Loadewyk II fan Itaalje
Loadewyk II, bytiden de Jongere neamd (? 825 - Ghedi 12 augustus 875) wie Kening fan Itaalje en keizer fan it Roomske Ryk (waard pas letter "Hillich" neamd) fan 844 ôf, dêr't er oant 855 mei-keizer mei syn heit Lotarius I wie en dêrnei regearre er allinnich. Loadewyk brûkte ornaris de titel imperator augustus ("keizer augustus"), mar brûkte nei de ferôvering fan Bari yn 871 de titel imperator Romanorum ("keizer fan de Romeinen"). Dat late ta minne relaasjes mei it Eastromeinske Ryk. Yn it Westfrankyske Ryk neamden hja him imperator Italiae ("keizer fan Itaalje"), wylst de Byzantinen him Basileus Phrangias ("keizer fan Frânsje") neamden.
Libbensrin
bewurkje seksjeLoadewyk wie berne yn 825 en wie de âldste soan fan Lotarius I en syn frou Ermengarde fan Tours. Syn heit Lotarius wie de soan fan de doe regearjende keizer Loadewyk de Fromme. Der is net in soad bekend oer syn iere jierren, útsein dat er opgroeid wie yn it hôf fan syn pake en dat er in goede ferhâlding mei him hie. Yn 839 stelde Loadewyk de Fromme syn 14-jierrige pakesizzer oan as Kening fan Itaalje. It folgjende jier ferstoar Loadewyk de Fromme en syn ryk waard ferparte tusken syn trije soannen Lotarius I, Loadewyk syn heit dy't ek de keizerstitel krige, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale. Under syn heit syn bewâld waard Loadewyk ta kening kroane troch paus Sergius II op 15 juny 844. Hy tôge mei in leger nei Rome en beskermje de stêd tsjin de Sarasenen, dy't de stêd koart dêrfoar plondere hiene. Yn 847 late er in ekspedysje nei Súd-Itaalje om Saraseenske kapers te ferdriuwen, mar dat wie om 'e nocht.
Yn 850 waard er yn Rome troch paus Leo IV ta mei-keizer kroane. Dat wie in tradysje dat begûn wie troch Karel de Grutte dy't dat mei syn soan Loadewyk de Fromme die en dy op syn bart mei Lotarius I, dus Loadewyk II syn oerpake, pake en heit. Yn 851 boaske er mei Ingelberga.
Yn 851 tôge er wer nei it suden fan Itaalje ta en ferdriuw de Sarasenen. Ek kaam er tusken twa striidzjende hartoggen fan Benevento en meitsje frede. Troch syn bemiddeljen waard it hartochdom yn twaen dield tusken de twa hartoggen. De Saraseenske hierlings dy't troch ien fan de hartoggen ynhierd waarden, waarden doe oerstallich en ferrette harren oan de keizer. Hy liet harren allegear ombringe. Hy hold dêrnei in lândei yn Pavia. Nei de dea fan syn heit yn 855 waard er allinnich keizer.
It keninkryk Midden-Frânsje fan syn heit waard lykwols ferdield tusken syn trije soannen. Loadewyk krige Itaalje, wylst Lotarius II Loataringen krige en Karel krige Provence mei Nederboergonje. Loadewyk wie lykwols net bliid dat er gjin ynfloed bûten Itaalje hie. Yn 857 gie er in alliânsje oan mei syn omkeLoadewyk de Dútser tsjin syn eigen broer Lotarius II en syn omke Karel de Keale. Nei't paus Nikolaas I yn 858 ferkeazen waard, fermoedsoene er mei syn broer en krige er wat gebieten besuden it Jura berchtme yn ruil foar de help oan Lotarius om tastimming te krijen syn frou Teutberga te skieden.
Yn 863 krige hy de Provence nei it ferstjerren fan syn broer Karel. Yn 864 kaam er yn oanfarring mei paus Nikolaas I oer de skieding fan syn broer Lotarius II. De aartsbiskoppen dy't de skieding goedkard hiene, waarden troch Nikolaas oan de kant setten. De keizer tôge doe mei in leger nei Rome, mar nei it oprinnen fan in koarts sleat er frede mei de paus en ferfear fan de stêd.
Yn 869 gie er in alliânsje mei de Byzantynske keizer Basileios I, dy't him holp mei it ferôverjen fan it islamityske emiraat Bari yn 871.
Njonkelytsen wie syn boer Lotarius II yn 869 ferstoarn en om't er warber yn Súd-Itaalje wie, kaam er tekoart oan de saken yn Loataringen. Dat keninkryk waard tusken syn omkes Loadewyk de Dútser en Karel de Keale ferdield. Kift tusken Basileios en Loadewyk bruts út nei de oerwinning yn Bari en yn andert op in mislediging fan Basileios neamde Loadewyk himsels "keizer fan De Romeinen".
Doe't de Saraseenske macht yn Súd-Itaalje yn it neigean bedarre koe hy syn macht fuortsterkje yn it neidiel fan de lokale eallju, dy't harren macht beheind seagen. Hy waard yn 871 yn syn Palts yn Benevento troch Adelchis, hartoch fan Benevento, berôve en finzennaam. Hy liet Loadewyk ûnthjitte gjin wraak te nimmen en Benevento oan te fallen. Nijs fersprate dat Loadewyk om it libben brocht wiene en lokale Italjaanske eallju beane de Westfrankyske kening Karel de Keale de kroan oan. Dy tôge nei Itaalje, mar luts werom doe't er fernaam dat Loadewyk noch libbe. Loadewyk waard frijlitten doe't de Sarasenen Itaalje ynfoelen en hy luts nei Rome ta. Hy waard troch paus Adrianus II fan syn ûnthjitting ûntslein en waard op 18 maaie 872 fannijs ta keizer kroane. Hy luts wer nei it suden ta en fersloech de Sarasenen by Capua. It slagge him lykwols net om Adelchis te ferslaan. Hy ferfear dêrnei wer nei it noarden, dêr't er op 12 augustus 875 yn Ghedi, hjoed-de-dei yn de provinsje Brescia, ferstoar nei't er syn neef Karloman fan Beieren, in soan fan Loadewyk de Dútser, as syn opfolger tawiisde. Hy leit begroeven yn de basilyk fan Sint-Ambrosius yn Milaan.
Bern
bewurkje seksjeOp 5 maaie 851 boaske er mei Ingelberga, dochter fan Adelchis I fan Spoleto.
- Ermengarde fan Itaalje (852/855-897), boaske mei Bosso fan Provence.