Mei in Ortsgemeinde wurdt yn Dútslân en Switserlân in organisaasjefoarm fan in gemeente bedoeld.

Yn it bûnslân Rynlân-Palts is in Ortsgemeinde in gemeente, dy't diel útmakket fan in Verbandsgemeinde. Dêrnjonken besteane ek Verbandsfreide Gemeinden, dy't gjin diel útmeitsje fan in Verbandsgemeinde.

Alle Ortsgemeinden binne juridysk selsstannich en hawwe in eigen boargemaster mei in gemeenteried. Yn oare dielsteaten hjit de ferlykbere publykrjochtelike organisaasjefoarm gewoanwei gemeente.

Ortsgemeinden hawwe gjin eigen bestjoer (Verwaltung), lykas oare gemeenten yn de oare dielsteaten dy wol hawwe. De Verbandsgemeindeverwaltung (it bestjoer fan de ferbânsgemeente) draacht neffens § 68 lid 1 fan de gemeenteferoardening fan Rynland-Palts de bestjoersferantwurdlikens fan de Ortsgemeinden yn harren namme en yn harren opdracht. Hja binne lykwols bûn oan de besluten fan de gemeenterieden en de boargemaster fan de Ortsgemeinden .

Ortsgemeinden hawwe fakentiden mar in relatyf lyts tal ynwenners. De regeling dy't yn Rynlân-Palts troffen is, makke de gemeentlike weryndielings fan de jierren 1970 mooglik en tagelyk it oantal gemeenten werom te bringen. Troch de ynstelling fan Verbandsgemeinden hoegden gemeenten gjin selsstannigens op te jaan, dy't by in gewoane weryndieling wol opjûn wurde moast.

Yn Switserlân betsjut in Ortsgemeinde foar elts kanton wat oars:

  • Yn it kanton Thurgau wiene de Ortsgemeinden njonken de Munizipalgemeinden oant it begjin fan de jierren 1990 selsstannige entiteiten. Sûnt de gemeentlike herfoarming fan 1999 binne dy gemeentefoarmen ûnderdiel fan de 80 politike gemeenten.
  • Yn it kanton Sankt Gallen binne de Ortsgemeinden al langer ûnderdiel fan in politike gemeente, dy't oantsjut wurde mei de term Bürgergemeinde.
  • Yn it kanton Glarus wurdt de politike gemeente oantsjut mei de term Ortsgemeinde.

Eastenryk hat offisjeel gjin Ortsgemeinden. It wurd wurdt lykwols wol brûkt om ûnderskie oan te jaan mei bygelyks in Pfarrgemeinde of Schulgemeinde.