Seine (rivier)
De Seine is in rivier yn Frankryk mei in lingte fan 776 km en in streamgebiet fan 79.000 km², dat hielendal op Frânske grûn leit.
Streamgebiet
bewurkje seksjeDe Seine ûntspringt justjes benoarden de stêd Dyon op it Plato fan Langres en rint dan oer Troyes, Parys en Rouen nei It Kanaal, dêr't sy by Le Havre yn útmûnet. De foarneamste sydrivieren binne de Yonne, de Marne en de Oise.
Wâlderfgoed
bewurkje seksjeDe ouwers fan de Seine yn Parys stean sûnt 1991 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De ynskriuwing beslacht 365 ha oan beide iggen yn it sintrum en hat in protte monumintale gebouwen en parken.