Longûntstekking
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Longûntstekking of pneumony is in ûntstekking fan de longblaaskes (alveoli) en it weefsel dêr omhinne. At beide longen ûntstutsen binne wurdt sprutsen fan in dûbele of bilaterale longûntstekking. Longûntstekking wurdt meast feroarsake troch in ynfeksje, mar der binne ek in tal net-ynfeksieuze oarsaken. De sykteferwekkers kinne baktearjes, firussen, skimmels, gisten en parasiten wêze.
Symptomen
bewurkje seksjeTypyske symptomen fan in pneumony binne: hoastjen, koarts, pine op it boarst kin foarkomme, swierrichheden mei it sykheljen en de produksje fan sputum (slimen). De diagnoaze wurdt steld oan de hân fan röntgenûndersyk en ûndersyk fan it sputum (baktearjekweek). De röntgenfoto lit konsolidaasjes fertichtingen) sjen. Foar guon sykteferwekkers (út de pneumokokkengroep) bestiet tsjintwurdich in faksin. In baktearjele longûntstekking kin behannele wurde mei antibiotika, mar it slagjen dêrfan hinget mei ôf fan ûnderlizzende sykten en oarsaken, dat de kondysje fan de pasjint.
Nettsjinsteande moderne behannelingsmiddelen, is longûntstekking yn de Tredde Wrâld, ûnder bern, de âlderein en ûnder groanysk siken noch hieltyd in wichtige deadsoarsaak.
Haadyndieling
bewurkje seksjeHoewol't der in de rin fan de tiid tal fan yndielingen makke binne foar longûntstekkings, bygelyks nei ferwekker en slimmens, is yn Nederlân (en oare Westerske lannen) de yndieling nei it plak dêr't de pneumony skipe waard de meast brûkte (rûge) haadyndieling. Der wurdt sprutsen fan in "community-acquired pneumonia" (yn de mienskip skipe), of fan in "hospital-acquired pneumonia" (yn it sikehûs oproanne longûntstekking). De reden foar dy yndieling is it ferskil yn behanneling. De wichtichste faktoaren dêrby binne it type pasjint en de soarte ferwekker. In pneumony dy't bûten it sikehûs skipe is ("community-acquired pneumonia") wurdt yn de measte gefallen feroarsake troch ien fan de neifolgjende baktearjen, fierwei it grutste part is Streptococcus pneumoniae, mar ek Haemophilus influenzae en de hjirûnder ek beskreaune 'atypyske fuortbringers', dêr't Mykoplasmata en Chlamydiae ûnder binne. De pneumony dy't yn it sikehûs ûntstiet kin feroarsake wurde troch tal fan mikro-organismen, ek skimmels en gisten.
In oare yndieling is dy yn lobêre- en generalisearre pneumony. Yn it earste gefal binne 1 of 2 fan de fiif longkwabben oandien; yn it twadde sitte ûntstekkings yn alle longkwabben.
Oarsaken
bewurkje seksjeDer binne hûnderten mikro-organismen dy't in longûntstekking jaan kinne. In lytse minderheid dêrfan is ferantwurdlik foar in grutte mearderheid fan de gefallen. De meast wichtige oarsaken binne firussen, de baktearjen Streptococcus pneumoniae (pneumokok), gram-negative baktearjen en 'atypyske' fuortbringers.
De Streptococcus pneumoniae is ien fan de meast foarkommende oarsaken yn alle libbensjierren, útsein by lytse poppen (neonaten). It is in gram-posityf mikro-organisme dat faak opportunistysk yn de kielhabitat fan sûne minsken libbet. In oare wichtige Gram-positive baktearje is de Staphylococcus aureus, dy't ek fierhinne resistint tsjin in protte antibiotika wêze kin.
Gram-negative baktearjen wurde net sa faak sjoen en komme faker foar by minsken dy't te lijen hawwe fan longemfyseem; Haemophilus influenzae, Escherichia coli, Pseudomonas aeruginosa en Moraxella catarrhalis komme it meast foar yn dy groep. It binne geregeldwei termbaktearjen dy't troch ferslokken/aspiraasje by spuien ynhelle wurde.
De atypische fuortbringers binne Chlamydia pneumoniae, Mycoplasma pneumoniae en Legionella pneumophila. Sy komme faker foar by adolesinten en binne meast net gefoelich foar de antibiotika dy't by typyske fuortbringer brûkt wurde. Fierders is it ferrin, it 'klinysk byld' oars: de oanrin is oars en de longûntstekking ferrint meast mylder – útsein de legionella-pneumony, dy yn alle leeftydsgroepen ferheftich ferrinne kin –, hoewol't by âlderen of ymmúnkompromittearreen de ynfeksje slim ferrinne kin.
Firale ferwekkers binne meast in ynfluenza-firussoarte (gryp), it respiratôr synsytsjeel firus of in adenofirus. Hoewol't sa'n pneumony meastal net slim ferrint, wurdt de long wol tydlik swakker, sadat er kolonisearre reitsje kin mei baktearjen (dy't oars gjin kâns meitsje soene) en der in saneamde baktearjele superynfeksje ûntstean kin.
Skimmels binne in ûngewoane oarsaak fan longynfeksjes en komme meast foar by minsken mei ymmúnsteurnissen sa as aids, gemo-pasjinten en by yntraveneuze drugsbrûkers.
Pneumony kin ek ûntstean troch iten, floeistoffen en sels lytse fêste foarwurpen sa as kralen of earten dy't yn de longen te lâne komme. Dat hjit aspiraasjepneumony. It bard meast by minsken mei in minne slokrefleks troch swakte, slûgens troch medikaasje, âldens as ferlamming (CVA). Al dy stoffen binne yn fiedingsboaiem foar baktearjen yn de longen en jouwe fan harsels ek yrritaasje yn de luchtwegen, sadat in longûntstekking it gefolch wêze kin.
Komplikaasjes
bewurkje seksje- Abses - In longabses is in ôfkapsele holte (pocket) mei ûntstutsen wûne de long. Behanneljen bestiet út hâldingsdrenaazje en luchtweiferwiidzjende medikaasje. Fierders wurdt langer as gewoanwei antibioatika jûn, omdat de ûntstekking oars de kop wer opstekke kin.
- Empyeem - In empyeem tsjut op pleurafocht mei matearje. Dat kin behannele wurde troch in thoraxdrain te setten; de dracht kin dan fuortrinne en de pleuraholte kin spield wurde mei fysiologysk sâlt.
- Septyske shock - dêrby is der baktearjemy (baktearjen yn de bloedbaan); it lichem reagearret dan mei fasodilataasje (it iepensetten fan de bloedfetten). Dat hat in legere bloeddruk fan gefolgen, it hert rint hurder en der kin skea oan organen ûntstean troch giftige útskiedingsstoffen fan de baktearjen (toksinen).
- Acute respiratory distress syndrome (ARDS) - ARDS ûntstiet trochdat in primêre sykte, bygelyks in longûnstekking of in sepsis, in tige ferheftige ûntstekkingsreaksje yn de longen feroarsaket. Hoe't dat krekt komt is noch net witten. Troch dy ûntstekking reitsje bloedfetten yn it longweefsel skansearre en lekt der focht mei aaiwiten en ûnstekkingssellen yn it longweefsel mei fan gefolch benaudens en soerstofgebrek.
Ferneamde lju dy't stoaren oan in longûnstekking
bewurkje seksjeIn kar: Armand - Fred Astaire - Simone de Beauvoir - James Brown - Horst Buchholz - Guillaume Depardieu - René Descartes - Willem Duys - Paul Halmos - Jim Henson - Bob Hope - Thomas Jonathan "Stonewall" Jackson - Franz Liszt - Freddie Mercury - Bernie Mac - Rod McKuen - Leslie Nielsen - Alexandros Papadiamantis - Luciano Pavarotti - Pieter Paulus - Johann Strauss jr. - Lev Tolstoj - Billy Wilder - Dara Faizi - Lya De Putti.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |