Bisdom Múnster

(Trochferwiisd fan Bisdom Münster)

It Bisdom Múnster(Dútsk: Bistum Münster; Latyn: Dioecesis Monasteriensis) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn de Dútske stêd Münster.

It bisdom op de kaart fan Dútslân.
Sint-Paulusdom yn Múnster

Gebiet bewurkje seksje

It hjoeddeiske bisdom omklammet de neikommende gebieten:

Oant 1559 wienen Grins en Ommelannen en de gemeente Achtkarspelen ûnderdiel fan it bisdom Múnster, dy binne letter by it bisdom Grins-Ljouwert kaam. East-Fryslân leit no yn it bisdom Osnabrück. It Eastfryske Jeverlân, Sealterlân en Bûtjadingen wienen eartyds part fan it bisdom Bremen.

Skiednis bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Prinsbisdom Mûnster.

It bisdom waard yn 793 stifte troch de Fries Liudger. It besit yn Nederlân besloech likernôch it gebiet dêr’t Liudger sels preke hie, dat rûchwei oerienkaam mei de gemeente Achtkarspelen en de Ommelannen.

Nei de reformaasje en tsjinreformaasje, de Tritichjierrige oarloch (1618-1648) en de Frede fan Westfalen (1648) bliuwt Múnster in prinsbisdom. Yn 1650 waard Bearend fan Galen biskop fan Múnster. Hy fierde twa kear oarloch tsjin de Nederlannen. Yn 1672 besocht er de stêd Grins te feroverjen, dêr’t er de namme “Bommen Bearend” oan oerholden hat. It prinsbisdom hâldt yn 1803 op te bestean.