Autonomy

(Trochferwiisd fan Selsbestjoer)

Autonomy is it frij wêzen fan ekstern bestjoer, yn 'e breedste sin fan it wurd. De term is ôflaat fan it Grykske αυτονομία, autonomia, fan autos ("sels") en nomos ("wet"), mei as oarspronklike betsjutting: 'it oan eigen wetten ûnderwurpen wêzen'. Dit konsept is it bekendst út 'e polityk, mar kin ek weromfûn wurde yn 'e technyk, de filosofy, de genêskunde en de psychology. It ferwiist nei de kapasiteit fan it ien of oar om eigen beslissings te nimmen. In synonym foar politike autonomy is selsbestjoer, en yndividuële autonomy is itselde as selsstannichheid. It tsjinstelde fan autonomy is heteronomy.

Underskate betsjuttings bewurkje seksje

  • Politike en steatsrjochtlike autonomy kin betrekking hawwe op 'e ûnôfhinklikheid fan in lân, mar yn 'e regel wurdt dermei ferwiisd nei it selsbestjoer fan in subnasjonale entiteit, lykas in dielsteat, provinsje of regio. Op tsjerklik mêd sprekt men yn dizze kontekst faak fan autosefaly ynstee fan autonomy, mar mei fierhinne deselde betsjutting. Sjoch foar dizze betsjutting fan autonomy fierder by: autonoom gebiet.
  • Yn 'e etyk, de genêskunde en de psychology wurdt mei de term autonomy ferwiisd nei it rjocht of de mooglikheid fan 'e minske om sels oer syn eigen libben te beslissen troch it hawwen fan frije kar. In betingst om as yndividu autonoom wêze te kinnen, is it erkennen dat persoanlike mooglikheden krektlyk as libbensomstannichheden begrinzge binne. Wat it slagget om binnen dy grinzen it eigen libben foarm te jaan, kin autonoom neamd wurde.
  • Yn it ramt fan 'e selsbeskikkingsteory wurdt autonomy beskôge as in universele basisbehoefte fan 'e minske. De minsklike motivaasje, geastlike enerzjy en effisjinsje soene ôfhinklik wêze fan 'e mjitte wêryn't in persoan it gefoel hat sizzenskip oer syn eigen libben te hawwen. Neffens dizze teory soe troch it motivearjen fan minsken mei help fan beleannings en bestraffings it ferlet oan autonomy oan it krapperein komme.
  • Yn 'e technyk stiet autonomy foar it ûnôfhinklik wêzen fan eksterne enerzjyboarnen en/of bestjoeringssynjalen. In autonome robot is sadwaande ien dy't folslein ûnôfhinklik beweecht en syn eigen 'beslissings' nimt.
  • Yn 'e keunst betsjut autonomy dat de keunstner syn keunstwurk beskôget as in lossteande entiteit, dy't net it produkt is of yn it ferlingde stiet fan himsels. Autonome keunst moat sadwaande poer op syn eigen kwaliteiten beoardiele wurde.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.