De Donau is de langste rivier fan de Jeropeeske Uny en nei de Wolga de twadde langste fan Jeropa [1] Hy ûntspringt yn it Swarte Wâld yn Dútslân nei de gearfoeging fan de Brigach en de Breg yn de Donaueschingen. Dêrwei rint er stadichoan nei it easten ta, troch Sintraal- en Súdeast-Jeropa by stêden del lykas Wenen, Bratislava, Boedapest en Belgrado foardat hy, nei 2888 km, metten fan it begjin fan de Breg, oer Roemeenje yn de Swarte See útmûnet.

Donau
Rin fan de Donau
Rin fan de Donau
geografy
lân Dútslân,
Eastenryk,
Sloveenje,
Hongarije ,
Kroaasje,
Servje,
Bulgarije,
Roemeenje,
Moldaavje,
Oekraïne
ûntspringt yn flagge fan Dútslân Swarte Wâld
lokaasje boarne 48° 05' 43.1" NB, 8° 09' 17.6" EL
mûnet út yn flagge fan Oekraïne/flagge fan Roemeenje Swarte See
lokaasje mûning 45° 13' 40.1" NB, 29° 43' 38.6" EL
sifers
lingte 2.829 km
hichte boarne 1.078 m

De Donau wurdt fuorre troch sawol teiwetter en rein.

It ekonomysk belang fan de Donau is grut. De wichtichste ekonomyske aktiviteiten binne de skipfeart, de fiskerij en it toerisme. Yn 1992 waard de Donau middels it Ryn-Main-Donaukanaal mei de Main en de Ryn ferbûn. Sadwaande ûntstie der in nije farrûte tusken de Noardsee en de Swarte See.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (Danube Basin) CPDR - Ynternasjonale Kommissy ta Beskerming fan de Donau) [1]