Samtgemeinde
In Samtgemeinde (ôflaat fan samtlich, kollektyf) is yn de Dútske dielsteat Nedersaksen in gearwurkingsferbân fan selsstannige gemeenten. Alle dielnimmende gemeenten moatte yn deselde Landkreis (lânkring) lizze.
In samtgemeinde fiert foar de dielnimmende gemeente in tal taken út, lykas it meitsjen fan bestimmingsplannen, it suverjen fan it rioelwetter, it behearen fan de finânsjes of it gearwurkjen op it mêd fan de brânwar. De yntinsiviteit fan de gearwurking wurdt neffens in beslút fan it regear fan de dielsteat nommen.
De samtgemeinde hat in eigen politike fertsjintwurdiging, dy't bestiet út in eigen boargemaster en in eigen ried. De ried wurdt keazen troch de boargers mei stimrjocht.