It bisdom Passau (Dútsk: Bistum Passau; Latyn: Dioecesis Passaviensis) is in roomsk bisdom yn 'e tsjerkeprovinsje München-Freising. Yn 'e tiid fan 'e Hillige Roomske Ryk wie it in prinsbisdom, wêryn't de prinsbiskop net allinne tsjerklike, mar ek wrâldske macht útoefene.

Bisdom Passau
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje München en Freising
Biskopssit Passau
Katedraal Dom fan Passau
Patroanhillige Valentinus fan Passau, Maksimiliaan fan Lorch en Koenraad fan Parzham.
Hiemside bistum-passau.de
Skiednis
Oprjochting 739
Stifter Bonifatius
Hierargy
Biskop Stefan Oster (sitewaasje 2023)
Statistyk
Oerflak 5.442 km²
Befolking 610.000 (31.12.2016)
Wêrfan katolyk 462.788 (31.12.2018; 75,9 %)
Dekenaten 10 (31.12.2015)
Parochy's 30 (31.12.2018)
Lokaasje bisdom Passau yn Dútslân.
Lokaasje bisdom Passau yn Dútslân.

It bisdom Passau fertsjintwurdiget no it heechste perzintaazje katoliken (2014: 79%) fan alle Dútske bisdommen.

It bisdom waard yn 739 troch Bonifatius stifte. As bisdom ûntwikkele Passau him yn 'e midsiuwen ta in gebiet fan 42.000 km². Dêrmei wie Passau it grutste bisdom fan it Hillige Roomske Ryk. De grinzen gyngen eastlik sels oer Wenen hinne oant it westen fan Hongarije. De skiednis fan it kristendom yn it bisdomgebiet begûn lykwols al folle earder. Al om 300 hinne lieten de earste romeinske boargers harren dêr dope en yn dy tiid libben hilligen as Florianus, Falentyn en Severinus.

Om't it gebiet fan it bisdom Passau hast hielendal yn Eastenryk lei, soarge dat jimmeroan foar strideraasje mei de Eastenrykske hearsker, dy't oanhâldend besochten it Eastenrykske oandiel fan it bisdom oan de kontrole fan Passau te ûntwinen. De Habsburgske keizer Freark III slagge der yn paus Paulus II te bewurkjen ta it skriuwen fan de bul In supramae dignitatis specula. Dêrmei ûntstie foar it earst it bisdom Wenen, dat út in stik gebiet fan it bisdom Passau foarme waard. Ut it eardere gebiet fan it bisdom Salzburg ûnstie ek it doedestiidske bisdom Wiener Neustadt.

Yn 1722, ûnder biskop Joseph Dominikus von Lamberg, slagge it lang om let om Passau fan de tsjerkeprovinsje Salzburg los te skuorren. Yn 1729 moast Passau de súdeastlike gebieten fan Wenen oant Wiener Neustadt ôfstean; yn 1783 folgen de ôfskieding fan de oare Eastenrykske gebieten mei it stiftsjen fan de bisdommen Sankt Pölten en Linz.

Mei de ynfiering fan 'e sekularisaasje ferlearen de biskoppen fan Passau yn 1803 harren status as wrâldske foarsten. Hast alle kleasters waarden opheft en ek oare tsjerklike besittings waarden nasjonalisearre. Yn 1826 waard it bisdom as suffragaan bisdom by it aartsbisdom München en Freising yndield. Yn 1813 en 1822 waard it gebiet fan it bisdom Passau fergrutte mei de tafoeging fan it súdlike gebiet om Simbach am Inn, Altötting en Burghausen hinne, dat earder ûnder it aartsbisdom Salzburg foel.

 
Domtsjerke fan it bisdom.

Katedraal fan it bisdom is de dom fan Passau. De oan Stefanus wijde dom is fan oarsprong letromaansk, hat in goatysk koer en waard yn barokke styl ferboud. Yn 'e dom stiet it grutste katedraaloargel fan 'e wrâld.

Beafeartsplakken

bewurkje seksje

Under it bisdom falt it beafeartsplak Altötting, dat alle jierren troch mear as in miljoen pylgers besocht wurdt. Histoarysk wichtich is de beafeartstsjerke Mariahilf Passau.

Patroanhilligen

bewurkje seksje

De patroanhilligen fan it bisdom binne: Valentinus fan Passau, Maksimiliaan fan Lorch en Koenraad fan Parzham.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side


Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân  
Hjoeddeistige bisdommen Bisdom AkenBisdom AugsburgAartsbisdom BambergAartsbisdom BerlynBisdom Dresden-MeißenBisdom EichstättBisdom ErfurtBisdom EssenAartsbisdom FreiburgBisdom FuldaBisdom GörlitzAartsbisdom HamburchBisdom HildesheimAartsbisdom KeulenBisdom LimburchBisdom MagdeburgBisdom MainzAartsbisdom München en FreisingBisdom MúnsterBisdom OsnabrückAartsbisdom PaderbornBisdom PassauBisdom RegensburgBisdom Roottenburg-StuttgartBisdom SpiersBisdom TrierBisdom Würzburg
Eardere bisdommen Aartsbisdom BremenBisdom HalberstadtPrinsbisdom LübeckBisdom MindenBisdom Verden
  ·   ·