Gratianus
Flavius Gratianus (18 april of 23 maaie 359 - 25 augustus 383) wie keizer fan 4 augustus 367 oant 25 augustus 383; Earst yn it westen tegearre mei syn heit Falentinianus I, letter mei syn healbroer Falentinianus II. Yn it easten wie hy mei Falentinianus II de ienige keizer nei de dea fan Falens (378) oant de beneaming fan Theodosius I (379). Hy stie bekend as in swakke keizer.
Jeugd
bewurkje seksjeGratianus wie de soan fan Falentinianus I en syn earste frou Severa, en waard yn 359 berne yn Sirmium yn Pannoanje. As bern beselskippe hy yn 367 syn heit op fjildtocht tsjin de Allemannen yn Galje. Syn heit waard slim siik en it hie der oan oft er stjerre soe. Mar Falentinianus waard wer better en beneamde Gratianus as mei-keizer. In soad (lykas generaals as Falentinianus sels) hienen hjirby harren betinkings. Gratianus, wie seker net dom, mar hy hie it net yn him om legeroanfierder te wurden, al hoe't syn heit it ek besocht.
Keizer fan it Westen
bewurkje seksjeDêrom, en om in opstân fan it leger te foar tekommen, waard nei de dea fan Valentinianus yn 375 syn fjourwer jier âld soan Falentinianus II as mei-keizer útroppen. Gratianus wie hjir net echt bliid mei, mar skikte him der wol yn.
Yn 378 frege Falens, de keizer yn it easten, help by in ekspedysje tsjin de Fisigoaten, dy't yn Thraasje yn opstân komd wienen. Gratianus stjoerde in leger, maar tsjin syn befel yn besleat de legerlieding om in oantal legioenen net meigean te litten. Dit foarbyld lit sjen dat Gratianus net folle gesach hie by syn leger. Efterôf besjoen wie it wol in goeie set om de troepen thûs te litten, want doe't Gratianus fuort wie nei it easten foelen de Allemannen oan. Dizzen koenen folslein ferslein wurde troch it westlike leger.
Yn it easten woe Falens net op Gratianus wachtsje: hy foel allinnich oan. De Slach by Adrianopel op 9 augustus 378 waard lykwols in katastrofe; twatredde fan it eastlik leger waard ferneatige, en keizer Falens skeat it libben derby yn.
Gratianus, dy't sels gjin goeie militêr wie kaam yn 'e problemen. Dêrom helle liet hy de jonge Theodosius út Spanje komme en makke him ta oanfierder fan syn troepen yn it easten. Dizze hie aardich wat súkses tsjin de ynfallers, en op 19 jannewaris beneamde Gratianus him as mei-keizer yn it easten. Hy gie sels wer werom nei it westen.
Gratianus wie yn kristen, en liet ûnder ynfloed fan de biskoppen in soad wetten útfeardige tsjin it âlde Romeinske heidenske leauwen. Dit joech him in soad tsjinstân. As antwurd wegere Gratianus tenei de titel Pontifeks Maximus (opperpreester) te fieren. Dizze titel waard sûnt dy tiid fierd troch de pausen.
Gratianus ein
bewurkje seksjeBegjin 383 kaam usurpator Magnus Maksimus yn Brittanje tsjin Gratianus yn opstân. Hy naam Galje en Spanje yn besit en hie net folle te duchtsjen fan Gratianus. Dizze stried tsjin Maksimus, mar by Parys rûn hiel syn leger oer nei de opstannelingen, ynklusief generaal Merobaudes. Gratianus luts him werom en besocht nei Itaalje te ûnkommen. Op de flecht waard hy finzen nommen en fermoarde.