Uttum is in doarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielstaat Nedersaksen, en hat 516 ynwenners (2006).

Kaart fan Krummhörn
Mûne fan Uttum
Tsjerke fan Uttum

Eartiids wie Uttum in sit fan Fryske haadlingen. De namme soe "hiem fan Otte" betsjutte kinne, of "wenplak fan Utte". Yn de 13e iuw waard der fûl fjochte tusken Uttum en plakken yn de omkriten. By in skeel yn 1254 waarden ek parten fan it Brookmerlân ferwoastge. Yn de 15e iuw foel Pilsum ûnder de proasdijtsjerke fan Uttum.

Yn it ferline wie de dakpannefabrikaazje wichtich foar Uttum en 1874 ûntstie dêr de earste koöperative suvelfabryk fan East-Fryslân.

It besjen wurdich binne it stienhûs út 1597, de stellingmole út 1856, de oerbliuwsels fan de boarch dy't yn de 18e iuw sloopt waard, it stienfabryk út 1898, en de tsjerke. De tsjerke is fan 1250. Yn 1930 waard de út 1527 stamjende klokketoer ferlytse. De kânsel dateart út 1580 en it doopfont is fan 1474. It tsjerkoargel waard om 1660 troch in ûnbekende oargelmakker boud; besteande oargelpipen waarden der yn ferwurke.

Keppelings om utens bewurkje seksje