Bisdom Hildesheim
It bisdom Hildesheim (Dútsk: Bistum Hildesheim, Latyn: Dioecesis Hildesiensis) is in roomsk bisdom yn it noarden fan Dútslân.
Bisdom Hildesheim | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Hamburch | |
Katedraal | Marijedom | |
Hiemside | bistum-hildesheim.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 815 | |
Hierargy | ||
Biskop | Heiner Wilmer | |
Statistyk | ||
Oerflak | 30.000 km² | |
Befolking | 5.362.988 (2019) | |
Wêrfan katolyk | 523.039 (31.12.2019) (11,2 %) | |
Dekenaten | 17 (2015) | |
Parochy's | 119 (2019) | |
Lokaasje bisdom Hildesheim yn Dútslân. |
It bisdom waard yn 815 troch Loadewyk de Fromme op 'e nij stifte yn Hildesheim nei't syn heit Karel de Grutte earder yn 800 it bisdom Elze stifte hie. It bisdom Hildesheim waard oan Marije wijd en de Marijedom is de katedraal fan it bisdom. Tusken 852-872 waard ûnder biskop Altfrid de earste stiennen katedraal boud. It hichtepunt fan syn belang krige it bisdom ûnder de biskoppen Bernward (993-1022) en Godehard (1022-1038). Oant de dei fan hjoed binne ferneamde keunstskatten út dy tiid bewarre bleaun.
Tusken 1235 en 1802 wie de biskop fan Hildesheim ek in ryksfoarst fan it Hillige Roomske Ryk. Syn gebiet wie it prinsbisdom Hildesheim, dat lytser wie as it bisdom sels. Yn 'e 16e iuw gyng it grutste part fan it bisdom oer op it protestantisme, mar it heechstift slagge der yn syn ûnôfhinklikens fan 'e omlizzende protestantske steaten fan Brunswyk-Lüneburg te behâlden om 't tusken 1573 en 1761 de biskoppen leden wiene fan it machtige Hûs Wittelsbach.
It moderne bisdom Hildesheim bestiet út it diel fan Nedersaksen, dat east fan 'e Wezer leit, de noardlike dielen fan Bremen en de stêd Bremerhaven. Sûnt 1994 is it bisdom in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Hamburch. Oant 1805 wie it suffragaan oan Mainz. Dêrnei wie it in frijsteld bisdom oant 1930. It Prusysk Konkordaat brocht yn 1929 in nije regeling yn 'e ferhâlding tusken Tsjerke en Steat, mar grutte gefolgen op it bisdom Hildesheim hie dat net.
Yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalisme krige it bisdom te meitsjen mei in soad beheinings. Katolike ferienings waarden ferbean, katolike skoallen waarden sletten en religieuze oardes waarden ûntbûn. Bysûndere swierrichheden ûnstiene yn it gebiet om Salzgitter en Wolfenbüttel hinne, dêr't it nasjonaalsosjalistyske bewâld ûnder de namme Hermann-Göring-Stadt in 'modelstêd sûnder God' bouwe woene. De Twadde Wrâldkriich einige mei de ferneatiging fan 'e biskopsstêd Hildesheim en mei de iuwenâlde katedraal. De katedraal waard nei de Twadde Wrâldkriich wer opboud yn 'e ierromaanske foarmen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Bisdom Aken • Bisdom Augsburg • Aartsbisdom Bamberg • Aartsbisdom Berlyn • Bisdom Dresden-Meißen • Bisdom Eichstätt • Bisdom Erfurt • Bisdom Essen • Aartsbisdom Freiburg • Bisdom Fulda • Bisdom Görlitz • Aartsbisdom Hamburch • Bisdom Hildesheim • Aartsbisdom Keulen • Bisdom Limburch • Bisdom Magdeburg • Bisdom Mainz • Aartsbisdom München en Freising • Bisdom Múnster • Bisdom Osnabrück • Aartsbisdom Paderborn • Bisdom Passau • Bisdom Regensburg • Bisdom Roottenburg-Stuttgart • Bisdom Spiers • Bisdom Trier • Bisdom Würzburg | |
Eardere bisdommen | Aartsbisdom Bremen • Bisdom Halberstadt • Prinsbisdom Lübeck • Bisdom Minden • Bisdom Verden | |
· · |