Breg
De Breg is de langste boarnerivier fan de Donau.
De Breg ûntspringt yn it Swarte Wâld, op in hichte fan 1078 m, ûnder Furtwangen, yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Nei 49 km komt er yn it stedsje Donaueschingen út yn de Brigach en foarmje sy tegearre de Donau.
It streamgebiet fan de Breg beslacht 291,2 km² en de boarne leit op mar sa'n 100 meter fan de wetterskieding tusken de Ryn en de Donau (de saneamde Europeeske wetterskieding). Sa'n 900 m fierderop ûntspringt de Elz, dy't yn de Ryn útmûnet.
De Breg is sa'n 6 km langer as de Brigach (de oare boarne fan de Donau), dat hy kin beskôge wurde as de wiere boarne fan de Donau.