De Miggeswam (Amanita muscaria) is in algemien foarkommende poddestoel yn grutte parten fan 'e wrâld. Benammen de reade hoed fan 'e poddestoel hat stoffen mei hallusinearjende skaaimerken en de poddestoel falt dêrom ûnder de opiumwet. De poddestoel is giftich.

miggeswam
Miggeswammen
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje amanyteftigen (Amanitaceae)
skaai amaniten (Amanita)
soarte
Amanita muscaria
(L. : Fr.) Lamarck
 
Miggeswammen yn ferskillende stadia.

De miggeswam is mei syn reade hoed en wite stippen in opfallende poddestoel en foldocht mei syn ferskining oan de poddestuollen út de mearkes. De hoed kin 5 oant 15 sintimeter breed wêze, ferskilt fan read oant somtiden oranje-giel en hat ûnder de hoed wite lamellen. De ferneamde wite stippen op 'e hoed binne resten fan it omklaaisel (velum universale), dêr't de poddestoel yn siet ear't er út de grûn kaam. De slanke, wite stâl stiet op in knolfoarmige foet en hat in wite kraach mei in gieleftige râne. In jonge miggeswam is bolfoarmich en by it âlder wurden wurdt de hoed platter en yn it lêst bleker en in bytsje komfoarmich.

De miggeswam komt yn hiel Europa yn bosk en bermen foar by leafbeammen lykas de bjirk, boek en iik, mar ek wol by nullebeammen. Fierder is de miggeswam te finen yn Noard-Amearika, Noard-Afrika en it noarden fan Aazje. Yn Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Amearika en Súd-Afrika is de miggeswam yntrodusearre.

De miggeswam waard eartiids brûkt by sjamaanske rituelen yn Laplân. Der wurdt gekjeijend wolris ornearre dat de hallusinearjende skaaimerken de oarsaak binne fan de fleanende rindieren en de readwyt klaaide krystman.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: