Doarnik
Doarnik (Frânsk: Tournai, Latyn: Turnacum) is in stêd oan de Skelde yn it westlike part fan de Frânsktalige Belgyske provinsje Henegouwen. Doarnik hat likernôch 70.000 ynwenners en is wat oerflak oanbelanget de grutste gemeente fan Belgje. Doarnik is mei Tongeren en Aalen ien fan de âldste stêden fan it lân en de stêd hat op kultuerhistoarysk gebiet in wichtige rol spile.
It belfort fan Doarnik is de âldste fan Belgje en is mei de Us-Leaffrouwekatedraal ynskreaun yn it wrâlderfgoed fan UNESCO. De romaanske en goatyske katedraal is mei de seis tuorren en de tsjerkeskat in yndrukwekkend monumint.
Romeinske tiid
bewurkje seksjeYn de Romeinske tiid stie Doarnik bekend ûnder de namme Turnacum. Turnacum wie stifte oan de Skelde op in krusing fan hearewegen en makke yn de 1e en 2e iuw in grutte bloei troch. Unrêst en ynfallen makken in ein oan de bloeitiid en de 3e en 4e iuw wie in tiidrek fan delgong.
Midsiuwen
bewurkje seksjeOm 432 hinne waard de stêd ynnommen troch in ynfal fan Klodio. Under de Salyske Franken Gilderik I en Klovis wie Doarnik de haadstêd fan it Frankyske Ryk (oant 486). It grêf fan Gilderik waard by fersin yn 1653 ûntdutsen.
Klovis ferhûze it Frankyske machtssintrum nei Parys, mar Doarnik bleau in wichtige stêd troch't Klovis fan de stêd in biskopsstêd makke. De earste biskop fan Doarnik waard de yn Doarnik berne Eleutherius en hearske oer hiel Flaanderen.
Under Karel de Keale, de earste kening fan West-Frânsje ûntstie healwei de 9e iuw it greefskip Flaanderen, dat in lien bleau fan de Frânske kening. De stêd waard in sintrum fan rike keaplju en harren nocht nei ûnôfhinklikens wie de oarsaak dat Doarnik sûnt 1187 streekrjocht ûnder de Frânske kroan kaam te fallen.
Yn de 15e iuw waard de stêd ryk troch de lekkenhannel en in wichtige leveransier fan muorretapijten. De ekonomyske bloei en spesjale hannelsstatus dy't de stêd yn it Frânske keninkryk hie, koe net tefoarren komme dat Doarnik tusken 1421 en 1428 teheistere waard troch opskuor en trelit. Oarsaak wie û.o. de ûntwearding fan de lokale munt foar de Frânske kroan oer. Oan de iene kant stie it stedsbestjoer en oan de oare kant de gilden, benammen dy fan de keunsters en lekkenhandlers. Lang om let krigen de gilden mear macht troch bygelyks de stimming yn bestjoerlike saken dêr't hja earder net oan meidiene.
Nije Tiid
bewurkje seksjeYn 1513 oermastere de Ingelske kening Hindrik VIII Doarnik op de Frânsen. Dermei is de stêd de iennige fan Belgje dy't foar in hoart troch Ingelân oerhearske waard. Jean le Sellier waard nei Westminster stjoerd om yn it House of Commons in sit yn te nimmen. Yn 1519 waard Doarnik wer oan Frankryk oerdroegen.
Nei't keizer Karel V de stêd yn 1521 by syn Nederlânske erflannen foege, folge in tiidrek fan ekonomysk ferfal en deiliskip. Yn 1544 waard de earste protestantske gemeente stifte, dy't de namme "La Palme" krige. Fanút Straasburg stjoerde de reformator Martin Bucer in preker nei Doarnik, mar dy preker waard al rillegau oppakt en op de brânstapel op de Grutte Merk ferbaarnd. Nei him folgen oare dûmny's. Yn 1561 skreau Guido de Brès yn Doarnik syn Confessio Belgica, wêrmei't er oan de Spaanske kening Filips II de ynhâld fan it kristlike leauwe útlizze woe. Op 23 augustus 1566 waard de stêd teheistere troch de byldestoarm. De kalvinisten, dy't neffens eigen sizzen trijefearn fan de ynwenners fertsjintwurdigen, easken harren eigen tsjerken op. Margaretha fan Parma stjoerde de greve fan Horne der op út om de boel wer del te bêdzjen en dy stelde út dat kalvinisten eigen tsjerken bouwe mochten, mar de kening en lânfâldesse namen him dat tige kwea ôf en rôpen Horne werom. Op 2 jannewaris 1567 ferovere Filips fan Noircarmes de stêd sûnder slach werom en liet de boargers ûntwapenje. It Ivich Edikt fan 1577 hie fan gefolgen dat de Spaanske troepen de stêd ferlieten, mar yn 1581 waard de stêd nei in lang belis wer ynnommen troch Aleksander Farnese, de lettere hartoch fan Parma. Parma wie polityk wat betûfter as syn master, kening Filips II, en ynstee de protestanten út te moardzjen joech er har in jier de tiid om harren besit te ferkeapjen en te emigrearjen. Dêrmei wist er it foar inoar te krijen dat protestanten it by oare belegerings earder opjoechen.
Under de Frânske kening Loadewyk XIV kaam de stêd wer yn Frânsk besit. De Frânsen moasten lykwols oan it ein fan de Spaanske Súksesjekriich neffens de betingsten fan de Frede fan Utert (1713) akseptarje dat de eardere Spaanske Nederlannen Eastenryksk waarden.
Yn 1815 waard Doarnik ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen en yn 1830 fan Belgje.
De stêd hie yn maaie 1940 te lijen fan in Dútsk bombardemint.
Demografyske ûntjouwing
bewurkje seksjeAlle histoaryske opjeften slagge op de hjoeddeiske gemeente, ynklusyf dielgemeentes, lykas dy ûntstiene nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.
- Boarnen :NIS, Opm:1806 oant en mei 1981 = folkstellingen; 1990 en letter = ynwennertal op 1 jannewaris
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeIt besjen wurdich
bewurkje seksjeTsjerklike arsjitektuer
bewurkje seksje- Us-Leaffroukatedraal
- Sint-Piatustsjerke (Église Saint-Piat), Rue des Jésuites
- Sint-Kwintenstsjerke (Église Saint-Quentin), Grand Place
- Sint-Briksiustsjerke (Église Saint-Brice), Rue Barre Saint-Brice, dêr't op 27 maart 1653 it lêste rêstplak fûn waard fan Gilderik I (soan fan Merovech en heit fan Klovis)
- Sint-Marije Magdalenatsjerke (Église Sainte-Marie-Madeleine'), Terrasse de la Madeleine
- Sint-Margaretatsjerke (Église Sainte-Marguerite), Place de Lille
- Sint-Jakobustsjerke (Église Saint-Jacques), Rue du Palais Saint-Jacques
- Redemtoristentsjerke (Église des Rédemptoristes), Quai Notre Dame
- Sint-Jehannestsjerke (Église Saint-Jean), Rue Saint-Jean
- Sint-Nikolaastsjerke (Église Saint-Nicolas), Rue du Château
Oare arsjitektuer
bewurkje seksje- De gevels yn neostyl oan de Grand place
- It Belfort fan Doarnik
- Lekkenhal fan Doarnik (1610-1611) oan de Grand Place
- Gebouwen fan de âlde Sint-Martensabdij (Abbaye Saint-Martin), tsjintwurdich it stedhûs. De Frânske Revolúsje yn de Súdlike Nederlannen ferdreau de benediktinen en makke in ein oan de abdij, dy't foar in grut part ynklusyf de monumintale tsjerke ôfbrutsen waard.
- De Pont des Trous (foar in part yn 2019 ôfbrutsen om't de brêge te krap waard foar de skipfeart), de Tour Henri VIII en ferskate oare resten fan de stedsfersterkings
- De Sitadel (foar in part 1860 ôfbrutsen)
- Fierder besit it sintrum fan de stêd romaanske hearehûzen (wêrûnder it âldste en bêst bewarre hûs yn Europa), renêssânse- en barokke hûzen en, fral yn de omjouwing fan it stasjon art-nouveauhûzen
Musea
bewurkje seksje- Musée des Beaux-Arts, Enclos Saint-Martin, 3 (Webstee)
- Musée d'Histoire et d'Archéologie, Rue des Carmes 8
- Musée d'Histoire naturelle et Vivarium (Webstee)
- Musee du Folklore, Réduit des Sions 36
- Musée d'Histoire militaire, Rue Roc Saint-Nicaise 59-61
- Musée des Arts décoratifs (porselyn), Rue Saint-Martin 50
- Musée de la Tapisserie, Place Reine Astrid 9
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doarnik fan Wikimedia Commons. |