Ordinatio Imperii

De Ordinatio Imperii (Oardering fan it Ryk) út 817 is in oardering fan it Frankyske Ryk dy't it opfolgjen fan keizer Loadewyk de Fromme regele. It wie in oerienkomst tusken it âlde opfolgingssysteem en de winsk fan de tsjerke en hâld de ienheid. De âldste soan soe it keizerskip erve, allyk de oerhearskippij oer syn bruorren, dy't kening fan in ûnderkeninkryk wurde soene.

Loadewyk de Fromme stie foar in drege kar. Hy moast neffens Frankyske tradysje, it Ryk ferpartsje ûnder syn trije soannen, mar hy woe ek dat it Karolingyske Ryk, dat opboud wie troch syn heit Karel de Grutte, byïnoar hâlde. Hy kaam yn 817 mei de tsjerke oerien, mei de Ordinatio Imperii, dat syn âldste soan Lotarius de keizerstitel mei Itaalje en it oerhearskippij krige. De oare soannen, Loadewyk de Dútser soe Beieren en Pepyn soe Akwitaanje krije.

It joech opskuor doe't Loadewyk de Fromme in fjirde soan, Karel de Keale, mei syn twadde frou Judit fan Beieren krige. Hja woe dat har soan ek in diel krige. Mei de Ryksdei fan Worms yn 829 waard regele dat er Swaben, Raetia, de Elsas en in part fan Boergonje krige. Dat wiene lykwols de wichtichste parten dy't ynearsten oan Lotarius tasein wiene. De oare soannen kamen yn ferwar tsjin dy plannen en der bruts in boargerkriich tusken de trije soannen en harren heit út.
Yn 838 ferstoar Pepyn, twa jier foar syn heit, en doe wie der dus in erfgenamt minder. De trije oerbleaune soannen namen de Ordinatio Imperii net oan en kamen yn 839 mei in nije erfregeling; it Akkoard fan Worms. Nei it ferstjerren fan Loadewyk de Fromme yn 840 easke Lotarius dochs wer it ynfieren fan de Ordinatio Imperii. De oare bruorren, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale, woene dat net en in nije boargerkriich bruts út tusken harren en Lotarius. Lotarius ferlear yn 841 yn de Slach by Fontenoy. Yn 842 leinen Loadewyk de Dútser en Karel de Keale de Eed fan Straasburch ôf, dêr't hja inoar taseine inoar stypje te bliuwen.

Ferdrach fan Ferdun

bewurkje seksje

Einlings waard it Ryk mei it Ferdrach fan Ferdun yn 843 ferparte yn in westlik, midden en eastlik ryk. Lotarius hold de keizerstitel, mar sûnder it oerhearskippij oer syn bruorren. Dat wie de ein fan de ienheid fan it Frankyske Ryk. Nei it ferstjerren fan Lotarius waard syn Middenryk ferparte ûnder syn trije soannen: Loadewyk II, Lotarius II en Karel fan Provence. Hja hiene gjin opfolgers en dêrom waard it Middenryk ferparte tusken Loadewyk de Dútser fan East-Frânsje en Karel de Keale fan West-Frânsje. It East- en Westfrankyske Ryk soene skielk harren eigen paad gean: Dútslân ûnder de Ottoanen (sûnt 911) en Frankryk ûnder de Kapetingers (sûnt 987).