It bisdom Mainz (Dútsk: Bistum Mainz, Latyn: Diœcesis Moguntinus) is in roomsk-katolyk bisdom yn 'e Dútske tsjerkeprovinsje Freiburg. It bisdom bestiet út dielen fan 'e dielsteaten Hessen en Rynlân-Palts en is ferdield yn twa geografysk fan inoar skieden gebieten. It noardlike diel leit fan Mainz nei it noardeasten en it súdlike diel bestiet út it eardere bisdom Worms mei de stêd Worms as sintrum. Yn it súdeasten leit ek noch in lyts stikje fan Baden-Wuerttemberch by it bisdom.

Bisdom Mainz
Martinusdom
Martinusdom
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Freiburg
Biskopssit Mainz
Katedraal Sint-Martinusdom
Hiemside www.bistum-trier.de
Hierargy
Biskop Peter Kohlgraf
Statistyk
Oerflak 7.692 km²
Befolking 2.966.722 (31.12.2017)
Wêrfan katolyk 686.705 (23,1%) (31.12.2020)
Dekenaten 20 (31.12.2012)
Parochy's 303 (31.12.2018)
Lokaasje bisdom Mainz yn Dútslân
Lokaasje bisdom Mainz yn Dútslân

It bisdom bestiet al langer as 1600 jier, wêrfan goed 1000 jier as aartsbisdom. De aartsbiskoppen fan Mainz hiene as karfoarsten en aartskânslers in soad ynfloed yn it Hillige Roomske Ryk.

Mainz is njonken Rome it iennige bisdom fan 'e wrâld, dat de titel fan 'Hillige Stoel' drage mei.

Skiednis bewurkje seksje

It begjin fan it bisdom yn 'e Romeinske en Frankyske tiid bewurkje seksje

Mooglik ûntstie yn Mainz al yn 'e twadde iuw in kristlike gemeente. Neffens biskop Irenaeus fan Lyon wiene der nammentlik kristenen yn Germania Secunda. Yn dy tiid wie Mainz de haadstêd fan 'e Romeinske provinsje Germania Superior. Dêrom kin it hiel goed wêze dat de biskop ferwiisde nei in gemeente yn Mainz.

Sûnt de 4e iuw is der mear ljocht op de sitewaasje, al bestiet der ûnwissens oer de nammen fan 'e earste biskoppen. Dy nammen binne ôfkomstich fan in letter opstelde list, dy't op in letter stuit ek nochris ferskillene kearen oanfolle waard. Gjin rekkening hâldend mei dy list kin steld wurde dat de earste wisse biskop fan Mainz Sidonius fan Akwitaanje († nei 580) wie, dy't al yn 'e Frankyske tiid it bisdom tawiisd krige. Sidonius wie feitlik ek hear fan 'e stêd Mainz en hy wie it dy't de stêd nei it Grutte Folkeferfarren wêr ta bloei brocht. Oan him is ek de ferearing fan Sinte-Marten yn 'e domtsjerke fan Mainz te tankjen. Ek hjoed-de-dei is Sinte-Marten noch de patroanhillige fan it bisdom.

 
Bonifatius

Yn 'e tiid fan it Frankyske bewâld sette lykwols al gau it ferfal fan it tsjerklik libben en it Ryk útein. Yn 'e 7e en 'e 8e iuw waarden dêrom ek muontsen út Ierlân en Skotlân as misjonarissen nei it fêstelân stjoerd. In generaasje letter wie Bonifatius de wichtichste fertsjintwurdiger fan 'e Angelsaksyske missy yn it Frankyske Ryk en al gau hie Bonifatius de lieding fan 'e Frankrykse Tsjerke. Yn 745 folge de beneaming fan Bonifatius as biskop fan Mainz.

Bonifatius gie yn 753 op in missyreis en liet it bestjoer fan it bisdom oer oan syn learling Lullus, dy't er as koarbiskop beneamd hie. Nei't Bonifatius yn 754 fermoarde waard, folge Lullus him as biskop fan Mainz op. Biskop Lullus is der yn slagge om it bisdom yn 780 of 782 ta in aartsbisdom te ferheffen. Oan dat aartsbisdom wie in rige suffragane bisdommen ûndergeskikt: ynearsten Worms, Spiers, Würzburg en Eichstätt en letter ek Konstanz, Straasburch, Paderborn, Halberstadt, Verden, Hildesheim, Chur, Augsburg, Havelberg en Brandenburch (beide oant 968), Praach en Olomouc. Dêrmei wie it aartsbisdom Mainz noardlik fan 'e Alpen de grutste tsjerkeprovinsje.

Midsiuwen bewurkje seksje

 
Aartsbisdom Mainz, ± 1000.

