Verbandsgemeinde

In Verbandsgemeinde (ferbânsgemeente) is in bestjoerlike ienheid yn Dútslân, dy't út meardere selsstannige stêden en Ortsgemeinden (plakken) bestiet. De ferbânsgemeente nimt in tal taken oer fan de dêrûnder fallende gemeenten, dy't noch in beheinde foarm fan politike selstannigens hawwe. Te tinken falt oan û.o. ûnderwiis, foarsjennings, brânwar en sosjale saken.

Sûnt 1968 binne der ferbânsgemeenten yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De dielsteat Saksen-Anhalt makket de foarming fan ferbânsgemeenten sûnt 1 july 2009 mooglik.

In ferbânsgemeente hat in eigen boargemaster en in keazen gemeenterie.

Sjoch ekBewurkje