In koloanje (fan it Latynske colonia) is yn 'e polityk en de skiednis in gebiet dat ûnder it direkt polityk bestjoer stiet fan in steat dy't ornaris op oansjenlike geografyske ôfstân leit. In koloanje ûnderskiedt him fan it memmelân faak troch dy ôfstân, mar benammen troch it feit dat it in gebiet is dat troch it memmelân eksploitearre wurdt foar syn natuerlike helpboarnen, lykas grûnstoffen of lânbougrûn. As in lân mear as ien koloanje hat, kin sprutsen wurde fan in koloniaal ryk. It stribjen nei de fêstiging fan koloanjes hjit kolonialisme; it proses fan it stiftsjen fan in koloanje hjit kolonisaasje.

Koloanjes yn 1898.
Dizze side giet oer it steatkundige begryp 'koloanje'. Foar oare betsjuttings, sjoch: koloanje (betsjuttingsside).

Skiednis bewurkje seksje

Fan 'e fyftjinde iuw ôf kin oangeande de polityk fan Jeropeeske lannen sprutsen wurde fan it begryp kolonialisme. Dat sette foar it meastepart útein mei hannel mei fiere gebieten. Om (Jeropeeske) konkurrinten te behinderjen om fan deselde hannel te profitearjen, waarden yn sokke gebieten permaninte delsettings stifte dy't bewapene waarden om 'e hannelsbelangen te ferdigenjen. Meitiid ûntjoech him dat ta in bestjoerlike konstruksje, wêrby't sokke gebieten har selsbestjoer alhiel ferlearen en ûnder Jeropeesk bewâld kamen. Behalven ekonomyske omtinkens spilen by dy ûntjouwing faak ek oare motiven in rol, lykas it nasjonaal prestiizje en kulturele en religieuze sindingsdrang.

In soad fan 'e ierste koloanjes waarden fêstige yn Noard- en Súd-Amearika, dêr't de lânseigen Yndiaanske befolking alhiel ferkrongen en yn guon gebieten assimilearre waard troch Jeropeeske kolonisten. Nei likernôch trijehûndert jier wiene guon gebieten dêre like tichtbefolke as it Jeropeeske memmelân, mei in koloniale befolking fan fierhinne Jeropeesk komôf. Lykwols waard de eksploitaasje fan dy gebieten ta behoef fan it Jeropeeske memmelân gewoan fuortset. De befolking fan 'e Amerikaanske koloanjes wegere dêr op in stuit noch langer oan mei te wurkjen en kaam yn opstân. De earste Amerikaanske koloanjes dy't harren ûnôfhinklikheid fan it Jeropeeske memmelân befochten, wiene de Feriene Steaten, yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783). Neitiid folgen hast alle oare koloanjes yn Midden- en Súd-Amearika harren foarbyld, mei as gefolch dat tsjin 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e Amearika's inkeld Kanada, Alaska, Grienlân, Kuba en guon lytsere territoaria yn it Karibysk Gebiet noch de status fan koloanje hiene.

Yn dyselde njoggentjinde iuw fûn in nij hichtepunt fan it kolonialisme plak mei de saneamde Wedrin om Afrika, wêrby't in sântal Jeropeeske lannen besocht sa fluch mooglik safolle mooglik fan it Afrikaanske kontinint te kolonisearjen. Dêrby wiene Grut-Brittanje, Frankryk, Dútslân, Belgje, Itaalje, Portegal en yn mindere mjitte Spanje belutsen. Oare koloniale machten wiene Nederlân, Denemark, Sweden, Noarwegen, it lytse Baltyske hartochdom Koerlân en ek de Feriene Steaten, dy't earder sels út Trettjin Koloanjes bestien hiene. It Osmaanske Ryk en Ruslân wiene ek koloniale machten, mar kolonisearren net fier fuort leine gebieten, mar guons dy't tsjin harren grinzen oan leine, lykas it Arabysk Skiereilân yn it gefal fan it Osmaanske Ryk en Kazachstan yn it gefal fan Ruslân. Japan wie de iennichste net-Jeropeeske koloniale macht.

Oant yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wie it hawwen fan koloanjes yn 'e ynternasjonale mienskip frij algemien akseptearre. De Twadde Wrâldoarloch soarge lykwols foar in kearpunt, en tusken 1946 en 1965 folge der in weach fan dekolonisaasje, wêrby't in grut tal eardere koloanjes ûnôfhinklik waard. Lannen as Portegal en Spanje, dy't yn dy perioade krampeftich oan harren koloanjes fêstholden, moasten se yn 'e 1970-er jierren dochs noch ôfstean.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.