Karolingyske Ryk
It Karolingyske Ryk is neamd nei Karel de Grutte.
It is ûntstien út it Merovingyske Ryk, wêr't de hofmeiers yn de rin fan 'e 8e iuw de gesachhawwende lieders fan wurden wienen. Yn 751 sette Pepijn III de Koarte de lêste Merovingyske skynkening oan 'e kant en liet himsels ta kening útroppe. Syn skaai soe lange tiid in grutte rol spylje yn de Jeropeeske skiednis. De lêste Karolingyske foarst stoar yn 987.
It ryk fan Karel de Grutte
bewurkje seksjeIt ryk fan de Franken rûn fan de grutte rivieren yn Nederlân yn it noarden oant de Pyreneeën en letter de Ebro yn it suden. Sûnt 771 wreide Karel de Grutte it ryk oer in grut diel fan Jeropa út. Hy fierde in rige oarloggen, dêr't hy de measte fan wûn. Nei dizze oarloggen rûn it gebiet fan djip yn Itaalje oant it grutste part fan wat no Dútslân hjit.
Karel en de tsjerke
bewurkje seksjeIn diel fan Karel syn súkses kin ferklearre wurde troch de teokratyske foarstelling fan it keningskip, wêryn't de kening fungearret as de heechste bewarder fan Lân en Tsjerke. Syn taaiste tsjinstanners wiene de Saksen, dy't steech oan harren folseigenens en heidenske ljeauwe fêsthâlden. Uteinlik oerwûn Karel har en twong harren te bekearen ta de katolike tsjerke. Karel waard ta keizer kroane troch de paus dy't hy in eigen steat om Rome hinne joech. Hy mingde him ek yn de polityk fan de Moaren yn Spanje.
It ferfal
bewurkje seksjeIt Frankyske gewoanterjocht woe dat alle (wettige) soannen fan in man (dus ek fan in kening) in evenredich heitepart fan it erfdiel krije soenen. De âldste soannen fan Karel, lykas Pepyn fan Itaalje, stoaren al jong, sadat hy syn reuseftige ryk oan ien inkele erfgenamt, Loadewyk de Fromme, oerdrage koe. Dizze hie lykwols meardere soannen en syn frou Judith woe ha dat har soan Karel de Keale ek in erfdiel krije soe. Der ûntstie in bruorrenoarloch, wêrtroch't úteinlik it ryk ferbrokkele rekke. Dit barde earst yn trije dielen, letter yn fiif. De politike fersnippering waard sa grut, dat de ynwenners net genôch beskerming bean waard, benammen tsjin de ynfallen fan Wytsingen en Magyaren. Se sochten dêrom harren heil by pleatslike kriichshearen, mei as gefolch dat it keninklik gesach ûndermine waard. Yn it noarden fan it Frânske keninkryk late dit yn de 10e iuw ta it ûntstean fan trije wichtige foarstendommen dy't ôfsjoen fan de formele lienferbyntnis mei de Frânske kening in relatyf grutte autonomy hienen: Flaanderen, Normandje en Anjou.