Östringen hearde by de saneamde East-Fryskse goaen, dêr't Willehad oerienkomstich de foarskriften fan Karel de Grutte kerstenje moast. In 787 wiene dat de goaen Rustri (Rjustringen), Ostri (Östringen), Wanga (Wangerland) en Nordendi, dat yn Nordi (Norderland) en Herloga (Harlingerland) opdield waard.

Östringen om 1300
it kleaster Oestringfelde yn Östringen om 1300

Yn 961 hat Hermann Billung it Stamhartochdom Saksen krigen, grif ek it greefskip yn it Breemske Fryslân. Syn soan Bernard waard yn elts gefal yn 983 as greve yn Oestringen fermeld. Nei it útstjerren fan dit laach, folgen de Ammerlandse Hunige en de Oldenburgse Egilmaringe op. Jever waard mei de tiid it foaroansteande plak fan Östringen en hie syn earste bloeitiid as merk- en hannelsplak. Yn de trettjinde en fjirtjinde iuw wienen der grutte twisten tusken de ferskate Fryske stammen yn it hiele Fryske gebiet. De autoriteit fan de greve ferdwûn geandewei en de ferbining tusken Oldenburg en Östringen ferbruts.

Ut de anargy fan de fjirtjinde iuw ûntwikkelen har meardere erflike dynastyen yn East-Fryslân (Cirksena) en yn it Jeverland (Edo Wiemken). Yn de 14e iuw ferienen har Östringen en it Harlingerland, yn de 15e iuw kaam Rjustringen der by. Dy trije gebieten foarmen de Hearlikheid Jever, letter Jeverland, mei 19 parochys of gemeenten.

It Jeverland omfette doe de parochys Accum, Fedderwarden, Jever, Cleverns, Pakens, Sandel, Schortens, Sengwarden, Sillenstede, Waddewarden, Westrum en Wiefels. Nei 1175 waard it kleaster Oestringfelde stifte, 200 jier letter waard it in nonnekleaster en oan de ein fan de sechtjinde iuw úteinlik sluten. It gebou en de toer rekken letter yn ferfal.

Fedderwarden, Sengwarden en Accum foarmen sûnt 1495 de Hearlikheid Knyphausen, dat oant 1854 bestie. Dêrnei hearden ek dy gemeenten by it Jeverland.

By it westlike diel fan Östringen hearden de parochys Diekhausen, Etzel, Gödens, Horsten, Marx, Reepsholt en Wiesede. It kleaster fan Reepsholt waard yn 983 stifte en wie it earste fan Östringen. Dit westlike diel fan Östringen kaam ein fyftjinde iuw definityf by East-Fryslân.

Oars as Wangerland en Harlingerland ferdwûn de namme Östringen folslein. Allinnich yn de plaknamme Oestringfelde bleau de namme bewarre. Dat plak heart tsjintwurdich ta de stêd Schortens.

Literatuer bewurkje seksje

  • Georg Sello, Östringen und Rüstringen. Oldenburg: Ad. Littmann 1928.
  • Albrecht Eckhardt, Heinrich Schmidt (uitg.), Geschichte des Landes Oldenburg, tredde printinge, Oldenburg: Holzberg 1998, ISBN 3-87358-285-6.
  • Hans Patze, Ernst Schubert (uitg.), Geschichte Niedersachsens., trije bondels, Hildesheim: Lax, (lêste bondel 3, diel 1: 1998, ISBN 3-7752-5901-5)