Cardiff
Cardiff ('it fort oan de Taff'; Welsk: Caerdydd) is de haadstêd fan Wales en is ek de grutste stêd (city) fan dat part fan it Feriene Keninkryk. De stêd leit yn it suden fan Wales oan it Bristolkanaal. De rivier de Taff rint troch de stêd. Kastiel Cardiff is toeristyske attraksje fan belang.
Cardiff Caerdydd | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Steat | Wales | |
Ser. greefskip | Súd Glamorgan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 336.200 (2009) | |
Oerflak | 140 km² | |
Befolkingsticht. | / km² | |
Stêdekloft | 841.600 | |
Hichte | 0-41 m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC0) | |
Simmertiid | BST (UTC+1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webside fan de stêd Cardiff |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeCardiff ûntstie yn 1093 om in kastiel fan de Noarmannen hinne. Op itselde plak hie earder in Romeinsk castellum stien. Oant de 19e iuw wie Cardiff in relatyf lytse stêd, mar troch de yndustrialisaasje en de stienkoalminen groeide de stêd bot. Yn 1883 krige Cardiff in universiteit; it stedhûs waard yn 1904 boud. In jier letter krige Cardiff stedsrjochten (1905) en fyftich jier letter waard it de haadstêd fan Wales (1955). Yn de jierren tachtich ferkommere it havengebiet tige, in gefolch fan de stienkoalkrisis. Wilens is it gebiet omboud nei in kantoarensône en frijetiidssintrum.
Sûnt 1999 hat Cardiff it Millennium Stadium, de grutskens fan de Welsh Rugby Union. Oant it nije Wembley-stadion yn gebrûk naam waard, was dat it grutste stadion fan it Feriene Keninkryk. It is 93 meter heech, dat it is it heechste gebou fan Wales.
Ekonomy
bewurkje seksjeDe haven fan Cardiff, Cardiff Bay of Tiger Bay hjitten, wie yn it ferline ien fan meast drokke haven fan de wrâld, dy't fral tsjinne foar it skypjen en útfieren fan de stienkoal út de noardliker dellingen. Troch de delgong fan de stienkoalwinning yn de jierren tachtich fan de 20e iuw, waard it belang fan de haven in stik minder. De wichtichste yndustriën binne no metaalbewurking, autoproduksje en meganika.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeCardiff leit oan de autosnelwei M4 dy't east-west troch it suden fan Ingelân en Wales rint, fan Londen oant westlik fan Swansea (Abertawe). Cardiff leit ek oan it haadspoar fan Londen nei Fishguard en is it begjinpunt fan ferskate sydlinen. Op sa'n 16 kilometer fan it stedssintrum leit de ynternasjonale lofthaven fan Cardiff. Fan 1942 ôf hie Cardiff in trolleybusnet. Yn 1970 waard dy opheft. No hat de stêd in protte bus- en treinlinen.
Demografy
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal Cardiff | Feroaring |
---|---|---|
1801 | 6,342 | – |
1851 | 26,630 | 320% |
1861 | 48,965 | 184% |
1871 | 71,301 | 84% |
1881 | 93,637 | 31% |
1891 | 142,114 | 52% |
1901 | 172,629 | 21% |
1911 | 209,804 | 22% |
1921 | 227,753 | 9% |
1931 | 247,270 | 9% |
1941 | 257,112 | 4% |
1951 | 267,356 | 4% |
1961 | 278,552 | 4% |
1971 | 290,227 | 4% |
1981 | 274,500 | −5% |
1991 | 272,557 | −1% |
2001 | 292,150 | 7% |
2010 | 341,054* | 17% |