It Bretonsk of Bretûnsk (Bretonsk: Brezhoneg) is in Keltyske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt op it skiereilân Bretanje, dat oan 'e westlike kust fan Frankryk útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. Hoewol't it taalgebiet him op it fêstelân fan Jeropa befynt, is it gjin fuortsetting fan it Lânkeltyske Gallysk út 'e Romeinske Tiid, sa't faak tocht wurdt, mar in Eilânkeltyske taal dy't yn 'e Iere Midsiuwen troch flechtlingen foar de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje fêstige is yn wat doe Armoarika wie. It Bretonsk is in Brytoanyske taal, dy't it naust besibbe is oan it Kornysk fan Cornwall. It is ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en it Bretonske folk; de oare is it Gallo, dat in Romaanske taal is dy't nau oan it Frânsk besibbe is. It Bretonsk hat as iennichste fan 'e seis noch libbene Keltyske talen gjin formele nasjonale erkenning as minderheidstaal. It tal sprekkers is tebekrûn fan 1 miljoen yn 1950 ta 226.000 yn 2007. De taal wurdt no beskôge as slim yn syn fuortbestean bedrige.

Bretonsk
algemien
eigen namme Brezhoneg
lânseigen yn Frankryk
tal sprekkers 226.000 (2007)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Keltysk
    ● Eilânkeltysk
      ● Brytoanysk
        ● Súdwestbrytoanysk
          ● Bretonsk
dialekten Fanneteesk, Kernevysk,
Leönaarsk, Tregorreesk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Frankryk (net nasjonaal)
Bretanje (regio)
taalkoades
ISO 639-1 br
ISO 639-2 bre
ISO 639-3 bre

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Bretonsk is ien fan 'e Keltyske talen, dy't in subgroep foarmje fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen de Keltyske talen heart it ta de Eilânkeltyske talen, mei û.m. it Welsk fan Wales, it Skotsk-Gaelysk fan noardwestlik Skotlân en it Iersk fan Ierlân. Mei it û.m. it Welsk foarmet it Bretonsk de groep fan 'e Brytoanyske talen. Binnen dy taalkloft is it it naust besibbe oan it Kornysk fan Cornwall, wêrmei't it de groep fan 'e Súdwestbrytoanyske talen foarmet. It is wat minder nau besibbe mei it Welsk en it útstoarne Kumbrysk, dy't tegearre de Westbrytoanyske taalgroep foarmje.

 
In twatalich nammebuordsje by de 'Gaosmole' yn Huelgoat. Frânsk: Moulin du Chaos. Bretonsk: Meilh ar C'hleger.

Ut 'e fierte is it Bretonsk ek besibbe mei it Gallysk, in Lânkeltyske taal dy't yn 'e Romeinske Tiid yn Galje sprutsen waard, en ek yn Armoarika (de doetiidske namme foar Bretanje), dat diel útmakke fan Galje. It Gallysk stoar lykwols foar de ein fan 'e sechsde iuw út, om deselde tiid hinne dat lju fan it eilân Grut-Brittanje, dy't op 'e flecht wiene foar de Angelsaksyske ynvaazje, har yn Armoarika nei wenjen setten en dêrmei harren Súdwestbrytoanyske taal nei it fêstelân fan Jeropa oerplanten.

It taalgebiet fan it Bretonsk hat nea hiel it skiereilân Bretanje omfette; it hie syn grutste omfang yn 'e njoggende iuw, doe't de taalgrins yn it easten fan Mont-Saint-Michel oan 'e kust fan It Kanaal nei Saint-Nazaire oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje rûn. Yn 'e omkriten fan Rennes en Nantes, de haadstêden fan Bretanje, dy't beëasten dy line lizze, hat it Bretonsk nea lânseigen west. Dêr waard fan âlds it Gallo sprutsen, in Romaanske taal fan 'e Oïlyske kloft, dy't nau besibbe is oan it Frânsk. De beide talen ferhâlde har ta-inoar lykas it Frysk en it Stedsk of lykas it Skotsk-Gaelysk en it Skotsk.

 
De gebieten bewenne troch de Brytoanyske Kelten yn 'e 6e iuw. De see wie foar harren net in barriêre, mar eat dat it mooglik makke om kontakten te ûnderhâlden.

Fan 'e njoggende iuw ôf hat der sprake west fan in oanhâldende ferskowing fan 'e eastlike taalgrins fan it Bretonsk nei it westen ta, yn it neidiel fan it Bretonsk en yn it foardiel (alteast oant yn 'e njoggentjinde iuw) fan it Gallo. Op 't heden rint dy taalgrins fan Plouha oan noardkust mei in flauwe S-bocht dwers troch Bretanje nei it Rhuys-skiereilân oan 'e súdkust. It Bretonsktalige diel fan Bretanje, oftewol de útein fan it skiereilân, wurdt Neder-Bretanje neamd, wylst it Gallotalige diel Opper-Bretanje hjit.

Tsjin 'e ein fan 'e fjirde iuw, doe't de stadige fal fan it Romeinske Ryk al ynset wie, kamen Brittanjers It Kanaal en de Keltyske See oer om har yn Armoarika, it westlike skiereilân fan Galje, nei wenjen te setten. De kolonisten kamen benammen út Cornwall, Devon en Wales, dielen fan it eilân Grut-Brittanje dêr't it it Latyn noch net slagge wie om 'e lânseigen Brytoanyske talen te ferkringen. De lânferhuzers brochten sadwaande harren eigen Eilânkeltyske taal mei, dy't yn Armoarika woartelskeat en meitiid it Latyn fan it skiereilân ferdreau.

 
In twatalich plaknammeboerd yn Bretanje fan 'e stêd Vannes (Bretonsk: Gwened).

De krekte skiednis efter de lânferhuzing fan 'e Brittanjers nei Armoarika is ûnbekend, hoewol't wol dúdlik is dat it barren yn it ramt fan it Grutte Folkeferfarren pleatst wurde moat. Midsiuwske Bretonske, Anzjevynske en Welske boarnen lizze in bân tusken de lânferhuzing fan 'e Brittanjers en it mooglik mytyske figuer fan Conan Meriadoc. Dat wie neffens Welske boarnen in prins dy't mei in leger út Grut-Brittanje oerkaam op befel fan 'e Romeinske usurpator Magnus Maksimus. Dyselde stjoerde nammentlik in diel fan syn Brittanyske troepen nei Galje om syn oanspraken op 'e keizerstroan krêft by te setten, en joech syn ûnderhearrigen yn Armoarika lân om har op te fêstigjen. Dat ferhaal waard befêstige troch de greven fan Anzjû, dy't harren ôfstamming weromfolgen nei in Romeinsk ofsier fan keizer Gratianus (de fijân fan Magnus Maksimus). Dyselde soe troch Conan op befel fan Magnus Maksimus út Armoarika ferballe wêze.

It is ûndúdlik hoefolle fan dat ferhaal op wierheid berêst, mar yn elts gefal fûn it grutste part fan 'e lânferhuzing fan Brittanjers nei Bretanje nei alle gedachten plak yn 'e fyfde en sechsde iuw, as direkt gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje. Dêrfoar naam nammentlik in diel fan 'e bewenners fan it súdwesten fan dat eilân de wyk nei feiliger gebiet oersee. Histoarisy lykas Léon Fleuriot hawwe suggerearre dat de lânferhuzing yn twa weagen plakfûn: earst in lytse weach fan soldaten en harren húshâldings ûnder Conan Meriadoc yn 'e fjirde iuw, en letter in gruttere weach fan flechtlingen as gefolch fan 'e Angelsaksyske ynvaazje yn 'e fyfde en sechsde iuw. Yn elts gefal wie it dizze folksferhuzing dy't late ta de (wer)fêstiging fan in Keltyske taal (hoewol Eilânkeltysk ynstee fan Lânkeltysk) op it skiereilân dat neitiid Bretanje kaam te hjitten.

 
De tebekgong fan it Bretonske taalgebiet yn kaart brocht.

Iere ûntwikkeling

bewurkje seksje

Yn 'e Midsiuwen foarme Bretanje earst in fazalsteatsje fan it Frankyske Ryk, dat him yn 851 ûntjoech ta it ûnôfhinklike Keninkryk Bretanje. Dêrút kaam yn 939 it krektlyk ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje fuort, dat oant 1532 bestean soe. It Aldbretonsk is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf. It wie nea de offisjele taal fan it Hartochdom Bretanje, in posysje dy't troch it Latyn ynnommen waard oant dat al yn 'e trettjinde iuw troch it Frânsk ferfongen waard (iuwen earder as dat it Frânsk in offisjele status krige yn it Keninkryk Frankryk). Fan 'e tolfde iuw ôf begûnen de Bretonske adel en de geastlikheid Frânsk te sprekken en waard it Bretonsk de taal fan 'e gewoane man, benammen op it plattelân. Ek yn 'e tiid fan it Midbretonsk, nei't Bretanje yn 1532 troch Frankryk anneksearre wie, feroare der oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk net folle.

Pas troch de Frânske Revolúsje fan 1789 kaam de posysje fan it Bretonsk as sprektaal fan it miene folk faai te stean. De Revolúsje droech nammentlik njonken de ideälen fan frijheid, gelikensens en bruorskip ek in nije nasjonale filosofy út, dy't hawwe woe dat alle Frânsen ien folk foarmen. Foar etnyske minderheden en minderheidstalen wie yn it nije Frankryk gjin romte mear. Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'e njoggentjinde iuw besocht om fia it ûnderwiis alle sprekkers fan minderheidstalen oergean te litten op it Frânsk. Skoalbern waarden bgl. op 'e skoallen yn Bretanje troch de ûnderwizers swier bestraft as se har memmetaal sprieken. It wie de bedoeling dat it Bretonsk en de Bretonske kultuer sa gau mooglik folslein útrûge wurde soene, sadat de Bretonnen yn 'e etnysk Frânske befolking assimilearre wurde koene. Ferneamd binne de buordsjes wurden yn 'e skoallen mei de tekst "Il est interdit de parler breton et de cracher par terre." ("It is ferbean om Bretonsk te sprekken en op 'e flier te spuien.") Soks waard troch de Frânske steat as frijwol itselde beskôge. Dit belied hold oant de 1960-er jierren oan.

 
In twatalich boerd by in twatalige Diwanskoalle yn Rennes.

Hoewol't it útrûgjen net slagge, waard oan 'e maatskiplike posysje fan it Bretonsk al in swiere slach tabrocht. Mids tweintichste iuw waard it Bretonsk yn Neder-Bretanje noch rûnom sprutsen, mar likegoed kaam it der al raar foar te stean om't âldelju de taal net mear oerdroegen oan harren bern. Dy ûntjouwing ûntstie op basis fan 'e mispleatste opfettings dat de bern mear kinne soene mei in Frânsktalige opfieding en dat in Bretonsktalige eftergrûn harren allinne mar behinderje soe by it opbouwen fan in goed libben. Yn 1930 wiene der 1,3 miljoen minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene. Yn 1950 wiene der noch 1 miljoen memmetaalsprekkers, fan wa't 100.000 it Frânsk net machtich wiene. Yn 2007 wie it tal memmetaalsprekkers fan it Bretonsk yn Bretanje sakke nei 210.000 minsken.

Weroplibbing

bewurkje seksje

Yn 'e 1970-er jierren ûntstie yn reäksje dêrop in taaloplibbing wêrby't pleatslike (mar net de nasjonale) autoriteiten it brûken fan it Bretonsk begûnen oan te fiterjen. Fan 1977 ôf waarden der twatalige skoallen iepene, de saneamde Diwanskoallen, dy't troch ûnderdompeling yn in Bretonsktalich fermidden skoalbern de taal wer by besochten te bringen. Dêrnjonken bestiet der in Bretonsktalige literatuer fan skriuwers as Yann-Ber Kalloc'h, Roparz Hemon, Anjela Duval, Pêr-Jakez Helias en Youenn Gwernig. It wichtichste tydskrift yn it Bretonsk is Al Liamm, dat yn 1946 fuortkaam út it eardere Gwalarn. De stripferhalen fan Asterix de Galjer (dy't yn Bretanje spylje) en ferskate oare stripfigueren binne yn in Bretonsktalige oersetting ferskynd, der wie in Bretonsktalige komeedzjesearje, Ken Tuch, op 'e regionale tillefyzje, fan 1998 oant 2019 bestie der in Bretonsktalige radiostjoerder, Radio Kerne, en foar ferskate films, wêrûnder Shakespeare in Love, is in Bretonsktalige neisyngronisearring makke.

 
It Ofis Publik ar Brezhoneg, koartwei it Ofis ar Brezhoneg ("Buro foar it Bretonsk") is in oerheidsynstânsje dy't yn 1999 oprjochte waard troch de regio Bretanje om it gebrûk fan it Bretonsk oan te fiterjen.

Behalven nei it Frânsk besteane der no ek Bretonske oersetwurdboeken nei it Ingelsk, Dútsk, Spaansk, Nederlânsk en Welsk. Yn 1995 ferskynde Geriadur Brezhoneg an Here, it earste wurdboek dat Bretonske wurden yn it Bretonsk beskriuwt. Yn 1999 waard it Ofis Publik ar Brezhoneg ("Iepenbier Buro foar it Bretonsk") troch it regear fan 'e regio Bretanje opset om it gebrûk fan it Bretonsk oan te moedigjen. Yn 'e iere ienentweintichste iuw begûn dy ynstelling de Ya d'ar brezhoneg-kampanje om it deistich gebrûk fan it Bretonsk yn 'e regio Bretanje troch sawol bedriuwen as partikulieren oan te fiterjen. As ûnderdiel fan dy kampanje is besocht om Bretonsktalige paadwizers en oare buorden ophongen te krijen, en Bretonsktalige posters te meitsjen foar eveneminten. Yn maart 2007 tekene it Ofis Publik ar Brezhoneg in oerienkomst fan trije partijen mei de Regionale Ried fan Bretanje en softwaregigant Microsoft foar de ûntwikkeling fan Bretonsktalige kompjûterprogramma's. Yn 2014 foege Facebook it Bretonsk ta as ien fan syn 121 talen nei in kampanje dêrfoar fan it Ofis, dy't trije jier duorre hie.

De iennichste offisjele taal fan 'e Frânske Republyk is it Frânsk. Gjin inkele minderheidstaal genietet boppedat yn Frankryk op nasjonaal nivo erkenning. Dêrmei is it Bretonsk de iennichste Keltyske taal wêrfan't it bestean anno 2020 noch net erkend is. Yn july 2008 waard de tekst fan 'e Frânske Grûnwet oanpast. De sin "De taal fan 'e Republyk is it Frânsk," bleau stean, mar dêr waard kêst 75-1 oan tafoege, dat stelt: "de streektalen hearre ta it erfskip fan Frankryk." Dy tekst is lykwols sa dizenich dat it wol fan alles betsjutte kin, en der waard gjin inkele ferplichting oan taheakke om dat 'erfskip' foar it neislachte te behâlden.

 
De ferdieling fan 'e Bretonsksprekkers nei absolute oantallen oer de histoaryske dielen fan Bretanje.

Yn 2004 binne it Bretonsk en it Gallo troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje wol erkend as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Mar dat is winliken inkeld in symboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen.

Tal sprekkers

bewurkje seksje

Neffens sifers út 2007 wiene der doe noch 226.000 memmetaalsprekkers fan it Bretonsk. Dêrfan wennen 210.000 yn 'e regio Bretanje en it departemint Loire-Atlantique, gebieten dy't tegearre it histoaryske Bretanje foarmje. Dy lju meitsje dêr 4,7% fan 'e befolking út. Neffens gegevens út 1999 spriek doe noch 12% fan alle folwoeksenen yn it histoaryske Bretanje Bretonsk, mar dêrby wiene twadde-taalsprekkers meirekkene. Nochris 16.000 oare memmetaalsprekkers fan it Bretonsk wennen yn 2007 om utens yn 'e stêdekloft fan Parys. Twadde-taalsprekkers meirekkene waard it Bretonsk yn 2008 sprutsen en ferstien troch tusken de 300.000 en 500.000 minsken. Dêrby moat oantekene wurde dat it meastepart fan 'e sprekkers ta de âlderein heart: yn 2007 wie 61% âlder is as 60 jier. Dêrtroch buorket it mei it Bretonsk hurd efterút. Oan 'e oare kant is it persintaazje skoalbern dat Bretonske lessen folget, tusken 2006 en 2012 mei 33% omheech gien nei 14.709.

 
De dialekten fan it Bretonsk.

It Bretonsk hat fjouwer ûnderskate dialekten: it Fanneteesk (Bretonsk: Gwenedeg; Frânsk: Vannetais), it Kernevysk (Bretonsk: Kerneveg; Frânsk: Cornouillais), it Leönaarsk (Bretonsk: Leoneg; Frânsk: Léonard) en it Tregorreesk (Bretonsk: Tregerieg; Frânsk: Trégorrois). It Leönaarsk wurdt yn it uterste noardwesten fan it skiereilân Bretanje sprutsen, yn 'e omkriten fan Saint-Pol-de-Léon. It Tregorreesk wurdt fuort beëasten dêrfan sprutsen, oan 'e noardkust yn 'e krite fan Tréguier. It taalgebiet fan it Kernevysk beslacht in grutter oerflak besuden de beide oare dialekten yn 'e westpunt fan it skiereilân, mei as sintrum de stêd Quimper. Ek op it grutte eilân Belle-Île, yn 'e Golf fan Biskaje, wurdt Kernevysk sprutsen. Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk foarmje in stadich yninoar oerrinnend dialektkontinuum mei in protte soartgelikense wurdfoarmen. Se binne sadwaande ûnderling goed fersteanber. It fjirde dialekt, it Fanneteesk, dat oan 'e súdkust fan Bretanje sprutsen wurdt mei as sintrum de stêd Vannes, wykt frij sterk fan 'e oare dialekten ôf en is foar de sprekkers fan dy dialekten net of mar amper fersteanber.

Skrift en stavering

bewurkje seksje

It Bretonsk wurdt lykas frijwol alle talen yn West-Jeropa skreaun yn it Latynske alfabet. De grûnslach foar de Bretonske stavering waard begjin njoggentjinde iuw lein troch Jean-François Le Gonidec. De earste moderne stavering dy't foar Bretonsk betocht waard, wie de saneamde KLT-stavering fan 1911. Dy gie út fan 'e útspraak fan it Kernevysk, it Leönaarsk en it Tregorreesk, mar liet it ôfwikende Fanneteesk bûten beskôging. Mei't soks net foldie, waard yn 1941 in kompromisstaveringssysteem betocht, dat de KLT-stavering feriene mei de Fanneteeske stavering. It meast opfallende ûnderdiel fan dy Peurunvan oftewol "Folslein Feriene Stavering" wie de saneamde Bretonske zh, dy't de -z fan 'e trije westlike en noardlike dialekten kombinearre mei de korrespondearjende -h út it súdlike Fanneteesk. Men komt de Bretonske zh bgl. tsjin yn 'e Bretonske namme foar 'Bretanje', Breizh, dy't op twa ferskillende manearen útsprutsen wurde kin. Yn it Kernevysk, Leönaarsk en Tregorreesk seit men fan [bʀɛjs] (likernôch: "bcheis"), stavere as Breiz, wylst men yn it Fanneteesk seit fan [bʀɛχ] (likernôch: "bchech"), stavere as Breih. De stavering Breizh kin dan op beide manearen útsprutsen wurde (krekt sa't de stavering fan wurden as "laitsje" en "heit" yn Wâldfrysk oars útsprutsen wurde as yn it Klaaifrysk, mar dochs itselde skreaun wurde).

De Peurunvan-stavering waard nea botte populêr mank Bretonskskriuwers om't de sprekkers fan gjin inkel dialekt harsels der eins yn werkenden. Yn 1955 stelden François Falc'hun en in groep meistanners in nije stavering foar, de Skolveurieg of "Universiteitsstavering", dy't de skriuwwize fan it Bretonsk op dy fan it Frânsk basearre. Dy stavering krige fan 'e Frânske oerheid erkenning as de 'offisjele stavering fan it Bretonsk', mar yn Bretanje sels woe hast nimmen der wat fan witte, om't it as in ûnakseptabele fierdere beynfloeding fan it Bretonsk troch it Frânsk sjoen waard. Tsjintwurdich meitsje inkeld it tydskrift Brud Nevez en de útjouwerij Emgléo Breiz noch gebrûk fan 'e Skolveurieg. Tusken 1971 en 1974 waard wer in oare stavering ûntwurpen, de Etrerannyezhel of "Ynterdialektale Stavering", basearre op 'e histoaryske foarmen fan wurden. Dy krige lykwols nea in foet oan 'e grûn. Tsjintwurich makket de grutte mearderheid fan 'e Bretonske auteurs gebrûk fan 'e Peurunvan, as bêste fan in tal minne opsjes, en dy stavering wurdt no ek op 'e measte skoallen ûnderwiisd.

