It Frankyske Ryk wie in Jeropeeske grutmacht tusken de 5e en de 9e iuw, dy't stadichoan foarme waard troch de Frankyske keningen, neidat de Franken en oare Germaanske folken harren yn de Romeinske provinsjes fan Galje festige hienen.

Ekspânsje fan it Frankyske Ryk

Oername fan it Romeinsk gesach bewurkje seksje

Yn de 4e iuw besochten de Romeinen ferskate kearen om de ynfallende Franken wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer Julianus Apostata, mar om 'e nocht. Yn 358 krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as foederaty ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de Skelde en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de 5e iuw stoarte it Romeinske gesach bûten Itaalje folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje Neder-Germaanje (it tsjintwurdige Nederlân besuden fan it rivierengebiet, Belgje en it tsjintwurdige Rynlân) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op 'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har ferfolgens fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy Galje oan de Seine ta.

de Merovingen bewurkje seksje

Tjien jier nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn 486 de Merovingyske kening Klovis de 'Romeinske hearser' Syagrius by Soissons, sadat hiel Noard-Galje binnen syn lân foel. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei Parys en makke dit ta sintrum fan syn macht. Yn 507 slagge hy deryn oer hiel Galje te hearskjen doe't hy de Fisigoaten fersloech yn de slach fan Fouillé. Yn de 6e oant de 8e iuw oermasteren de Franken ek de net troch de Romeinen besette Germaanske lânstreken eastlik fan de Ryn en Donau, it tsjintwurdige Dutslân, Eastenryk en Switserlân.

 

Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei goed Germaansk rjocht ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dêrnei waard de ienheid by stuit ferhelpe, mar hieltiid laat de útlis fan it Salyske rjocht opnij ta skeel. Stadichoan woeks de macht fan de hofmeiers en lang om let naam Karel Martel it keningskip oer. Dit wie it begjin fan de dynasty fan de Karolingen.

de Karolingen bewurkje seksje

Under de Karolingyske dynasty makken de Franken in ein oan it Fryske ryk en ûnofhinklikens fan de Saksen (yn Noard-Dutslân) en feroveren sy ek in diel fan Noard-Spanje en hiel Noard- en Mids-Itaalje. Under Karel de Grutte waard it Frankyske Ryk de machtichste steat sûnt de ein fan it West-Romeinske Keizerryk en waard Karel ta Romeinske keizer kroand. Nei de dea fan Karel folget syn soan Loadewyk de Fromme him op as keizer. Yn 843 wurdt it ryk by it ferdrach fan Ferdun opnij ferdield. It ferdielde Frankyske ryk giet dêrnei gruttendiels fierder as Frankryk en it Hillige Roomske Ryk.

Ferdrach fan Ferdun bewurkje seksje

 
Ferdieling neffens it Ferdrach fan Ferdun

Yn 817 stelde keizer Loadewyk de Fromme it Ordinatio Imperii (Oardering fan it Ryk) op en ferdiel it Ryk oer syn soannen. Nei syn ferstjerren yn 840 rekken de trije soannen Lotarius I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale yn in boargerkriich belutsen. Yn 842 ûnthieten Loadewyk de Dútser en Karel de Keale de Eed fan Straasburch tsjin Lotarius. Yn 843 waard de frede tusken de trije bruorren mei it Ferdrach fan Ferdun tekene. It Ryk waard yn trije parten ferdield. Karel de Keale krige it westlike part, West-Frânsje; Loadewyk de Dútser krige it eastlike part, East-Frânsje en Lotarius krige it Middenryk en de keizerstitel.

Lettere ferdielings bewurkje seksje

Yn 855 ferdielde Lotarius syn keninkryk ûnder syn trije soannen flak foar syn dea mei it Ferdrach fan Prüm. Syn âldste soan Loadewyk II krige it Keninkryk Itaalje en de keizerstitel. Lotarius II krige Fryslân en it part fan Austraasje dy't syn heit tadield krige, dat it keninkryk Loataringen waard en Karel krige Provâns en it grutste part fan it eardere Keninkryk Boergonje.

Yn 870 mei it Ferdrach fan Meerssen waard it keninkryk Loataringen ferparte tusken Eas- en West-Frânsje, nei't Lotarius II in jier letter sûnder wetlike erfgenamten ferstoarn wie.

Mei it Ferdrach fan Ribemont yn 880 kaam gâns Loataringen oan East-Frânsje. Yn 884 waard Karel de Grouwe, de soan fan Loadewyk de Dútser, ta keizer kroand en feriene er it gânse ryk fannijs, mar foar mar in koart skoftke. Syn swakke optreden tsjin de Wytsingen die him te koart. Yn 887 kaam syn omkesizzer Arnulf fan Karintje yn opstân en naam de macht yn it easten oer. Greve Odo I fan Parys naam de macht yn it westen oer.

Yn 911 ferstoar de lêste Karolinger, Loadewyk it Bern yn it easten en kaam de macht stadichoan yn hân fan de Ottoanen. Yn 962 waard Otto I ta keizer kroand en ûntstie it Roomsk-Dútske Ryk of it Hillige Roomske Ryk. Yn 987 ferstoar de lêste Karolinger yn it westen, Loadewyk V, en kaam de troan yn besit fan de Kapetingers ûnder Hugo Kapet. Dêrmei sette it Keninkryk Frankryk stadichoan útein.

Sjoch ek bewurkje seksje