Estaing him tydlik werom út 'e polityk, mar yn 1984 waard er werkeazen as ôffurdige fan Puy-de-Dôme yn 'e Nasjonale Assimblee. Ek waard er keazen as foarsitter fan 'e Regionale Ried fan Auvernje. Fan 1997 oant 2004 wied er dêrnjonken foarsitter fan 'e Ried fan Jeropeeske Gemeenten en Regio's. Fan 1988 oant 1996 wie Giscard d'Estaing ek partijfoarsitter fan 'e UDF, mar hy rekke yn syn eigen partij efter de tiid troch de opkomst fan in nije generaasje politisy dy't de rénovateurs ("renovearders") neamd waarden. By de presidintsferkiezings fan 1995 stipe de UDF foar it meastepart de RPR-premier Édouard Balladur, mar Giscard d'Estaing ferraste eltsenien troch it kamp fan syn âlde fijan Chirac te kiezen, dy't de ferkiezings wûn. Datselde jiers krige Giscard d'Estaing in gefoelige nederlaach te ferwurkjen doe't er boargemaster fan Clermont-Ferrand wurde woe. Yn 2000 tsjinne Giscard d'Estaing as parlemintslid in wetsfoarstel yn om 'e lingte fan 'e termyn fan it Frânske presidintskip werom te bringen fan sân nei fiif jier. Chirac stipe dat plan en lei it yn in referindum foar oan it Frânske folk, dat it goedkarde.

Op Jeropeesk mêd wie Giscard d'Estaing fan 1989 oant 1993 lid fan it Jeropeesk Parlemint. Fan 2001 oant 2004 joech er lieding oan 'e Konvinsje foar de Takomst fan Jeropa en yn dy hoedanichheid wie hy de haadferantwurdlike foar it opstellen fan 'e Jeropeeske Grûnwet, ta de oanname wêrfan't de Jeropeeske lieders yn oktober 2004 it Ferdrach fan Rome sleaten. Nei't dy Jeropeeske Grûnwet yn 2005 by twa referinda efterinoar yn Frankryk en yn Nederlân troch de kiezers fuortstimd wie, gie Giscard d'Estaing nettsjinsteande dat dochs troch mei syn lobbyen foar oanname yn oare Jeropeeske lidsteaten. Yn desimber 2007 ûndertekenen de lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny it Ferdrach fan Lissabon, dat delkaam op 'e Jeropeeske Grûnwet ûnder in oare namme. Op dy wize waard de ôfwizing fan 'e grûnwet troch de Frânske en Nederlânske kiezers negearre.

 
Valéry Giscard d'Estaing yn 2014.

Yn 2003 waard Giscard d'Estaing opnommen yn 'e Académie française, dêr't er de sit ynnaam fan syn freon, de eardere Senegaleeske presidint Léopold Sédar Senghor. Yn 2004, nei't er ferslein wie yn 'e regionale ferkiezings yn Auvernje, loek Giscard d'Estaing him hielendal út 'e polityk werom; tsjin dy tiid hie syn soan Louis Giscard d'Estaing syn sit yn it parlemint al oernommen. Neitiid liet er yn 2007 noch fan him hearre, doe't er Nicolas Sarkozy stipe by de presidintsferkiezings, yn 2012, doe't er de oprjochting stipe fan 'e sintristyske politike partij Uny fan Demokraten en Unôfhinkliken (UDI), en yn 2013, doe't er de yntroduksje yn Frankryk stipe fan it homohoulik. Ut in opinypeiling út 2014 die bliken dat 64% fan 'e Frânsen Giscard d'Estaing as in goede presidint seagen.

PriveelibbenBewurkje

 
Valéry Giscard d'Estaing yn 2015 op 'e begraffenis fan 'e Dútske bûnskânselier Helmut Schmidt.

Giscard d'Estaing troude op 17 desimber 1952 mei de aadlike Anne-Aymone Sauvage de Brantes. Mei har hied er fjouwer bern, ûnder wa de sakeman Henri en de politikus Louis. Syn gesin wenne ûnder syn presidintskip net yn Élysée, en de media diene ferslach fan ferskate bûtenechtlike relaasjes dy't Giscard d'Estaing mei mêtresses ûnderholden hawwe soe. Yn 1974 skreau de foaroansteande Frânske krante Le Monde dat Giscard d'Estaing, as er nei in minneresse gie, de gewoante hie om in fersegele kefert efter te litten wêryn't stie wêr't er te berikken wie as der in needgefal wie.

Yn maaie 2020 waard Giscard d'Estaing derfan beskuldige dat er de stuten fan in Dútske sjoernaliste betaast hie; hy ûntkende dat.

Mei syn broer Olivier kocht Giscard d'Estaing yn 2005 it Kastiel fan Estaing, dat earder yn it besit west hie fan fise-admiraal Charles Henri Hector d'Estaing (gjin famylje), dy't yn 1794 ûnder de guillotine kommen wie. De bruorren brûkten it kastiel net as wente, mar kochten it omreden fan 'e symboalyske wearde en om 'e pleatslike mienskip te stypjen.

Yn 2009 publisearre Giscard d'Estaing de romantyske roman La Princesse et le Président. Dêryn fertelde er it ferhaal fan 'e leafdesrelaasje tusken in presidint fan Frankryk en in personaazje dat er 'Patricia, prinsesse fan Cardiff' neamde. Dat wie branje foar it geroft dat it boek eins autobiografysk wêze soe en in wiere relaasje tusken Giscard d'Estaing en Diana, prinsesse fan Wales beskriuwe soe. Giscard d'Estaing hold lykwols út dat er it ferhaal folslein út 'e tomme sûgd hie en dat der nea sa'n relaasje west hie.

FerstjerrenBewurkje

Yn it neijier fan 2020 rekke Giscard d'Estaing oanhelle mei in longûntstekking. Hy waard op 14 septimber mei swierrichheden op it mêd fan sykheljen opnommen yn it Hôpital Européen Georges-Pompidou yn Parys, en op 15 novimber jitris, mar op 20 novimber gied er wer nei hûs. Op 2 desimber kaam er lykwols te ferstjerren oan komplikaasjes feroarsake troch COVID-19. Valéry Giscard d'Estaing waard 94 jier. Syn begraffenis waard omreden fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus yn famyljefermidden holden.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.