Organisaasje fan Oalje Eksportearjende Lannen

(Trochferwiisd fan OPEC)

De Organisaasje fan oalje-eksportearjende lannen (Ingelsk: Organization of the Petroleum Exporting Countries, OPEC) is in gearwurkingsferbân fan tolve lannen dy't netto oalje útfiere. OPEC foarmet feitlik in kartel, dat troch it feroarjen fan it oanbod fan oalje de priis dêrfan stjoere kin.

Flagge fan de OPEC
De lannen fan de OPEC yn donkerblau. Gabon en Yndoneezje yn ljochter blau hawwe de OPEC wyls ferlitten
OPEC gebou yn Wenen

OPEC is op 14 septimber 1960 oprjochte yn Bagdad (Irak) op inisjatyf fan Fenezuela. De oprjochters wienen neist Fenezuela en Irak, Saûdy-Araabje, Iran en Koeweit. Letter kamen der njoggen oare leden by OPEC, wêrfan der twa wer út de organisaasje gien binne: Katar (1961), Yndoneezje (1962-2008), Lybje (1962), Feriene Arabyske Emiraten (1967), Algerije (1969), Nigearia (1971), Ekwador (1973-1992) opnij lid wurden yn novimber 2007), Gabon (1975-1994) en Angoala (2007).

OPEC hat sûnt 1 septimber 1965 syn haadkertier uyn Wenen. Dêrfoar siet it yn Genêve.

De Arabyske leden fan de OPEC kundigden yn 1973 maatregels oan tsjin it westen nei oanlieding an de Jom Kipoeroarloch. Hjirtroch ûntstie de oaljekrisis. Nei de revolúsje yn Iran fan 1979 gie de oaljepriis en dêrmei wie de twadde oaljekrisis in feit.

Lannen dy't relatyf in soad oalje produsearje, mar gjin lid binne fan de OPEC binne:
Kanada, Meksiko, Noarwegen, Feriene Steaten, Ruslân, Oman en Brazylje.

Organisaasjie en doelstellings

bewurkje seksje

De OPEC telt 12 leden. Alle lannen dy't netto oalje-eksporteur binne en likense belangen hawwe as de hjoeddeiske OPEC-leden kinne lid wurde[1]. Om ta de OPEC ta te treden is de ynstimming fereaske fan trije fjirde fan alle sittende leden en fan alle fiif lannen dy't de OPEC yn 1960 oprjochte hawwe.

De doelstellingen van de OPEC binne[2]:

  • koördinaasje fan de belangen fan de oalje-eksportearjende lannen, benammen it fersekerjen fan in stabile boarne fan ynkomsten foar de oaljeprodusearjende lannen;
  • soarch drage foar genôch oalje tsjin in ekonomysk oantreklike priis foar de oaljekonsumearjende lannen;
  • it heljen fan in reedlik rendemint op de ynvestearrings dy't needsaaklik binne foar genôch oaljeoanbod.

Ut de skiednis fan de OPEC blykt dat it hanthavenjen fan stabile oaljeprizen, benammen troch it bepalen fan produksjekwoata, gjin maklike opjefte is. It fêststellen fan de júste hichte fan de oaljepriis is ek net ienfâldich. In te lege priis liedet ta te lege opbringsten foar de oalje-eksportearjende lannen, mar in te hege priis liedt ta de ûntwikkeling fan alternative enerzjyboarnen. Alternativen kinne nije oaljefjilden wêze lykas bygelyks yn it noarden fan Alaska of de Noardsee, dy't in hegere kostpriis hawwe en dêrtroch allinnich ekonomysk winbere reserves opleverje as de oaljepriis heech is, of folslein oare enerzjyboarnen as kearnenerzjy of wynenerzjy.

Yn septimber 2010 fierde de OPEC it 50 jierrich bestean fan de organisaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.opec.org/opec_web/static_files_project/media/downloads/publications/OS.pdf%7Ctitle=(in) OPEC statuten, kêst 7
  2. title= (in) OPEC statuten, kêst 2