Romeinske Ryk

(Trochferwiisd fan Romeinske ryk)

It Romeinske Ryk (Latynsk: Imperium Romanum) wie in histoarysk ryk dat it gebiet om de Midlânske See omfieme. It ûntstean wurdt meastentiids datearre mei it oantrêden fan Augustus oan it begjin fan de jiertelling en einiget mei it opdielen fan it ryk yn in westlik en eastlik part (395). It hiele gebiet om de Midlânske See hinne hearde by it ryk en it omfieme ek West-Jeropa bûten Ierlân. It wie de opfolger fan de Romeinske Republyk en hie Rome as sintrum fan de macht.

De Romeinen op harren pyk

Oarsprong en útwreidzjen

bewurkje seksje
 
Keizer Augustus

It ferskil mei de Republyk wie benammen fan politike aard. De Romeinske steat is ûntstien út de polis fan Rome yn it gea fan Latium yn Itaalje, neffens de leginde stifte yn 753 f.Kr. troch Romulus en Remus. Yn de, neffens de Romeinske oerlevering twahûndertfyftich jier duorjende (753 - 509 f.Kr.) keningstiid, binne der nei Romulus noch seis (gruttendiels legindaryske) keningen west. Yn 509 f.Kr. waard kening Tarquinius Superbus de stêd útjage. Hy hie troch syn tirannike gedrach in grutte haat oer him ôfroppen. Hjirnei waard de stêd in republyk mei in bjusterbaarlike kriichsmasine (it Romeinske leger) en in goed rinnend systeem fan ynstellings en wetten. Binnen in pear iuwen waard Itaalje feriene ûnder Romeinske lieding. Dat barde troch bûnsgenoatskippen oan te gean mei buorfolken mar ek troch agressive ekspânsje-oarloggen. Ut Itaalje wei oermastere Rome it hiele Middellânske See gebiet. Earst wie Kartago oan bar, dêrnei waarden de hellenistyske steaten yn it easten en súdeasten fan de see ûnderwurpen. Op itselde stuit kaam ek West-Jeropa ûnder Romeinsk gesach. It ryk waard dêrtroch sa grut dat de republikeinske struktueren net mear tarikkend wienen.

De oergong nei it keizerryk wie in tiid mei in protte argewaasje. Caesar en Augustus stiften in ryk dat ûnder keizer Trajanus syn grutste omfang krije soe. It rikte fan Skotlân oant Mauritaanje, fan dêr oant Sûdan en de Iraanske heechlannen, Georgje, de Krim, bylâns de Donau en de Ryn oan de Nederlânske kust ta.

 
Oerbliuwels fan in Romeinske fort yn Hardknott, Cumbria, Ingelân.

Yn dat mânske ryk waard in protte talen sprutsen, mar twa talen wiene fan algemien belang: it Latyn yn it westen en it Gryksk yn het Hellenistyske easten. De bestjoerders en de yntellektuele elite sprutsen beide talen as lingua franca.

De Romeinen koenen dat grutte gebiet behearskje troch in "ferdiel en hearsk" polityk. Guon boargers dy't loyaal meiwurken krigen it fûl begearde Romeinsk boargerrjocht. Opmerklik yn dat ferbân is de wize wêrop't de Romeinen mei harren kultuer en godstsjinst omgongen: de Romeinen namen "nije" goaden fan ynlive folken maklik op yn harren "Pantheon" en salang't de keizer (Rome) mar erkend wurde (en de dêrby hearrende plichten neikommen waarden) koe fierder elkenien neffens de eigen kultuer en godstsjinst libje neist oaren. Bûten in superieur leger wie dat in grûnslach foar de "Pax Romana" dy't iuwenlang in wisse rêst brocht en de hannel en wittenskip befoardere.

Opdieling fan it ryk

bewurkje seksje
 
De splitsing fan it Romeinske Ryk

Troch it ôfgryslik grutte gebiet dat it Ryk besloech, waard it hieltyd slimmer it hiele ryk as ienheidsteat ta bestjoeren. Foaral om't de ferskate provinsjes útienrinnende behoefte en problemen hienen dy't in ferskillende oanpak frege. Om 300 hinne waard dêrom it Ryk bestjoerlik ferdield yn in Gryksktalich eastlik part en Latynsk westlik part. It doel wie dat it ryk nei bûten ta as in ienheid funksjonearje bliuwe soe ûnder ien inkel regear. Mar yntern en dan foaral op militêr-definsyf, ekonomysk en belestinggebiet, soenen de twa dielen safolle mooglik foar harren sels soargje. Nei ferrin fan tiid evoluearre dat systeem nei in de facto ferdieling. Yn 330 waard troch keizer Konstantyn de Grutte ek de haadstêd ferpleatst fan Rome nei Byzantium yn it ekonomysk en militêr wichtige eastlik part. Byzantium waard omdoopt ta Nova Roma mar wie al gau better bekend as Konstantinopel (=De stêd fan Konstantyn). Yn 395 wie it ryk foargoed ferdield yn in westlik en eastlik part. Konstantinopel bleau de algemien erkende haadstêd fan it eastlike part mar yn it westen wiksele de haadstêd inkele kearen. Dat joech ek de ûnwisse tastân yn it West-Romeinske Ryk oan. Nei Rome waarden efterinoar Milaan, Trier en Ravenna haadstêd fan it West-Romeinske ryk.

De komst fan it kristendom betsjutte in grutte omkear foar it Ryk. Mei ynearsten swiere ferfolgings fan de kristenen omdat dizzen gjin godlike eare oan de keizers en de Romeinske goaden bewize woenen, waard it kristendom yn 313 troch Konstantyn erkend en yn 392 troch keizer Teodosius I sels oant steatsgodstjinst ferheft. Doe waarden de rollen omkeard en brutsen der foar net-kristenen swiere tiden oan.

De ein klassikerfan it West-Romeinske Ryk

bewurkje seksje

Yn de earste iuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fan foederaty. Fan de 4e iuw ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. As foederaty krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykas Arminius, Julius Civilis en Alarik – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn 395 soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.

Troch opstannen en rebûlje yn de 5e iuw sette de Romeinske hearskippij harren fierder del en waarden de foederaty yn it westlik ryk hieltyd ûnôfhinkliker. Sy kamen wol gauris yn opstân en likernôch 455 ûntstie der yn sitewaasje dat it sintraal gesach gjin belestingsinten mear binnen krige. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen de leie sels yn hannen, hja stiften eigen keninkriken.

Yn it leger wie in parallelle ûntwikkeling geande. Sûnt de twadde helte fan de 5e iuw waard de militêre krêft fan it leger sawat alhiel basearre op foederaty ienheden. Yn 451 koe Attila de Hun allinnich ferslein wurde mei help fan de foederaty (Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen). Op it lêst wie ien fan dizze foederaty, de Germaanske stam fan de Herulen, ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. Harren lêste keizer Romulus Augustulus waard yn 476 ôfset troch de oerbefelhawwer fan it leger, de Germaan Odoaker.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Ancient Rome – foto, fideo en harktriemmen