Welsk (Cymraeg) is in Bretonske fariant fan de Keltyske talen, dy't sprutsen wurdt yn it westen fan Grut-Brittanje (Wales) en yn de Chubûtdelling, in Welske koloanje yn Patagoanje, Argentynje. Der is in lyts tal sprekkers yn Ingelân, de Feriene Steaten en Austraalje, en fierder ferspraat oer de gânse wrâld. Welsk en Ingelsk binne de offisjele talen yn Wales.

Persintaazje Welsksprekkers per regio
Twalige weimarkearing yn Wales

It Ingelske “Welsh” is besibbe oan it Nederlânske wurd “waals”, beide wurden betjutte “frjemd, bûtenlânsk”. Yn it Âld-Ingelsk betjut “Wealh” neist frjemde ek slaaf. De betsjutting giet werom nei de namme fan de Gallyske stam de Volcae.

De Welske grammatika en útspraak binne konsekwint. De op twa nei langste plaknammen yn de wrâld binne yn it Welsk:Llanfairpwllgwyngyllgogerychwyrndrobwllllantysiliogogogoch. It is in gearstalling dy’t betjut: foar de tsjerke fan de hillige Maria yn de lijte fan de wite beammen by de draaikolk by Sint Tysilio’s reade grot.

Literatuerteksten yn it Welsk besteane al sûnt 1100. Hjoeddei is de Welske literatuer oan it opbloeien.

Tal sprekkers

bewurkje seksje

Oer de hiele wrâld binne der likernôch 700.000 minsken dy’t it Welsk ferstean en prate. De measten wenje yn Wales (611.000), Ingelân (133.000) en Chubut yn Argentynje. Ek binne der noch lytse mienskippen yn de Feriene Steaten en Kanada. Yn 2004 waard it troch 21,7% fan de befolking sprutsen. Dat wie in stiging fan 2% sûnt 1991. Der binne mear minsken dy’t it Welsk prate kinne. De measte minsken binne twatalich. It Welsk wurdt in soad praten op plattelân fan Wales, yn it noarden en westen. Dêr krijt men echte lessen yn de taal op skoallen. It heechste persintaazje Welsk praters wurdt fûn yn it gebiet Gwynedd. Dêr praat 76,1% fan de befolking Welsk. By de folkstelling fan 2011 waard bekend dat it tal sprekkers yn Wales sûnt 2011 twa persint minder wurden wie, fan 21% yn 2011 nei 19% yn 2011.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Guardian, 11 augustus 2013: Welsh in decline: campaigners call for action as report highlights falling usage (sjoen op 3 july 2014
 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Welske ferzje.