Sarasenen
Sarasenen is in oare beneaming foar Arabieren. Dy beneaming waard al hiel ier yn de skiednis (1e iuw) brûkt troch klassike skriuwers om dat folk mei oan te tsjutten. Yn de 8e iuw hawwen de Sarasenen harren bekeard ta de islam en yn de midsiuwen soe it de gewoante wurde om alle moslims en letter ek alle tsjinstanners fan de kristenen, oft sy no Arabysk, Perzysk of Turksk wienen Sarasenen te neamen.
De Sarasenen wienen yn de midsiuwen raar ferneamd yn Jeropa as piraten en plonderers. In protte stêdswâlen om de stêden by de Midlânske See lâns waarden eartiids boud om har tsjin dizze oanfallen te beskermjen. Hjirtroch hat de term oer it generaal in minne byklank krigen.