De skimmels, soms ek swammen neamd (Latynske namme: Fungi of Eumycota), foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), bisten (Animalia), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) foarmet. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).) De wittenskiplike stúdzje nei skimmels wurdt mykology neamd; lju dy't har dêroan wije, de mykologen, kinne ferlike wurde mei botanisy en soölogen, dy't har op 'e stúdzje fan planten, resp. bisten talizze.

skimmels
Beskimmele fruchten.
Beskimmele fruchten.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: skimmels (Fungi)
Linnaeus, 1753 / R.T. Moore, 1980

Omskriuwing bewurkje seksje

Ta de skimmels hearre net allinne de bekende mikro-organismen dy't op âlde bôle, oerryp fruit en fochtige muorren groeie, mar ek de iensellige gêsten (dy't derfoar soargje dat daai riist en fruchtesop feroaret yn alkoholhâldende drank) en de rjusellige poddestuollen, dy't behoarlik grut wurde kinne. Skimmels plantsje har sawol geslachtlik as ûngeslachtlik fuort. In protte skimmels meitsje saneamde mykotoksinen oan, stoffen dy't giftich foar minsken en bisten binne. Guon fan dy stoffen binne deadlik, wylst oaren (yn beheinde doases) psychotropyske effekten hawwe (lykas yn paddo's). Neffens moderne rûzings soene der oardel oant fiif miljoen skimmelsoarten wêze, mar dêrfan is noch mar 5% yn kaart brocht. Foarhinne waarden skimmels yndield nei har morfology, d.w.s. nei oerienkomsten yn foarm. No't genetyske ûndersyksmetoaden tapast wurde, docht soms lykwols bliken dat de besibskip tusken skimmelsoarten ûnderling hiel oars yninoar sit as dat men earder tocht.

 
In bjirkeswam (Piptoporus betulinus).

Skimmels ûnderskiede har û.m. planten trochdat se sellen hawwe mei in selwand dy't út in sytoskelet bestiet (d.w.s., dy't de hurde stof sjitine befettet), wylst de selwanden fan planten foarme wurde troch selluloaze. Feitliks binne skimmels, neffens moderne ynsichten dy't fuortkomme út genetysk ûndersyk, eins neier besibbe mei bisten as mei planten. Twa lytse groepen dy't kwa namme en oansjen wol by de skimmels lykje te hearren, de slymswammen (Mycetozoa) en de wetterskimmels (Oomycota), falle lykwols ûnder oare groepen. De slymswammen wurde nammentlik ta de amoebes (Amoebozoa) rekkene, wylst de wetterskimmels yndield binne by de gromalveolaten (Chromalveolata). Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde dy beide groepen as lytse eukaryoatyske rykjes op harsels beskôge.

Fersprieding en funksjes bewurkje seksje

Hoewol't skimmels oeral op 'e wrâld foarkomme en minsken der eltse dei mei te krijen hawwe, falt dat net op om't de measte skimmels mikroskopysk lyts fan foarm binne. Boppedat groeie se faak ûnder de grûn of as symbionten op (beskutte) dielen planten, wêrby't se net opfalle. Yn 'e regel wurde se pas opmurken as se in fruchtlichem begjinne te ûntwikkeljen, itsij as "gewoane" skimmels, itsij as poddestuollen. Skimmels ferfolje in essinsjele rol yn it ôfbrekken fan organysk materiaal en binne sadwaande tige wichtich foar de sirkulaasje fan fiedingsstoffen yn 'e natoer. Fierders wurde se al sûnt minskewitten brûkt foar it fergêstjen fan daaiprodukten en alkohoalyske dranken, en sûnt de 1940-er jierren wurde se ek ynset foar de produksje fan antybiotika, lykas penisiline. Koartby is men dêrnjonken begûn om ferskate (soms mykotoksyske) enzimen, dy't oanmakke wurde troch skimmels, te brûken foar yndustriële doelen en foar it meitsjen fan skjinmakmiddels en biologyske pestisiden. Oan 'e oare kant taaste skimmels faak gebouwen en oare materialen fan minsklike makkelei oan en kin it ferlies fan ien of mear rispingen troch skimmelsykten as de ryspest jammerdearlike gefolgen hawwe foar minsklike itensfoarrieden en regionale ekonomyen.

Klassifikaasje fan skimmels bewurkje seksje

 
Miggeswammen (Amanita muscaria).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.