Sirksena
Sirksena, meastentiids skreaun as Cirksena is in famyljenamme fan East-Fryske greven dy't sûnt 1684 ryksfoarsten hieten. It laach kaam oarspronklik út Greetsyl en leden hjirfan hawwe in grutte rol spile yn de Fryske skiednis en benammen dy fan East-Fryslân. De Sirksena's brochten it ta greve, letter ryksfoarst yn it Hillige Roomske Ryk. Harren stribjen om alle Fryslannen ûnder ien bewâld te bringen wie úteinlik te heech grepen. De Sirksena's makken in ein oan de macht fan Fokko Ukena en hienen ûnder Edzard de Grutte (1466 - 1528) de measte macht. Yn de tiid fan de Reformaasje waard East-Fryslân in flechthaven foar in soad ynwenners fan de Nederlannen. Yn 1744 stoar it geslacht út.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Sirksena's wienen ynearsten ien fan de protte haadlingslagen yn East-Fryslân. Likegoed as yn de Grinslanner Ommelannen en Westerlauwersk Fryslân kende East-Fryslân yn de Midsiuwen gjin lânhear mei genôch gesach. It ûntbrekken fan in effektyf bewâld yn dizze omkriten stiet ek bekend as de Fryske frijheid. Sûnder inkele foarm fan sintraal gesach koe bestjoer allinnich mar op beheind lokaal nivo plakfine. Dêrby hienen yn earste ynstânsje alle frije boeren part yn it bestjoer, mar yn de rin fan de tiid wisten de rikere lagen in hieltyd grutter oandiel te ferkrijen. Geslachten dy't yn in hiel doarp it foar it sizzen hiene, waarden letter oantsjutte as haadling. Oars as de tradisjonele feodale hear tanket de haadling syn posysje dus net troch in beneaming fan hegerop, mar oan syn eigen lokale machtsbasis.
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch houlik en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht Tom Brok. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan Fokko Ukena, in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder lieding fan Ulrich Sirksena. Sirksena waard ferfolgens troch de stêd Hamburch it bestjoer fan de stêd Emden jûn, in stêd dy't oant dan, 1439 feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Sirksena soe Emden oant 1595 behearske.
It oarspronklike geslacht Sirksena, ôfkomstich út Berum wie doe yn de manlike line al útstoarn. Edzard wie troud mei in dochter út dat laach, ek de twadde frou fan syn heit wie in dochter út it oarspronklike laach. Sawol Edzard as syn healbroer Ulrich nommen de namme Sirksena oan. Nei it bernleas ferstoarn fan Edzard erft Ulrich alle famyljebesittings, dy't hy troch twa geunstige houliken noch fierder wist út te wreidzjen. Ulrich wurdt yn 1464 troch keizer Frederik III yn de grevestân ferheft.
It wichtichste lid út it hûs Sirksena is Edzard de Grutte (1462–1528). Under syn bewâld krige it greefskip syn grutste omfang. Edzard wist sels tydlik de Ommelannen en de stêd Grins te behearsken; hy stribbe nei hearskippij oer alle Fryslannen, mar rûn lang om let stikken op de posysje fan ynearsten de hartoch fan Saksen en letter keizer Karel V sels, dy't as hear fan alle Nederlannen gjin partij foar Edzard wie.
Yn 1654 wurdt regearjend Sirksena Enno Loadewyk troch de keizer yn de foarstenstân ferheft. De lêste manlike neisiet fan Ulrich I, Karel Edzard stoar yn de nacht fan 25 op 26 maaie 1744. It greefskip wurdt ferfolgens yn besit naam troch Freark de Grutte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|