Neiteam

(Trochferwiisd fan Telch)

Neiteam, neigeslacht, neislachte of kroas (bestiet allinnich yn in meartalsfoarm) wurdt foarme troch persoanen dy't fan jinsels ôfstamje. Oare synonimen binne neikommelingen, ôfstammelingen of telgen, wêrfan't ek inkeltalsfoarmen besteane (neikommeling, ôfstammeling, telch). Ta neiteam hearre jins bern, pake- of beppesizzers, oerpake- of -beppesizzers, betoerpake- of -beppesizzers en sa fierder. In direkte manlike neikommeling hjit in soan, en in direkte froulike neikommeling hjit in dochter. Yn 'e regel wurdt mei de oantsjutting 'neiteam' lykwols ferwiisd nei in ûnbeskaat tal generaasjes fan in famylje útgeande fan in persoan dy't yn it ferline libbe hat. Sa heart kening Willem-Alexander (berne 1967) bygelyks ta de neiteam fan Willem fan Oranje (1533-1584).

It begryp dat tsjinsteld is oan neiteam is foarâlden: Willem fan Oranje is ien fan 'e foarâlden fan kening Willem-Alexander. De famyljebân tusken foarâlden en neiteam is altyd lineêr en ferrint dus fan pake en beppe op âlden op bern op bernsbern ensfh. en net fia omkes en muoikes of neven en nichten. Wol kin dizze bân sawol yn 'e manlike line rekkene wurde, dus fia de famylje fan 'e heit, wat yn 'e Westerske maatskippij 'de rjochte line' hjit te wêzen, as yn 'e froulike line, fia de famylje fan 'e mem. Willem-Alexander stammet bygelyks net yn 'e rjochte line ôf fan Willem fan Oranje, mar fan dy syn jongere broer Jan de Alde; Willem-Alexander syn ôfstamming fan Willem fan Oranje rint yn 'e froulike line, fia Albertine Agnes fan Oranje-Nassau, in dochter fan Willem fan Oranje syn soan Freark Hindrik, dy't mei har folle neef Willem Freark fan Nassau-Dietz troude, dat wer in pakesizzer fan Jan de Alde wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes