Grutte Folkeferfarren

It Grutte Folkeferfarren is de beneaming foar de folksmigraasjes fan de 4e oant de 6e iuw. Oan dat ferfarren diene fral Germaanske folken mei, mar ek oare folken. It ferfarren fan de folken gie út it easten en suden fan Jeropa nei it westen ta en soe de ûndergong fan it Romeinske Ryk as gefolch hawwe.

Twadde oant fiifde iuw fan folkferfarren

Oanlieding en betsjutting

bewurkje seksje

It grutte folkeferfarren wie yn de neidagen fan it West-Romeinske Rijk, in tiidrek dat tradisjoneel as it begjin fan de Midsiuwen sjoen wurdt. De 'ynfallen' fan de 'barbaarske' folken waarden feroarsake troch de oplûkende Hunnen dy't mei harren komst oare folken bûten de grinzen fan it Romeinske ryk opjagen. Oanlutsen troch de rykdommen fan it polityk ferswakke West-Romeinske Ryk lutsen fan de 4e iuw ôf meastentiids Germaanske stammen (troch de Romeinen barbaren neamd) West-Romeinsk gebiet binnen.

Dy ynfallen hienen net altyd in gewelddiedich karakter. Al yn de 3e iuw sleaten de Romeinen ferdraggen mei de barbaren oan de oare kant fan de grins. Yn dy ferdraggen waard bepaald dat de barbaren yn it ryk wenje mochten at se de Romeinske wetten respektearren. Troch de Romeinen waarden dy barbaarske folken brûkt as buffersône tsjin oare ynkringers. Sa kamen ûnder mear de Salyske Franken yn Taksandrje (de Kempen) it ryk yn. Letter soenen sy har útwreidzje oant Doarnik. Rillegau koenen dy barbaren opklimme yn de maatskippij troch it Romeinske leger. Yn it earstoan waarden se yndield yn aparte helptroepen, de auxilia, mar letter ek by de reguliere troepen. Ein 4e iuw ferdigene Stilicho, soan fan de kening fan de Fandalen, as generaal it Ryk tsjin de binnenfallende Fisigoaten.

De lêste West-Romeinske keizer waard yn 476 troch de Germaanske kriichshear Odoaker, foarmiel in 'generaal' yn it Romeinske leger, ôfsetten. De keninkriken dy't de Germanen stiften hawwen op de oerbliuwsels fan it West-Romeinske Ryk de grûn foarmen foar de maatskiplike oarde fan it Midsiuwsk Europa. Hoewol't de Germanen de politike macht oernamen waarden sy binnen inkele generaasjes yn taal en gewoanten folslein assimileare mei de Romeinske befolking.

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
  Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
  Grinzer Ommelannen
  Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
  West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
  Westerlauwersk-Fryslân
  Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
  East-Fryslân
  Noard-Fryslân

Yn 376 foelen de Fisigoaten de Balkan yn en soene har fêstigje yn Traasje en Moesje (Servje). Yn 410 plonderen hja Rome, ûnder lieding fan Alarik. Yn 418 fêstigen se harren yn Akwitaanje en stiften dêr it Fisigoatyske keninkryk Toulouse dat op de ein fan de 5e iuw fan Cadiz oant Nantes rikte. Sy ferlearen yn 507 Akwitaanje en holden allinnich Ibearysk Skiereilân oer. Doe't se yn 711 ferslein waarden by Jerez de la Frontera ferlearen se benei it gânse Ibearyske Skiereilân oan de Moaren, útsein in lyts keninkrykje yn Noard-Spanje.

De Ostrogoaten fersloegen yn 488 Odoaker en bedarren om 490 hinne yn West-Jeropa. Yn 493 krongen se djipper troch yn Itaalje en bouden in hofhâlding út yn Ravenna. Se waarden yn 552 troch de Langobarden praktysk útrûge.

De Hunnen wienen Aziatyske nomaden dy't raar ferneamd wienen om harren wreedheid. Yn 450 foelen se ûnder lieding fan Attila Galje binnen. Yn 451 waarden se ferslein op de Katalaunyske Fjlden tsjin in leger dat bestie út Germanen en Romeinen en dat oanfierd waard troch ien fan de lêste 'Romeinske' generaals fan betsjutting: Aetius.

Ynvaazje fan Galje, Hispanje en Afrika

bewurkje seksje

De Eastlike Germanen (de Fandalen, Sueven en Allemannen) stutsen yn de nacht fan 31 desimber 406 de Ryn oer en rukten op nei it suden. De Fandalen lutsen plonderjend troch Galje en stutsen yn 409 de Pyreneeën oer. Ûnder de druk fan de Fisigoaten lutsen se hieltyd fierder nei it suden. Yn 429 stutsen se oer nei Marokko, úteinlik stiften se in keninkryk (it Fandaalske ryk) yn Noard-Afrika mei as sintrum Kartago. Hjir bouden se gau in fleat op en spesjalisearren harren yn piraterij. Hast in iuw lang wienen de Fandalen de skrik fan de Middellânske See. Yn 455 plonderen se sels Rome. Uteinlik yn 533 waarden se ferslein troch de East-Romeinske fjildhear Belisarius. De Sueven lutsen in stik mei de Fandalen op en fêstigen harren yn Noard Spanje en Portegal, wêr't se letter ferslein waarden troch de Fisigoaten.

Angelen, Saksen, Juten en Friezen

bewurkje seksje

De Angelen, Saksen, Juten en Friezen stutsen fanút Fryslân, Jutlân en Denemarken oer nei Grut-Brittanje, ferdreaunen de oarspronklike Keltyske befolking nei de útoarden fan it eilân en stiften harren eigen keninkriken (sjoch ek: heptargy).

De Salyske Franken by einbeslút, kamen it Romeinske Ryk binnen yn Taksandrje yn 358. Yn 440 stiften se in keninkryk mei as sintrum Doornik. Se wreiden harren ryk hieltyd fierder út nei it suden, ûnder Gilderik oant de Somme, letter ûnder Klovis oan de Loire ta. By it ferstjerren fan Klovis yn 511 hienen se hast de hiele provinsje Galje ûnder kontrole dat tenei 'Frankryk' hjitte soe, it Ryk fan de Franken. Klovis hearde ta de earste dynasty fan dit Ryk fan de Franken: de Merovingyske dynasty.