Nei de opdieling fan it Frankykse Ryk yn in East- en Westfrankysk Ryk soene de aartsbiskoppen fan Mainz in wichtige rol spylje yn it Ryk. De Eastfrankrykse kening Hindrik de Fûgelder beneamde aartsbiskop Heriger yn it jier 922 ta aartskapelaan fan 'e hôfkapel. Sadwaande waard de hiele geastlike stân fan it keninklike hôf ûndergeskikt oan de aartsbiskop fan Mainz. Keizer Otto I de Grutte, dy't troch aartsbiskop Hildebert ta kening salve en kroand wie, line yn syn regear noch mear op 'e biskoppen en beliende de aartsbiskoppen mei hege amten yn it Ryk. De aartsbiskop wie op dat stuit net allinne mear de heechste geastlike fan it aartsbisdom en fan it Eastfrankyske Ryk, mar tagelyk ryksfoarst.

Yn 955 neamde aartsbiskop Wilhelm fan Mainz him foar it earst in "tsjinder fan 'e Hillige Stoel fan Mainz". Dy titel wurdt ek hjoed-de-dei noch troch it bisdom brûkt. Yn it jier 965 waard er lykas guon fan syn foargongers ek beneamd ta aartskapelaan. Dat amt, letter it aartskânsleramt neamd, wie dêrnei oan it ein fan it Hillige Roomske Ryk mei de biskopssit fan Mainz ferbûn.

 
Aartsbiskop Willigis 975-1011

It beneamen fan 'e oan it hôf wurkjende Willigis as aartsbiskop fan Mainz wie fan grutte bestjutting foar it bisdom Mainz. Willigis beskôge himsels as de plakferfanger fan 'e paus noardlik fan 'e Alpen en hy liet yn 'e stêd in foar dy tiid ûnbidich grutte katedraal bouwe. Ek wie Willigis in betûft politikus en op 'e Ryksdei fan Verona yn 983 wist er fan keizer Otto II in soad lân te krijen yn it Ryn- en Nahegoa. Yn dy gebieten wie de aartsbiskop no de baas en dat soe lette liede ta it karfoarstedom Kar-Mainz.

 
Mei de bou fan de hjoeddeiske domtsjerke waard 'e 10e iuw útein set.

Mei't yn it Hillige Roomske Ryk de keninklike erfopfolging troch sibskip net bestie en in nije kening altiten keazen wurde moast, waarden ek de keazen aartsbiskoppen fan Mainz automatysk politikus yn it Hillige Roomske Ryk. De aartsbiskop fan Mainz wie ien fan 'e sân karfoarsten dy't dat kiesrjocht hiene. Formeel wie de aartsbiskop fan Mainz de heechste ryksfoarst, dy't it rjocht hie om in kiesgearkomste byinoar te roppen en foar te sitten. Ek wie de Mainzer karfoarst in belangrike skeakel tusken de keizer en paus by it grutte oantal konflikten tusken it Ryk en it Sacerdotium.

Reformaasje bewurkje seksje

 
Kaart fan it territoarium fan it aartsbisdom Mainz om 1500 hinne.

Alhoewol't de tsjerke al langer wist dat der herfoarmings nedich wiene, waarden der gjin konkrete plannen makke om dy ôf te twingen. It protest fan Marten Luther yn 1517 tsjin de hannel yn ôflaten wie genôch om in skuorring fan 'e Westerske kristenheid yn gong te setten. Yn dy tiid wie Albrecht fan Brandenburch aartsbiskop fan Mainz en ek foar him soe dat gefolgen krije, om 't er finansjeel ôfhinklik wie fan 'e Dominikaan Johann Tetzel, ien fan 'e grutte oantruners fan 'e hannel yn ôflaten.

De reformaasje en kontrareformaasje laten ta grutte konflikten. It aartsbisdom ferlear in soad fan syn kleasters en abdijen en de tsjerklike jurisdiksje oer it Hessyske-Thueringske gebiet. Dat gebiet kaam yn hannen fan 'e protestantske lânstsjerke fan 'e lângreve fan Hessen. Ek ferlear it bisdom gebiet yn it suden, dat it protestantske karfoarstedom Palts waard. It aartsbisdom sels koe allinne katolyk bliuwe om 't it kapittel fan Mainz by biskopsferkiezings hieltiten wer op in katolike kandidaat stimde.

De Tritichjierrige Kriich brocht it roomske aartsbisdom in soad geweld en ferneatiging. De yn 1647 as aartsbiskop beneamde Johann Philipp von Schönborn slagge der lykwols yn om it aartsbisdom wer stabiliteit te jaan. Hy wie by de fredesûnderhannelings yn Múnster en Osnabrück en ek by de besluten oer de herfoarmings op it Konsylje fan Trente, dy't er dêrnei yn syn eigen bisdom útfierde.

Barok en Ferljochting bewurkje seksje

 
It ûnder Lothar Frans von Schönborn boude Slot Weissenstein yn Pommersfelden.

Aartsbiskop Johann Philipp von Schönborn wie in barokke aartsbiskop en yn syn tiid makke Mainz in gouden tiid mei. Yn it bisdom krewearren de aartsbiskoppen foar in ferbettering fan it katolisisme yn it bisdom. Belangryk dêrby wie dat yn 1685 it karfoarstedom Palts wer in katolike foarst as lânshear krige. Yn dy tiid waarden in soad nije tsjerken en oare barokke gebouwen boud, fral ûnder aartsbiskop Lothar Frans von Schönborn.