Bretonsk alfabet

bewurkje seksje

It Bretonsk makket gebrûk fan in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet mei 25 letters. De c, q en x komme net foar, mar ch en c’h foarmje selsstannige letters.

A a B b Ch ch C’h c’h D d E e F f G g
H h I i J j K k L l M m N n O o
P p R r S s T t U u V v W w Y y
Z z

It Bretonsk hat tsien fokalen, in oantal dat lykwols inkeld yn 'e útspraak ta utering komt, en net yn 'e stavering. De [a] (a fan "rak") en de [ɑ] (a fan it Hollânske bak, dy't justjes mear nei de o fan "hok" niget) wurde allebeide skreaun as a. De [ɛ] (e fan "lek") en de [e] (ee fan "leek", mar koarter oanholden) wurde allebeide skreaun as e. De [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok") wurde allebeide skreaun as o. De [œ] (u fan "put") en de [ø] (eu fan "leuk") wurde allebeide skreaun as eu. Fierders binne der noch de [i] (y fan "wyt"), skreaun as i; de [y] (ú fan "tút"), skreaun as u; en de [u] (û fan "tûk"), skreaun as ou. Yn it Fanneteesk komt fierders ek noch de sjwa of reduksjefokaal [ə] (e fan "gewoan") foar.

De [a], [ɛ], [e] en [ɔ] komme inkeld as koarte fokalen foar, de [ɑ] komt inkeld foar as in lange fokaal, en de [i], [o], [u] en [y] komme sawol koart as lang foar. Alle fokalen kinne ek yn nasale foarm foarkomme; soks wurdt yn 'e stavering ta utering brocht troch de stomme letter ñ, dy't sels net útsprutsen wurdt, mar de nasaliteit fan 'e foargeande fokaal werjout. Twalûden dy't yn alle dialekten foarkomme, binne aou [ɔʊ] (o fan "hok" folge troch û fan "rûch"), ei (ei fan "bei" mei Wâldfryske útspr.), eeu [eø] (e fan "leek" folge troch eu fan "leuk"), [ey] (ee fan "leek" folge troch ú fan "tút"), eue (eu fan "leuk" folge troch e fan "leek"), oe [ɔɛ] of [wɛ] (o fan "hok" folge troch e fan "lek" of w fan "skowe" folge troch e fan "lek"), [oy] (o fan "bok" folge troch ú fan "tút") en ui [ɥi] (w fan "skowe" folge troch y fan "wyt").

Oare fokaalkombinaasjes hawwe ferskillende útspraken, lykas , dat yn it Leönaarsk útsprutsen wurdt as [u] (û fan "rûch"), yn it Tregorreesk en Kernevysk as [o] (o fan "bok") en yn it Fanneteesk as as [ø] (eu fan "leuk"), [ow] (likernôch oo fan "slachboom") of [aw] (likernôch au fan "lau"). Kapkes op fokalen jouwe oan dat it in lange fokaal is, mar feroarje de útspraak fierders net, lykas yn â [ɑː] of ôa [oːa].

