Einheitsgemeinde
In Einheitsgemeinde (Dútsk foar ienheidsgemeente) is in gemeentefoarm yn in pear Dútske dielsteaten, yn Eastenryk en yn guon kantons fan Switserlân.
Dútslân
bewurkje seksjeYn Dútslân is de gemeentewet in saak fan de dielsteat. De struktueren en betingsten fan en foar ienheidsgemeenten ferskille fan dielsteat oant dielsteat. In ienheidsgemeente is in selsstannige gemeente of stêd mei fakentiden ûnselsstannige dielen, lykas Ortschaften of Stadtbezirke. In ienheidsgemeente hat bygelyks it foech om sels te barren en út te jaan of in eigen persoanielsbelied te fieren. In Samtgemeinde of in Verbandsgemeinde dêrfoar oer is in gemeenteferbân, dy't foar ferskillende, oansletten gemeenten taken útfierd. Yn guon dielsteaten is de ienheidsgemeente foar in part wetlik fêstlein; yn oare dielsteaten, lykas Beieren, net. Net oeral hat de einheitsgemeinde in selde namme. Yn Hessen en yn it Saarlân wurdt de namme Großgemeinde (grutte gemeente) brûkt. De dielsteat Brandenburch, Meklenburch-Foarpommeren en Sleeswyk-Holstein hawwe amtsfreie Gemeinden (amtsfrije gemeenten) en dat binne gruttere gemeenten, dy't ek alle taken fan 'e gemeente yn eigen ferantwurdlikens útfiere.
Nedersaksen, Saksen, Saksen-Anhalt, Brandenburch
bewurkje seksjeYn Nedersaksen, Saksen, Saksen-Anhalt en Beieren is de Einheitsgemeinde de offisjele namme foar in by in lânkring hearrende gemeente, dy't net oansletten is by in gearwurkingsferbân fan gemeenten. De betreffende ienheidsgemeente fiert alle gemeentlike taken sels út.
Berlyn en Hamburch
bewurkje seksjeOp grûn fan 'e rjochtsstatus fan 'e de twa dielsteaten Berlyn en Hamburch as stedsteaten is ienheidsgemeente de juridyske term foar it feit dat de taken fan de gemeente en de dielsteat net fan inoar skieden binne.
Eastenryk
bewurkje seksjeYn Eastenryk binne de Einheitsgemeinden neffens de grûnwet allegear op 'e selde wize organisearre, los fan 'e fraach of it om in grutte yndustriële stêd giet of om in lytse agraryske gemeente. Dat wie lykwols foar de haadstêd Wenen net akseptabel, dy't ek in dielsteat is en likemin foar de stêden mei in eigen statút. In stêd mei mear as 20.000 ynwenners kin op oanfraach in bysûndere status ferliend wurde, as de belangen fan 'e dielsteat dêrmei net yn it geding komme. De stêden mei in eigen statút hawwe yn ferlikening mei de ienheidsgemeenten mear rjochten. Dat is it eigen stedsrjocht (statút), wêryn't de dielsteat de stêd in gemeentewet op maat ferliene kin.
Switserlân
bewurkje seksjeSwitserlân kent in rige bysûndere gemeentefoarmen, dy't ornearre binne foar bysûndere taken. De trije wichtichste foarmen binne bygelyks de ynwennergemeenten (Eihnwohnergemeinde), de boargergemeenten (Bürgergemeinde) en de skoalgemeenten (Schulgemeinde). De Einheitsgemeinde is in gemeente yn kantons, dêr't gjin bysûndere gemeenten binne en alle taken fan de bysûndere gemeenten hat.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch [:de:Einheitsgemeinde], ferzje 3 juny 2024. |