De Ferljochting krige ûnder aartsbiskop Emmerich Joseph von Breidbach zu Bürresheim ek yn it aartsbisdom ynfloed en late ta in grut herfoarmingsproses. Yn it bisdom waarden feroarings yn ûnderwiis en religieuze oardes ynset. Lang om let laten de ideeën fan 'e Ferljochting ta de Frânske Revolúsje, dy't oersloech nei it Hillige Roomske Ryk en ek dêr fan grutte ynfloed wie. Dy ûntwikkeling betsjutte ek de ûndergong fan it aartsbisdom Mainz.

De ein fan it aartsbisdom Mainz en Kar-Mainz bewurkje seksje

 
It karfoarstelik slot fan Mainz.

Yn it Hillige Roomske Ryk waard de Frânske Revolúsje as in bedriging sjoen en de âlde krêften bondelen harren krêften tsjin Frankryk. Sels de aartsbiskop fan Mainz en karfoarst Friedrich Karl Joseph von Erthal waarden ûnderdiel fan dy koalysje. Yn july 1792 ferklearre Frankryk de oarloch en al gau slaggen de Frânsen der yn om troch te stjitten nei Mainz. De Frânsen feroveren de stêd yn 1792, mar moasten de stêd yn maart 1793 wêr ôfstean oan troepen fan 'e Koalysje.

Yn 1797 slagge Frankryk der wer yn om defityf troch te stjitten mei fan gefolgen dat de gebieten op 'e lofter kant fan 'e Ryn oan Frankryk oerdroegen wurde moasten dus ek de stêd Mainz. Nei't yn 1799 Napoleon oan 'e macht kaam, waard de Frânske tsjerke reorganisearre. Mei resten fan 'e bisdommen Worms, Spiers en Metz foarme Napoleon yn 1802 it nije bisdom Mainz. Dat bisdom waard suffragaan fan it aartsbisdom Mechelen. It karfoarstedom Kar-Mainz waard mei it Reichsdeputationshauptschluss ôfskaft en dat betjutte ek de ein fan 'e tsjerkeprovinsje Mainz.

Het bisdom Mainz yn 1814 bewurkje seksje

Nei de nederlaach fan Napoleon waarden de gebietsferoarings fan 1797 werom draaid en dat hie op it Weenske Krongres as gefolch dat der drege ûnderhannelings foar de needsaaklike tsjerklike reorganisaasje nedich wiene. It bisdom Mainz waard op 'e nij ynrjochte yn it Gruthartochdom Hessen en as suffragaan bisdom ûnder it aartsbisdom Freiburg steld. Yn 1821 waarden de grinzen mei de pauslike circumscriptiobul "Provida solersque" op 'e nij fêststeld en dy grinzen binne noch de grinzen fan it bisdom en wurde foarme troch it eardere Gruthartochdom Hessen-Darmstadt en de Baden-Wuerttemberchske enklave Bad Wimpfen, dat eartiids ek diel útmakke fan it gruthartochdom en letter, oant 1945, fan 'e Folkssteat Hessen.

Yn 'e lette 19e iuw wûn biskop Wilhelm Emmanuel von Ketteler it maatskiplike debat yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke oer de sosjale ensyklyk fan paus Leo XIII, itjinge foar it hiele katolisisme betsjutting hie.

Hjoed-de-dei bewurkje seksje

De fikaris-generaal Philipp Jacob Mayer naam al betiid ôfstân fan it nasjonaalsosjalisme, op in stuit dat it noch net de hâlding wie fan it hiele Dútske episkopaat. Minsken en organen fan it bisdom wiene yn 'e nasjonaalsosjalistyske tiid regelmjittich it doel fan de antytsjerklike polityk fan Berlyn. De oarloch brocht lang om let it hiele bisdom in soad skea en lijen. Nei 1945 moasten in soad minsken opfongen wurde út East-Europa en dat late ta de bou fan in soad nije parochytsjerken.

Fan grut belang wie it Twadde Fatikaanske Konsylsje yn 'e jierren 1960 mei de ynfiering fan belangrike liturgyske feroarings.

Sûnt 2004 is der yn it bisdom in fernijingsproses útein set dat in brede basis hat en parochy's oantrúnt om tegearre binende netwurken te foarmjen foar gearwurking tusken de pastorale ferbannen en groepen.

Belangrike tsjerken bewurkje seksje

Bibleteek bewurkje seksje

De Martinus Bibleteek is yn 'e binnenstêd fan Mainz yn it Arnsburger Hof ûnderbrocht. De bibleteek is in wittenskiplike bibleteek fan it seminaarje fan it bisdom.

Museum bewurkje seksje

Njonken de katedraal stiet it katedraal- en biskoplike museum fan Mainz. It is mei 2000 m² útstallingsromte ien fan 'e grutste musea fan syn soarte yn Dútslân.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Bistum Mainz