Ulrik Sirksena
Ulrik Sirksena of Ulrik I Sirksena (Norden, om 1408 - Emden, 25 of 26 septimber 1466) wie in soan fan de Eastfrysk haadling Enno Sirksena fan Norden en Greetsyl en dy syn frou Gela fan Manslagt.
Ulrik I fan Eastfryslân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Eastfrysk | |
bertedatum | ±1408 | |
berteplak | Norden | |
stjerdatum | 25/26 septimber 1466 | |
stjerplak | Emden | |
Greve fan Eastfryslân | ||
regear | 1464 – 1466 | |
foargonger | nimmen (greefskip stifte) | |
opfolger | Enno I |
Mei it betûfte belied fan syn heit Enno, dat mei de oerurving fan Norder Attena begûn wie en dêrmei de haadling fan Norden wurden wie, krige Ulrik in wichtich part fan it erfskip. Oer syn mem Gela, dochter fan Affo Beninga, haadling te Pilsum en Manslagt, en Tiadeka Siartza fan Berum, krige er ek noch it erfskip fan de ferneamde famylje Sirksena: Nei't de soan fan Gela fan it earste houlik, de haadling Liudward Sirksena ("Syrtza") yn Berum healwei de tritiger jierren fan de 15e iuw sûnder neiteam stoarn wie, wie Gela en har nicht Frauwa Sirksena ("Sydzena") de iennigen erfnammen fan de Sirksena's fan Berum.
Enno makke brûkme fan de gelegenheid en lit de soan út it earste houlik boaskje mei Fauwa. En hy gie fierder: Hy en Edzard namen de famyljenamme en dat wapen fan de frou oer, om it erfskip sichtber te meitsjen. Doe't Edzard en Frau yn 1441 sûnder neiteam tagelyk oan de pest stoaren, urf Ulrik ek it erfskip fan de Sirksena fan Berum. Hy krige ek de meast ferneamde famyljenamme foar himsels en syn neiteam.
Mei syn heit en âldere styfbroer Edzard is Ulrik yn 1430 foar it earst warber yn 'e polityk. Hja brochten de sân frije East-Fryslannen foar it earst op it aljemint.
Op it politike mêd waard Ulrik op 23 desimber 1464 beneamd as greve fan East-Fryslân. Ulrik hie der al in slompe jild foar betelje moatten oan de Keizer.
Ulrik wie mei it kiezen fan in frou yn it sâlt bebiten. Syn earste frou wie Folcka, de erfnamme fan de haadling Wibet fan Esens. Yn 1440 krige er de macht oer Esens. Syn earste frou stoar yn it jier 1452. Hy boaske mei Theda Ukena yn 1453, dat wie de dochter fan Uko fan Oldersum en in sibbe fan de machtige haadling fan Leer, Fokko Ukena. Ek dy frou soarge foar de waaks fan syn macht.
Ulrik stoar op 25 of 26 septimber 1466 yn syn boarch yn Emden. Op 27 septimber fan dat jier waard er yn Kleaster Marienthal yn Norden byset. Nei't it kleaster yn 1531 ferwoastige waard, waarden de bonken yn 1548 nei it monumintale grêf fan de grutte tsjerke yn Emden brocht. De grutte tsjerke wêr mear Eastfryske greven te hôf brocht waarden, waard troch in bombardemint yn de Twadde Wrâldkriich ferwoastige. Yn 1948 waarden dy bonken nei it Mausoleum fan Eastfryske foarsten yn Auwerk brocht.
Bern
bewurkje seksjeUlrik en Theda hienen seis bern: