Brytoanyske talen

(Trochferwiisd fan Súdwestbrytoanyske talen)

De Brytoanyske talen, ek wol de Brittannyske talen neamd, foarmje ien fan 'e beide noch libbene taalgroepen fan 'e Keltyske taalfamylje. Dizze talen geane werom op in mienskiplike oertaal, it Proto-Brytoanysk, dat fan 'e Izertiid oant de ein fan 'e Romeinske Tiid op it eilân Grut-Brittanje besuden de Firth fan Forth sprutsen waard. Noardlik dêrfan waard it Piktysk sprutsen, dat wierskynlik besibbe, en mooglik sels ien fan 'e Brytoanyske talen wie. Ut it Proto-Brytoanysk ûntjoegen har tsjin 'e Iere Midsiuwen it Welsk en it letter útstoarne Kumbrysk (de Westbrytoanyske talen) en ek it Kornysk en it Bretonsk (de Súdwestbrytoanyske talen). Hjoed oan 'e dei wurde de Brytoanyske talen noch as memmetaal sprutsen troch sa'n 950.000 minsken.

Brytoanyske talen
algemien
oare namme(n) Brittannyske talen
lokaasje Grut-Brittanje (eilân) en
   Bretanje
tal talen 4 (of 5) (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±950.000 (2007-2015)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Keltysk
    ● Eilânkeltysk
      ● Brytoanysk
subgroepen Westbrytoanyske talen
Súdwestbrytoanyske talen

De term 'Brytoanysk' waard 1879 betocht troch de Welske keltisist John Rhys. Hy gie út fan it Welske wurd Brython, mei de betsjutting fan in lânseigen, Keltyske bewenner fan it eilân Grut-Brittanje (wêrby't de letter arrivearre Gaelen út Ierlân en Angelsaksen fan it fêstelân fan Jeropa útsletten binne). Uteinlik giet de term 'Brytoanysk' werom op it Proto-Brytoanyske endonym *Pritanī, dat yn 'e foarm fan Πρεττανικη, Prettanike, om 320 f.Kr. hinne optekene waard troch Pyteäs, in ûntdekkingsreizger út 'e Grykske koloanje Massalia. Itselde wurd is foar it Proto-Keltysk rekonstruëarre as *Kʷritanoi, dat kaam fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *kʷer- mei de betsjutting "snije", "meitsje" (yn it Frysk bewarre bleaun as "kervje").

 
De lokaasje fan 'e Brytoanyske talen op 'e Britske Eilannen en yn Bretanje.
     kearngebiet fan 'e Brytoanyske talen
     no noch mar marzjinaal Brytoanysk

Taalbesibskip

bewurkje seksje

De Brytoanyske taalgroep omfettet trije fan 'e seis libbene Keltyske talen, te witten: it Welsk fan Wales, it Kornysk fan Cornwall en it Bretonsk fan Bretanje. De oare trije (Iersk, Skotsk-Gaelysk en Manksk) foarmje mei-inoar de Gaelyske talen. De Keltyske taalfamylje heart mei û.m. de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen ta de grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje.

Binnen de Keltyske taalkloft is de ûnderlinge relaasje tusken de Gaelyske en de Brytoanyske talen noch altyd net alhiel dúdlik. Der binne twa wichtige teoryen. De tradisjonele teory, dy't ûnder taalkundigen noch altyd de measte oanhing hat, giet derfan út dat der twa haadgroepen wiene: de no útstoarne Lânkeltyske talen (mei dêrûnder bgl. it Gallysk) en de Eilânkeltyske talen, dy't har nei de Keltyske kolonisaasje fan 'e Britske Eilannen fierder opspjalten yn 'e Brytoanyske en de Gaelyske talen.

Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan 'e Proto-Keltyske oertaal ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.

 
In lânkaart fan 'e Britske Eilannen mei dêrop oanjûn de fersprieding fan 'e ûnderskate befolkingsgroepen om it jier 450 hinne:
     Gaelen
     Brytoanen
     Pikten

Hoe't it Piktysk, dat fan 'e Izertiid oant de Iere Midsiuwen yn sintraal en noardlik Skotlân sprutsen waard, him ferhâldt ta de Brytoanyske talen, is noch ûndúdlik. Fan it Piktysk is sa'n bytsje skriftlik oerlevere, dat it dreech te sizzen is hokfoar taal dat eins wie. Foarhinne waard it gauris klassifisearre as in isolearre taal, mar tsjintwurdich hingje in protte taalkundigen derta oer om it foarsichtich by de Keltyske talen yn te dielen. It wie dêrom wierskynlik besibbe oan 'e Brytoanyske talen, en mooglik wie it sels in Brytoanyske taal, mar it soe ek in sustertaal fan it Proto-Brytoanysk west hawwe kinne.

De moderne Brytoansyke talen hawwe har ûntjûn út in mienskiplike oertaal, it Proto-Brytoanysk, dat op syn lêsten tsjin 'e sechsde iuw f.Kr. út it iere Eilânkeltysk ûntstien wêze moat. It is dúdlik dat foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid op it meastepart fan it eilân Grut-Brittanje besuden de Firth fan Forth en de rivier de Clyde, yn wat no sintraal Skotlân is, Brytoanysk sprutsen waard. Noardlik fan 'e Firth fan Forth en de Clyde waard it Piktysk sprutsen dat al of net in foarm fan Brytoanysk of oars wierskynlik in sustertaal fan it Proto-Brytoanysk wie. Der wurdt wol tocht dat ek op it eilân Man, yn 'e Ierske See, oarspronklik in Brytoanyske taal sprutsen waard, dy't dan letter ferfongen is troch it hjoeddeistige Gaelyske Manksk. Dat is lykwols in teory dêr't net folle bewiis foar is. Neffens in oare, frij kontroversjele, teory (dy't troch û.o. T.F. O'Rahilly oppenearre is) soe ek yn in diel fan Ierlân oarspronklik in Brytoanyske taal sprutsen wêze, ornaris oantsjut as Ivernysk, foar't dêrfoar it Gaelyske Primityf Iersk yn it plak kaam.

Yn it tiidrek tusken 43 en 410, doe't Ingelân, Wales en súdlik Skotlân oerhearske waarden troch it Romeinske Ryk, krongen yn it Proto-Brytoanysk withoefolle Latynske lienwurden troch. Dat wiene sawol oantsjuttings foar begripen dy't yn 'e pre-urbane maatskippij fan Keltysk Grut-Brittanje ûnbekend wiene, as nije termen foar frij aldendeiske wurden, wêrfoar't de lânseigen Brytoanyske namme út 'e geunst rekke wie. In foarbyld fan it lêste type is it wurd foar "fisk", dat yn alle moderne Brytoanyske talen in lienwurd op basis fan it Latynske piscis is ynstee fan in wurd neffens de Proto-Brytoanyske woartel *ēskos. (Dy lêste term hat lykwols wierskynlik àl oerlibbe yn 'e Welske namme fan 'e rivier de Usk, Wysg.) Yn totaal komme hjoed oan 'e dei yn 'e trije moderne Brytoanyske talen sa'n 800 fan dy iere lienwurden út it Latyn foar.

It liket der sterk op dat binnen it Proto-Brytoanysk tsjin 'e ein fan 'e Romeinske Tiid en it begjin fan 'e Midsiuwen twa grutte dialektgroepen ûnderskaat wurde koene. Westbrytoanysk waard sprutsen yn Wales, de westlike en noardwestlike dielen fan Ingelân en súdlik Skotlân, wylst Súdwestbrytoanysk foarkaam yn it súdwesten fan Ingelân. Men mei oannimme dat der ek in Eastbrytoanyske dialektgroep yn it easten fan Ingelân bestien hat, mar dy hat frijwol gjin bewiis neilitten. Tsjin 'e sechsde iuw wiene beide bekende dialektgroepen útinoar oan it fallen yn elts twa nau besibbe talen: it Westbrytoanysk yn it Welsk en it Kumbrysk, en it Súdwestbrytoanysk yn it Kornysk en it Bretonsk. Dy lêste taal kaam ta ûntwikkeling nei't it Súdwestbrytoanysk fan Cornwall en Devon troch in grutte kliber flechtlingen foar de Angelsaksyske ynvaazje fan Grut-Brittanje oerbrocht wie nei it skiereilân Bretanje, dat ûnderdiel útmakket fan it fêstelân fan Jeropa.

Yn 'e (eastlike) dielen fan Grut-Brittanje, dy't troch de Angelsaksen ferovere waarden, wennen yn dyselde tiid perfoarst ek noch grutte oantallen Kelten, mar harren Eastbrytoanyske dialekten strûpten der meitiid ûnder doe't se oer in perioade fan in pear iuwen massaal de Angelsaksyske taal fan 'e ynfallers oernamen. Underwilens kamen de noardlikste Brytoanyske dialekten en it Piktysk yn Skotlân ûnder druk te stean doe't Gaelysktalige Skoaten (oan wa't Skotlân syn moderne namme ûntlient) út Ierlân har op 'e Skotske westkust nei wenjen setten en dêr it keninkryk Dalriada fêstigen.

Meitiid gie hiel Ingelân foar de Brytoanyske talen ferlern, op it Súdwestlik Skiereilân nei. Itselde gou foar súdlik Skotlân. It Welsk wist him yn Wales te hanthavenjen, mar yn Kumbrje, yn it uterste noardwesten fan Ingelân, stoar it Kumbrysk yn 'e tolfde iuw út. Foar it Kornysk gie Devon yn 'e alfde iuw ferlern, en ek dêrnei moast de taal stadichoan mear terrein priisjaan, oant it om 1750 inkeld noch op it uterste puntsje fan it skiereilân sprutsen waard. Dolly Pentreath, dy't de lêste memmetaalsprekster fan it Kornysk west hawwe soe, stoar yn 1777. Yn 'e tweintichste iuw waard de taal lykwols by de Kornyske taaloplibbing nij libben ynblaasd.

Mei-inoar wiene der neffens tellings út 'e perioaden fan 2007 oant 2015 sa'n 950.000 memmetaalsprekkers fan Brytoanyske talen, mei dêropta noch in ûnbekend oantal twadde-taalsprekkers. De Gaelyske talen binne:

 
De ûnderskate Brytoanyske talen.
  • it Bretonsk, sprutsen op it skiereilân Bretanje, op it fêstelân fan Jeropa, dat diel útmakket fan Frankryk. Dizze taal wurdt benammen sprutsen yn Neder-Bretanje, de westlike útein fan it skiereilân. Yn 2007 wiene der 210.000 memmetaalsprekkers yn Bretanje, mei dêropta nochris 16.000 yn 'e stêdekloft fan Parys, sadat it totaal útkaam op 226.000 sprekkers.
  • it Kornysk, dat fan âlds yn it greefskip Cornwall, yn súdwestlik Ingelân sputsen waard, stoar yn 1777 út. Yn 'e tweintichste iuw waard it troch de Kornyske taaloplibbing wer nij libben ynblazen. Yn 2015 wiene der 300 oant 400 memmetaalsprekkers, mei dêropta sa'n 325 oant 625 twadde-taalsprekkers.
  • it Welsk is de oarspronklike taal fan Wales. Neffens de Britske folkstelling fan 2011 wiene der doe 562.000 memmetaalsprekkers fan it Welsk yn Wales, wylst er nei skatting nochris sa'n 100.000 oant 150.000 yn Ingelân wennen (benammen konsintrearre yn 'e grinskrite mei Wales en yn 'e stêdekloft fan Londen. Yn 'e Argentynske steat Chubut libje noch 1.500 oant 5.000 lju dy't it Welsk as memmetaal hawwe, en yn Kanada jildt datselde foar krapoan 4.000 minsken. Yn totaal komt it tal memmetaalsprekkers fan it Welsk dêrmei út op sa'n 721.000 minsken. Yn Wales wenje, neffens gegevens út 2011, ek noch 68.000 twadde-taalsprekkers fan it Welsk.

Underferdieling

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.