Fryslân (wengebiet)
Fryslân is it wengebiet fan de Friezen oan de Waadseekust.
Regio's
Dat wengebiet bestiet út fjouwer regio's mei in eigen karakter:
- Westerlauwersk Fryslân: tsjintwurdich in provinsje fan Nederlân
- East-Fryslân: in regio yn Nedersaksen, Dútslân
- Noard-Fryslân (Fraschlönj): in Kreis yn Sleeswyk-Holstein, Dútslân
- Helgolân, Dútslân
Yn de Midsiuwen wie dat gebiet grutter. Under oaren de neikommende regio's waarden yn dy tiid ek as Fryske gebieten sjoen:
- de Grinslânske Ommelannen en it Aldamt
- it Lân Woersten (de hjoeddeiske gemeinde Wursten)
- it Hodelerlân (it noarden fan it distrikt Cuxhaven)
Taal
Yn Fryslân wurde in hiel soad talen brûkt. Yn it Westerlauwerske part binne it Frysk en it Nederlânsk as bestjoers- en ûnderwiistalen yn gebrûk. Dêrneist wurdt yn de eardere hannelsgebieten Stedsk praat, dialekten dy't yn de 15e iuw troch keaplju ynfierd binne en in fuortsetting fan doe noch net standerdisearre Hollânske dialekten foarmje. Yn de Stellingwerven en yn Kollumerlân wurde Nedersaksyske dialekten brûkt en op it Bilt wurdt Biltsk praat, in troch it Frysk beynfloede Súdhollânsk dialekt dat de Hollânske slykwurkers meinaam hawwe.
East-Fryslân is fierhinne ûntfryske. De offisjele taal is it Dútsk en ynformeel wurdt in Nedersaksysk dialekt praat. Justjes súdlik fan East-Fryslân, yn de gemeente Sealterlân, prate noch sa'n 1000-2500 minsken Frysk, it Sealterfrysk.
Yn Grinslân, dat histoarysk sjoen ek by East-Fryslân rekkene wurde mei, wurdt yn it Westerkertier yn in pear doarpen Frysk praat.
Yn Noard-Fryslân praat minder as 10% fan de befolking mear Frysk, it Noardfrysk. De offisjele taal is dêr Dútsk. Fierder wurdt der in soad Nedersaksysk praat en is der in offisjeel erkende Deensktalige minderheid, dy't harren taal libben hâlde troch ûnder oaren in hiel netwurk fan Deensktalige skoallen.
Op it reade rotseilân Helgolân, yn de Dútske bocht, prate noch in pear hûndert minsken in Noardfryske fariant.
Literatuer
- Die Frieslande, Ynterfryske Rie, skreaun troch Thomas Steensen; mei bydragen fan Pyt Hemminga, Hajo fan Lengen en Thomas Steensen
- Städte in den Frieslanden, Fiete Pingel en Thomas Steensen, ISBN (3-88007-334-1) 978-3-88007-334-0
Sjoch ek
Tema:Fryslân – Oersjoch fan Wikipedy siden oer de Fryslannen