Pilsum
Pilsum is in doarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It plak leit sa'n 2 kilometer fan de Noardsee, tusken Greetsiel en Manslagt.
Pilsum | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Nedersaksen | |
lânkring | Aurich | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 537 (2022) | |
Oerflak | 10,81 km² | |
Befolkingsticht. | 50 ynw./km² | |
Hichte | 5,5 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 26736 | |
Koördinaten | 53° 28' N 7° 3' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Pilsum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Pilsum is sûnt de 12e iuw bekend as Pyleshem; dat betsjut hem = hiem fan Pyl. Oer dy persoan is fierders nea witten.
Pilsum wie yndertiid in sit fan Fryske haadlingen. De âlde Beningaboarch, sit fan de haadling Affo Beninga,[1] waard yn 1407 troch Hamburgers ferwoastge, meidat Affo freonskiplike kontakten mei de Fiktaaljebruorren ûnder Klaus Störtebeker hie. Troch erfopfolging kaam it bewâld oer Pilsum yn de 15e iuw oan it Eastfryske laach Cirksena.
Pilsum hearde yn de 15e iuw ta it bisdom Münster en foel ûnder de proasdijtsjerke fan Uttum. De herfoarmer Andreas Bodenstein út Karlstadt, in earder oparbeider fan Maarten Luther hat noch yn Pilsum preke. Yn de oare Ommelângemeenten en de stêd Norden wie in kânselferbod tsjin him ynsteld. De krústsjerke fan Pilsum datearret út de 12e iuw en hat mei syn mânske toer altyd in beaken foar de skipfeart west. It transept hat trije frjouwerkante traveeën mei yn it easten in preesterkoar mei healrûne apsis. It skip is nei alle wierskyn it âldste diel. Ek binne der oarbliuwsel fan bibelske fresko's bewarre bleaun.
De izeren fjoertoer fan Pilsum, mei syn fûnemint yn de dyk, is 11 meter en waard boud yn 1891. Hy ferlear yn 1919 syn funksje. Sûnt 2004 is de fjoertoer in troulokaasje.
Oant de gemeentlike weryndieling wie Pilsum in selsstannige gemeente dy't oansletten wie by de samtgemeinde Greetsiel. Yn 1972 waard Pilsum part fan de gemeente Krummhörn.
Pilsum hie in halte oan it spoar Emden-Pewsum-Greetsiel.
Religy
bewurkje seksjeFan de befolking heart 92 % ta de Evangelysk-Grifformearre Tsjerke, 2% is katolyk.
Ofbylden
bewurkje seksje-
De fjoertoer fan Pilsum.
-
Wynpark Pilsum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|