Weser

(Trochferwiisd fan Wezer)

De Weser is in rivier yn Dútslân, de grutste dy't yn dat lân begjint en einiget (yn de Noardsee). De Weser draacht dy namme fan Hannoversch Münden ôf, dêr't de Werra (298 km, boarne yn it Thüringer Wâld) en de Fulda (218 km, boarne yn de Rhön) gearrinne. De nammen Weser en Werra geane werom op deselde stamme en feitlik is de Werra dan de bopperin fan de Weser.

Weser en Werra binne tegearre 730 km lang en mei de Fulda en harren sydrivieren en ôfspjaltings fiere se it wetter ôf út in gebiet fan 46.306 km², in gebiet dat grutter is as Nederlân. It grutste part dêrfan leit yn Nedersaksen. Nijsgjirrich is it sydrivierke de Else. Dy takket ôf yn in saneamde bifurkaasje fan de Hase, dy't sels nei de Iems ta streamt.

Fan Hannoversch Münden oant de Porta Westfalica by Minden streamt de rivier troch it Weserberchlân en hjit dan de Boppe-Weser (205 km). By Porta Westfalika brekt de rivier troch de lêste heuvelrêch dy't dêr oan de westkant fan de Weser it Wiehenberchtme en oan de eastkant it Weserberchtme hjit. Fan dêr oant Bremen, de wichtichste stêd oan de rivier, folget de Midden-Weser (157 km.), dêr't sluzen en keardammen de rivier it hiele jier troch befarber hâlde. It estuarium fan de Weser begjint by Bremen en hjit de Under-Weser. By Bremerhaven berikt de Weser de Noardsee. Dêr folget noch in stik Bûten-Weser, dat oergiet yn de Waadsee en allinnich by ebbe werom te kennen is.

Plakken oan de Weser

bewurkje seksje

Haadstream De Weser ûntstiet út it gearrinnen fan de folgjende rivieren:

sydrivier (by de stream del):


Weser is ek in Dútske beneaming foar in rivier yn Belgje, sjoch Vesder.