Bretonske
stavering
IPA omskriuwing
a [a]
[ɑː]
a fan "bak"
aa fan "kaak", mar wat fierder nei in ô-klank niigjend
e [ɛ]
[e]
(Fanneteesk ek [ə])
e fan "lek"
ee fan "leek", mar koarter oanholden
(e fan "gewoan")
i [i]
[iː]
y fan "wyt"
ii fan "wiid"
o [o]
[ɔ]
[oː]
o fan "bok"
o fan "hok"
oo fan "rook"
ou [u]
[uː]
û fan "rûch"
û fan "sûch"
u [y]
[yː]
ú fan "tút"
ú fan "drúf"

Fan 'e Bretonske konsonanten hawwe b, d, f, h, k, l, m, n, p, s, t, v en z deselde útspraak as yn it Frysk. Beskate oare klanken dy't yn it Frysk ek foarkomme, wurde yn it Bretonsk skreaun mei ch (sj fan "sjippe"), g (g fan "goed"), gn (nj fan "njonken"), gw (de begjinklank fan "goarre"), j (zj fan "bagaazje"), kw (kw fan "kwartsje"), w (w fan "skowe"), en y (j fan "jas"). Krekt as it Nederlânsk en Frysk, mar oars as it Ingelsk, hat it Bretonsk einûntstimming, wêrby't stimhawwende klanken oan 'e ein fan wurden stimleas wurde (yn it Frysk seit men "reade" mei in [d], mar "read" mei in [t]). Dat betsjut dat letters as b, d, g en z yn it Bretonsk oan 'e ein fan wurden klinke as p, t, k, resp. s.

De c’h hat ferskillende útspraken: yn wurdinisjale posysje [h] (h fan "hin"), yn wurdeinige posysje [x] (ch fan "berch") en midden yn wurden [x] yn it Kernevysk en Tregorreesk, [ɣ] (g fan "bûge") yn it Leönaarsk en [h] yn it Fanneteesk. De zh wurdt yn it Kernevysk, Tregorreesk en Leönaarsk útsprutsen as [z] (z fan "raze"), mar yn it Fanneteesk as [h] (h fan "him"). De Bretonske r is tsjintwurdich faak de breikjende r dy't yn it Frânsk ek brûkt wurdt, mar yn konservative dialekten yn 'e punt fan it skiereilân is de útspraak noch [r] (de rôljende r út it Frysk).

Bretonske
stavering
IPA omskriuwing
b [b] b fan "bêd"
ch [ʃ] sj fan "sjippe"
c’h [x]
[h]
[ɣ]
ch fan "berch"
h fan "him"
g fan "bûge"
d [d] d fan "dak"
f [f] f fan "fak"
g [ɡ] g fan "goed"
gn [ɲ] nj fan "njonken"
gw [ɡʷ] begjinklank fan "goarre"
h [h] h fan "him"
j [ʒ] zj fan "bagaazje"
k [k] k fan "kap"
k [kʷ] kw fan "kwartsje"
l [l] l fan "lak"
lh [ʎ] j fan "jas", mar sêfter útspr.
m [m] m fan "min"
n [n] n fan "net"
p [p] p fan "pet"
r [ʀ]
regionaal ek oare útspr.
breikjende r
s [s] s fan "sin"
t [t] t fan "tûk"
u [ɥ] w fan "skowe", mar hiel sêft útspr.
v [v] v fan "weve"
w [w] w fan "skowe"
y [j] j fan "jas"
z [z] z fan "raze"
zh [h], wurdeinich [x]
[z], wurdeinich [s]
h fan "him", ch fan "berch"
z fan "raze", s fan "sin"

Bretonske eleminten yn plaknammen

bewurkje seksje
 
Twatalige bepaadwizering yn Quimper.

Foar in better begryp fan plaknammen yn it Bretonsk:[1]

  • aber = riviermûning
  • avon = rivier
  • beg, bec = foarberchtme, kaap
  • bihan = lyts
  • enez = eilân
  • iliz = tsjerke
  • izel = leech (net heech)
  • ken = moai
  • kenavo = oant sjen
  • ker = hûs, stins, doarp, buorskip
  • lann = hillige, wijd plak; moeras
  • lok, loc = oan in hillige wijd plak of de hutte fan in heremyt
  • maen, men = stien
  • menez = berch
  • mor = see
  • penn = kaap, berchtop of hichte, útstekkende rots
  • plou, plu = gemeente, parochy
  • skol = skoalle
  • ti, ty = hûs
  • tre = wyk, tsjerkedoarp
  • uhel = heech

Keppelings om utens

bewurkje seksje


 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Bretonske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. TOPONIMIG - Des mots courants

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.